Deslach by Sulz am Neckar, ek wol bekend as de slach by Solicinium, fûn plak yn368 tichtebySulz am Neckar tusken itRomeinske leger, ûnder oanfiering fan keizerFalentinianus I en deAllemannen, nei alle gedachten ûnder lieding fan harren keningMakrianus.
Amper inkeld jierren nei de grutte delgong byStraatsburch yn357 wienen de Allemannen op 'e nijGalje ynkrongen. Al sûnt365 wie it Romeinske leger ûnder befel fan keizier Falentinianus I oan it fjochtsjen tsjin de Allemannen. By Scarpona (Charpeigne) enChâlons-sur-Marne waarden troch de Romeinen oerwinnings helle, mar dy hiene gjin langduorrich effekt hân, want yn368 stutsen de Allemannen op 'e nij deLimes by deRyn oer en oermasteren de stêd Moguntiacum (Mainz) en plonderen har.
Falentianus brocht in grut leger byinoar en stuts de Ryn oer. Oant djip yn harren kearngebiet foel er de Allemannen oan en by de ruïnes fan de eardere stêd Solicinium (Sulz am Neckar, yn deNeckardelling, of Schwetzingen) stuite hy op de legermacht fan de Allemannen. Mei in soad muoite en mei swiere ferliezen waard dizze slach troch de Romeinen wûn.
Om't de Romeinen yn de slach grutte ferliezen hienen, waard Falentianus twongen syn fjildtocht tsjin de Allemannen ôf te brekken en sette hy mei it leger werom nei Galje. Dêr makke er in begjin mei de werstelling fan deLimes. Under Falentianus soenen ferskate nije forten boud wurde oan de Ryn-grins en trije jier letter, yn370 sluet Falentianus lang om let frede meiMakrianus.