Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Senario

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanSkript)

Insenario of inskript (Ingelske fariantscreenplay) is in skriftlik wurk makke troch insenarioskriuwer, mei dêryn de ferhaallinen dêr'tfilms,tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's,strips enfideospultsjes op basearre binne. In senario kin in oarspronklik (folslein nij) wurk wêze, mar it kin ek ûntliend wêze oan in al besteand wurk (lykas oan inroman dy't ferfilme wurde sil). In senario is sa gearstald dat de tekst op ien side likernôch oerienkomt mei it tiidsferrin fan ien minút op it skerm. De ynhâld bestiet hast folslein út dialooch. Yn in saneamdshooting script, dat ek wurklik brûkt wurdt om in film of programma neffens op te nimmen, binne de sênes nûmere, en wurde bykommende oanwizings jûn foar derezjy. Yn inspec script (dat in wurk is dat in senarioskriuwer op eigen manneboet produsearre hat, sûnder dêr opdracht ta krigen te hawwen) of in kladskript binne de sênes nèt nûmere en binne de rezjyoanwizings ta it minimum beheind. Yn 'eFeriene Steaten moat ferplichte meiUS Letter-papierformaat, defontCourier en lettergrutte 12 wurke wurde. YnJeropa wurdtA4-papier brûkt en is der gjin ferplichte font of lettergrutte. De dialooch is op it papier sintrearre, en de nammen fan 'e personaazjes wurde mei haadletters foar harren tekst skreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Further reading enReferences, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Senario&oldid=971323"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp