Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Slachskip

Ut Wikipedy
DeUSSIowa toant de fjoerkrêft fan syn njoggen 16 inch- en seis 5 inch-kanonnen.

Inslachskip is in grutpânsereoarlochsskip, dat tarist is mei ien of mearbatterijenswier geskut, besteande útkanonnen fan in swierkaliber. Yn it lêste fearn fan 'enjoggentjinde iuw en de earste tritich à fjirtichjier fan 'etweintichste iuw wie it slachskip it grutste en krêftichste type oarlochsskip dat der wie. De doetiidskefloaten fangrutmachten as itFeriene Keninkryk, itKeizerryk Dútslân,Frankryk, deFeriene Steaten enJapan wiene konsintrearre om slachskippen hinne. Tsjin 'e tiid dat yn1939 deTwadde Wrâldoarloch útbriek, wie it slachskip lykwols efter de tiid rekke, mei't oaremarineskippen folle brûkberder blieken foar deoarlochfiering op see, lykas de lytsere en fluggeretorpedoboatjager, de glûpskedûkboat en it breder ynsetberefleandekskip. Hoewol't inkele slachskippen in nij doel krigen as farrend platfoarm foarfjoerstipe en/ofstjoerde raketten, wiene der mar in bytsje lannen dy't nei1960 noch sokke skippen yn aktive tsjinst hiene. De alderlêste slachskippen waarden oan it begjin fan 'e1990-er jierren ôftanke.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Heechtijdagen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De term 'slachskip' rekke oan 'e ein fan 'e1880-er jierren foar it earst yn formeel gebrûk as namme foar in typeizerbeklaaid oarlochsskip, dat trochhistoarisy no oantsjut wurd as depre-dreadnought. Om1900 hinne wiene slachskippen insymboal fan dominânsje opsee en fan nasjonalemacht. Sadwaande foarmen slachskippendesennia lang in wichtige faktor yn sawoldiplomasy as oangeandemilitêrestrategy. Yn 'e1890-er jierren begûn ynJeropa inwapenwedrin op it mêd fan slachskippen, dy't letter oersloech nei oare dielen fan 'e wrâld (te witten:Japan en deFeriene Steaten). Dy wapenwedrin kulminearre yn1905 yn 'eSlach by Tsushima.

DeUSSTexas út1912, it iennichste bewarre bleaune slachskip út itdreadnought-tiidrek.

De útkomst fan dyseeslach oefene in sterke ynfloed út op it ûntwerp fan 'eHMSDreadnought (oersetting: "Freestneat"). Dat wie in skip fan 'eBritske Keninklike Marine, dat yn1906 foar in revolúsje op it mêd fan slachskipûntwerp soarge. Neifolgjende slachskippen, wêrfan't it ûntwerp sterk troch dat fan 'e HMSDreadnought beynfloede wie, waarden oantsjut as "dreadnoughts", hoewol't dy term nei ferrin fan tiid efterhelle rekke doe't der wrâldwiid noch mar ien type slachskip (dedreadnought) yn aktive tsjinst wie. Detewetterlitting fan 'e HMSDreadnought foarme sadwaande it begjin in nije wapenwedrin.

Lykwols fûnen der yn 'e hieleskiednis fan oarlochfiering op see mar trije seeslaggen plak dy't útfochten waarden trochstielen slachskippen. Dat wiene deSlach yn 'e Giele See yn1904 en de al neamdeSlach by Tsushima yn1905, dy't beide ta deRussysk-Japanske Oarloch hearden (en resultearren yn klinkende oerwinnings foar de modernereJapanske float), en de (ûnbeslist einige)Slach by Jutlân yn1916, tusken de marines fan itFeriene Keninkryk en itKeizerryk Dútslân, ûnder deEarste Wrâldoarloch. De Slach by Jutlân wie it iennichste grutskalige treffen tusken slachskippen fan ferskillende lannen, en foarme mei-iens ek it hichtepunt yn 'e ûntwikkeling en tapassing fan sokke oarlochsskippen.

DeSMSSzent István, in slachskip fan 'eEastenryksk-Hongaarskemarine, kapseist nei't it troffen is trochtorpedo's fanItaljaanskemotortorpedoboaten ynjuny1918.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'e1920-er en1930-er jierren waard it tal slachskippen dêr't in lân oer beskikke mocht troch de sluting fan 'eMarineferdraggen oan bannen lein, hoewol't detechnyskeynnovaasje fan slachskippen fuortset waard. Sawol deAlliëarden as deAs-lannen giene troch mei it bouwen fan slachskippen oant fier yn 'eTwadde Wrâldoarloch, hoewol't it slachskip doe al dúdlik op it twadde plan kommen wie te stean fanwegen de opkomst fan itfleandekskip. It bekendste slachskip út 'e Twadde Wrâldoarloch wie deBismarck, dy't ynmaaie1941 troch de Britske Keninklike Marine ta sinken brocht waard nei in lange efterfolging oer deAtlantyske Oseaan.

Yn1940 kamen deDútske slachskippen deScharnhorst en deGneisenau foar de westkust fanNoarwegen it Britske fleandekskip deHMSGlorious oer it mad en brochten it ta sinken. Dat wie de iennichste kear dat in fleandekskip ea troch kanonnefjoer fan oare skippen ta sinken brocht waard. Letter yn 'e oarloch kaam lykwols de kwetsberens fan slachskippen foar fleandekskippen oer ferskate kearen dúdlik oan it ljocht, lykas by de Japanskeoanfal op Pearl Harbor, op7 desimber1941, wêrby't fiif fan 'e acht dêr oanwêzige Amerikaanske slachskippen ta sinken brocht waarden, en trije dagen letter by itta sinken bringen fan it Britske slachskip deHMSPrince of Wales en de begeliedendeslachkruserHMSRepulse, troch Japanskebommesmiters yn 'e neite fanMalakka.

Itnazy-Dútske slachskip deBismarck yn1940.

Der waarden, sels yn syn heechtijdagen, fraachtekens pleatst by de militêre wearde fan it slachskip. Fan 'e beslissende seeslaggen dy't foarstanners foar eagen stiene, en dêr't se de ûnbidige kosten fan 'e bou fan sokke giganten fan 'e see mei besochten te ferantwurdzjen, kaam net folle op 'e hispel. Sels mei al harren fjoerkrêft en bepânsering wiene slachskippen hieltyd kwetsberder foar folle lytsere en relatyf goedkeapewapens: yn 't earstoan detorpedo en deseemyn, en letter ek debommesmiter en destjoerde raket. Ek de almar grutter wurdende ôfstân tusken de oan in seeslach dielnimmende floaten makke dat it fleandekskip wat foar hie op it slachskip. Geandewei de Twadde Wrâldoarloch, doe'tstiel hieltyd krapper waard, moasten úteinlik ek de taaiste oanhingers fan it slachskip belies jaan. De BritskeHMSVanguard, dy't yn1944 te wetter litten waard, wie it lêste slachskip dat ea makke waard.

It slachskip ôftanke

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch hellen de measte marines harren slachskippen yn 'e twadde helte fan 'e1940-er jierren of yn 'e1950-er jierren út 'e feart. De HMSVanguard wie it lêst oerbleaune Britske slachskip, en waard yn1960sloopt.Frankryk enSweden tanken harren lêste slachskippen ôf yn1970, enTurkije die itselde yn1976.

DeUSSMissouri, ien fan 'e lêste slachskippen yn aktive tsjinst.

De fjouwer lêste slachskippen yn aktive tsjinst wiene deUSSIowa, deUSSNew Jersey, deUSSMissouri en deUSSWisconsin fan 'eAmerikaanske Marine. Dy waarden nei de Twadde Wrâldoarloch brûkt as platfoarms foarfjoerstipe, wat delkomt op farrende kanonnen. Se waarden ferskate kearen ôftanke en wer yn 'e tsjinst nommen. Alle fjouwer skippen waarden ynset yn 'eKoreaanske Oarloch en deNew Jersey tsjinne ek yn 'eFjetnamoarloch en deLibaneeske Boargeroarloch (1983-1984). DeMissouri, dy't bekend stie as "Mighty Mo", en deWisconsin waarden yn1991 noch ynset ûnder deEarste Golfoarloch. Neitiid waarden se wer yn 'e motteballen lein en yn2000 waarden se definityf út it AmerikaanskeMarineskipregister skrast. Tsjintwurdich hawwe deMissouri en ferskate oare slachskippen in nije funksje krigen asmuseumskip.

Trivia

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De term 'slachskip' wurdt yn itFrysk en itNederlânsk (slagschip) tsjintwurdich benammen brûkt foar in hiel bombidich eksimplaar fan it ien of oar. Sa wurdt in tige grutteauto, lykas inlimûsine, wol oantsjut as in slachskip.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther Reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBattleships fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Slachskip&oldid=1004811"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp