Oant it ferlies fan 'e Skotske ûnôfhinklikens, yn1707, wie it Skotsk de bestjoerstaal fan Skotlân, mar nei't it troch de uny meiIngelân alle politike status kwytrekke wie oan itIngelsk, ferlear it ek syn maatskiplik oansjen. Dêrnei waard it lange tiid beskôge waard as in Ingelskdialekt, mar sûnt1997 wurdt it Skotsk troch itBritske regear erkend as in lânseigenminderheidstaal. Neffens de Britske folkstelling fan2011 waard it Skotsk doe yn itFeriene Keninkryk troch 155.000 minsken asmemmetaal sprutsen. It tal sprekkers ynIerlân leit om 'e 10.000 hinne.
Hoewol't de offisjele namme fan 'e taal gewoan "Skotsk" is, wurde soms oare nammen oanholden om it ûnderskie mei de oare talen en dialekten ynSkotlân dúdliker te meitsjen. Sa is der de oantsjutting Leechlânsk-Skotsk, yn it Ingelsk:Lowland Scots, om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet. Yn it Skotsk wurdt dan fanLallans sprutsen, in gearlûking fan it oarspronklikeLawlands, "Leechlânsk". Oare nammen foar it Skotsk binneBraid Scots ("Breedskotsk") enDoric ("Doarysk"), hoewol't dat eins in namme is foar itSintraal Noardskotsk, in subdialekt dat westlik en noardlik fanAberdeen sprutsen wurdt. YnNoard-Ierlân hjit it Ulsterskotske dialekt yn 'e eigen taalUlstèr-Scotch, mar tsjintwurdich wurdt dat ek wol gauris oantsjut asUllans, inneologisme dat Ulster enLallans mei-inoar kombinearret.
It taalgebiet fan it Skotsk omfiemet it hiele leechlân fan Skotlân, fan 'e Ingelske grins yn it suden oant deSkotske Heechlannen yn it noardwesten. Fierders hearre ek deOrkney- enSjetlâneilannen, dy't benoarden Skotlân yn 'eNoardsee lizze, ta it Skotske taalgebiet, mei dêropta de noardeastpunt fan itskiereilânCaithness, oftewol it gebiet om it plakThurso hinne, dat yn it uterste noarden fan it Skotske fêstelân leit. De Orkney- en Sjetlâneilannen en de krite om Thurso hinne waarden yn 'eMidsiuwen kolonisearre trochNoarskeWytsingen, en sadwaande waard yn dy kontreien foarhinneNorn sprutsen, inNoardgermaanske taal, dy't lykwols yn 'e midden fan 'enjoggentjinde iuw útstoarn is.
YnNoard-Ierlân falt it Skotske taalgebiet útinoar yn twa aparte gebieten. Dat binne it eastlike diel fan it súdeastlike greefskipDown, oan 'e eastkust fan Noard-Ierlân, en it noarden fan 'e noardwestlike greefskippenAntrim enDerry, oan 'e noardkust. Yn 'eIerske Republyk binne de Skotsksprekkers konsintrearre yn it sintrale diel fan it noardwestlike greefskipDonegal, tsjin 'e westgrins fan Noard-Ierlân oan.
Yn 'efyfde iuw ferlieten deAngelen en deSaksen massaal harren heitelân yn noardlikDútslân om as ûnderdiel fan itGrutte Folkeferfarren fan itJeropeeske fêstelân oer te stekken nei deBritske Eilannen. Dêrby namen se harren Germaanske dialekten mei, dy't har yn harren nije lân ûntjoegen ta itAngelsaksysk (of Aldingelsk). Yn 'esânde iuw stiften de Angelen yn noardlikIngelân it keninkrykNoardumbrje, en fan dêrút begûnen se yn 'eachtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'eBrytoanyskeKelten dêre. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele súdeasten fan Skotlân, oanEdinburch ta, en hiene se ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei deFlakte fan Kyle, yn 'e besnijing. Fan likernôch800 ôf brochten ynterne strideraasjes en ynfallen fan 'eWytsingen harren hegemony lykwols ûnder fuotten, en neitiid waard súdeastlik Skotlân ferovere troch it mienskiplik keninkryk fan 'ePikten en deGaelen, dêr't him itKeninkryk Skotlân út ûntwikkele.
Underwilens hie it Noardumbryske Angelsaksysk him tsjin 'e ein fan 'e sânde iuw foargoed yn it súdeasten fan Skotlân fêstige, alhiel oan 'e rivier deForth ta, en de ferskowende grinzen feroaren dêr letter neat mear oan. Wylst itSkotsk-Gaelysk yn Skotlân doedestiden de bestjoers- en hoftaal wie, bleau it súdeasten in Angelsaksysktalich gebiet, dêr't him geandewei detolfde entrettjinde iuw in wat ôfwikende foarm fan itMidingelsk ûntjoech, dy'tAldskotsk (of Ier Skotsk) neamd wurdt. De wichtichste reden dêrfoar wie deymmigraasje fan Angelsaksen út it noarden en de midden fan Ingelân wei, wa har spraakgebrûk in sterke ynfloed fan itDeensk ûndergien hie. Lettere ynfloeden op it Skotsk kamen benammen fan ittsjerklik enjuridyskLatyn, fan itNormandyskeFrânsk fan in protte nijynkommeneallju en fan itParyskeFrânsk fia deAuld Alliance, it iuwenlange bûnsgenoatskip tusken Skotlân enFrankryk. Hoewol't de ynfloed fan it Latyn op it Ingelsk likernôch itselde west hawwe sil, krige it Skotsk folle minder en oare ynfloeden fan it Frânsk te ferduorjen. Boppedat wiene der noch oare ynfloeden dy't de kleau mei it Ingelsk grutter makken, wêrûnder dy fan itNederlânsk enNederdútsk fia de hannel, en troch ûntliening út itSkotsk-Gaelysk.
De histoaryske útwreiding fan it Skotske taalgebiet ynSkotlân enIerlân: Skotsk taalgebiet yn de9e iuw útwreiding oant begjin15e iuw útwreiding oant mids20e iuw
Fan 'etrettjinde iuw ôf begûn it taalgebiet fan it Skotsk him út te wreidzjen, wêrby't it bûten it oarspronklike súdeasten it earst oannommen waard yn 'e stêden. Tsjin it begjin fan 'efjirtjinde iuw hie it Skotsk, dat almar oanwûn oan prestiizje, it Frânsk, dat doe yn Skotlân krekt yn it neigean rekke, ferfongen as de wichtichste skriuwtaal yn it grutste part fan it easten fan it lân. Foar defyftjinde iuw wie it trouwens sa dat de namme "Skotsk" (Scottis) foarbeholden wie oan itKeltyskeSkotsk-Gaelysk, wylst it Leechlânsk-Skotsk fanInglis ofYnglis ("Ingelsk") neamd waard.
Om1400 hinne hie it Skotsk him lykwols ta in aparte taal ûntwikkele, dy't dúdlik net deselde wie as de taal dy't oare kant de grins yn Ingelân sprutsen waard, mar dy't noch in eigen namme miste. Fanôf likernôch1495 waard it wenst om meiScottis it Skotsk oan te tsjutten, wylst men doe foar it Skotsk-Gaelysk fanErse ("Iersk") begûn te sprekken. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk"). De oergong fan it Aldskotsk nei it histoaryske tiidrek fan itMidskotsk wurdt ornaris om1500 hinne lein, en falt dus ek sa'n bytsje gear mei dy ûntwikkeling.
Tsjin 'esechstjinde iuw hie it Midskotsk in eigenstavering enliterêre noarmen ûntjûn, dy't dúdlik oars wiene as dy't yn Ingelân foar it Ingelsk ûntwikkele waarden. Tusken1610 en de1690-er jierren ferfearen ûnder de saneamdePlantaazje fan Ulster likernôch 200.000protestantske, Skotsksprekkende Leechlanners nei it noarden fanIerlân, dêr't se har úteinlik ûntwikkelje soene ta deUlsterskefolksgroep, dy't yn 'e rest fan 'e wrâld better bekend is as de protestantske Noardieren. Hoewol't der ek Ingelske kolonisten wiene dy't har noardlik Ierlân nei wenjen setten, wiene der fiif of seis kear safolle Skotten.
Underwilens wie it Skotsk fan 'efyftjinde iuw ôf ûnder groeiende ynfloed fan it dominantere Ingelsk kommen te stean. Fral tige wichtich wie dêrby dat de earsteprintparse yn1476 ynLonden ynstallearre waard, mar dat Skotlân pas tritich jier letter syn earste printparse krige. Tsjin dy tiid wiene in protte teksten, lykas deSjenêvebibel, inoersetting fan 'eBibel, al yn it Ingelsk yn Skotlân ferspraat. In oare neidielige ûntwikkeling foar it Skotsk wie dat de Skotske keningJakobus VI yn1603 op 'e Ingelske troan kaam, mei as gefolch dat Skotlân en Ingelân yn inpersonele uny mei-inoar ferbûn waarden en it Skotske Keninklik Hof nei Londen ferhuze, dêr't de Skotske hofdichters de Ingelske taal oernamen. Mei't der doe noch altyd gjin Skotske bibeloersetting wie, naam deTsjerke fan Skotlân yn1611 de IngelsktaligeKing James Bible oan as de offisjele ferzje fan 'e Bibel, sadat it Skotsk fierhinne út 'e tsjerke ferballe waard.
Doe't Skotlân en Ingelân yn1707 ek in politike uny oangiene, wêrby't Skotlân syn ûnôfhinklikens ferlear, sadat it eigen Skotske regear en parlemint opheft waarden, ferlear it Skotsk foargoed syn status fan bestjoerstaal. Op dit punt wurdt ornaris de oergong fan it Midskotsk nei itNijskotsk lein. Neitiid besochten in protte lju yn liedingjaande posysjes yn it lânsbestjoer en it ûnderwiis it near te lizzen op it gebrûk fan it Skotsk, fral as skriuwtaal, mar ek as sprektaal. In protte Skotske notabelen út dy tiid, lykasDavid Hume enAdam Smith, woene har langer ek net mearSkotten neame, mar meaten harsels de namme "Noardbritten" oan. Hja diene alle war om har fan it Skotsk te ûntdwaan, mei't it Ingelsk de iennichste offisjele taal fan it nije feriene keninkrykGrut-Brittanje wie. Likegoed wiene der ek Skotten dy't har neat oan 'e nije moade gelegen lizze lieten, lykasAlexander Boswell, in lid fan it Heechgerjochtshôf fan Skotlân, dy't yn syn funksje asrjochter Skotsk prate en ta argewaasje fan guon tiidgenoaten sels yn syn skriuwen skottisismen net mijde. Oan it miene folk, dat noch in protte mei skriuwen op hie, noch folle omgong mei de heechste klassen hie, gie dizze ûntwikkeling fierhinne foarby, sadat it Skotsk tsjin1800 fierhinne de sprektaal fan 'e gewoane man wurden wie.
Oan 'e ein fan 'eachttjinde en it begjin fan 'enjoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen trochskriuwers asRobert Burns,Allan Ramsay enJames Orr, dy't troch eleminten út ferskate dialekten te brûken in nijestanderttaal ûntwikkelen. Dat late derta dat yn 'eFiktoriaanske Tiid Skotskekranten geregeldwei artikels en kommentaar yn it Skotsk werjoegen. Oan it begjin fan 'etweintichste iuw sakke dizze oplibbing lykwols wer fuort, en de standerttaal fan Burns-en-dy rekke yn 't ferjit, sadat der op it stuit gjin algemien akseptearre standert mear bestiet.
Tsjin 'e1940-er jierren fûn de ôfdieling Underwiis fan it Britske ministearje fan Skotske Saken dat it Skotsk"nearne de taal is fan lju dy't ûnderwiis genoaten hawwe, en net omskreaun wurde kin as in gaadlike drager foar ûnderwiis of kultuer." Der mocht dan op 'e skoallen yn Skotlân ek gjin Skotsk mear sprutsen wurde, en hoewol't de learlingen nei skoaltiid ûnderinoar oergiene ta it Skotsk, bemjuksen se generaasje nei generaasje almar mear Ingelsk yn harren praat. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw krige dat proses noch mear faasje troch de ynfloed fan 'e (Ingelsktalige) massamedia. Tsjin 'e milenniumwiksel wie it Skotsk yn in grut part fan it Skotske leechlân op it rântsje fan it útstjerren brocht.
Sûnt likernôch2000 is de hâlding fan 'e oerheid en it ûnderwiis foar it Skotsk oer wat feroare. Dat is fierhinne te tankjen oan it feit dat Skotlân sûnt1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer hat. Hoewol't it Skotsk nearne brûkt wurdt as ûnderwiistaal, wurdt der op in protte plakken yn it Skotske taalgebiet (fral op it plattelân) op skoalle no in beskate oandacht oan it Skotsk bestege. Dat bart oer it algemien lykwols as ûnderdiel fan 'e lessen Ingelsk, en hâldt meastal net folle mear yn as it lêzen fan in stikje Skotske literatuer en it beskôgjen fan it pleatslike dialekt. In protte fan it ûnderwiismateriaal foar sokke lessen is eins net yn it Skotsk skreaun, mar yn Standertingelsk dat in bytsje oanklaaid is as Skotsk, en dat hat sawol foar- as tsjinstanners fan Skotsk ûnderwiis ta razernij brocht. Wol bestiet der no in universitêre learstoel Skotsk. Bûten it ûnderwiis bliuwt it gebrûk fan it Skotsk yn 'e regel lykwols beheind ta sitewaasjes dêr't it gaadlik foar achte wurdt, lykaskomeedzje,kulturele gearkomsten en werjeften fan 'e "dagen fan alearen". Serieus gebrûk foarnijs,ensyklopedyen,dokumintêres,polityk, ensfh. komt selden foar, al jout de webside fan it Skotske Parlemint al wat ynformaasje yn it Skotsk.
Der bestiet oerfloedich bewiismateriaal dat it Skotsk foarôfgeande oan 'e Uny fan1707 rûnom beskôge waard as in selsstannige sustertaal fan it Ingelsk. Dêrby moat men tinke oan it bestean fan in aparte, Skotsktaligeliteratuer; de eigenstavering dy't him nettsjinsteande syn wat floeibere foarm ûnôfhinlik fan 'e Ingelske stavering ûntjoech; en it gebrûk fan it Skotsk as bestjoers-, hof-, wets- en tsjerketaal yn Skotlân. Pas nei de Uny, doe't it Skotsk syn status as bestjoers- en skriuwtaal ferlear, rekke it ek syn oansjen as selsstannige taal kwyt en waard it gauris en almar mear sjoen as in Ingelskdialekt. In hieltyd grutter part fan 'e Skotske befolking gie boppedat meitiid oer op it Ingelsk. Restanten fan it Skotsk yn it spraakgebrûk fan sokken waard faak beskôge asstrjittaal.
Hoewol't de status fan it Skotsk as selsstannige taal trochtaalkundigen oer it algemien (mar net unanym) akseptearre wurdt, rinne de mienings op dat mêd ûnder de Skotske befolking tsjintwurdich noch altyd sterk útinoar. Ut in ûndersyk út2010, dat yn opdracht fan it Skotske regear útfierd waard, die bliken dat 64% fan in represintative trochsneed fan 'e ynwenners fan Skotlân "net echt fynt dat it Skotsk in taal is". Lykwols die ek bliken dat "fan 'e lju dy't it faakst Skotsk prate, it leechste persintaazje fynt dat it Skotsk net in taal is (58%), wylst fan dejingen dy't nea Skotsk sprekke it heechste persintaazje dat fynt (72%)."
Men kin de relaasje dy't it Skotsk en it Standertingelsk mei-inoar hawwe, beskôgje as in lineêr bipolêrtaalkontinuum fan stadichoan yninoar oergeande taalfarianten, wêrby't itSkotsk-Ingelsk healwei sitewearre is. Yn Skotlân sprekt de grutte mearderheid fan 'e minsken in taalfariant dy't earne tusken Skotsk-Ingelsk en Skotsk yn sit. Wêr't yn dat kontinuum troch Ingelsk beynfloede Skotsk oergiet yn troch Skotsk beynfloede Ingelsk is eins net te sizzen. In protte sprekkers binne dêrby floeiend yn mear as ien taalfariant en brûke dat fermogen om har oan te passen oan ferskillende maatskiplike sitewaasjes. Sa sille se bygelyks mei buorman Skotsk prate, wylst se oergeane op it Ingelsk as se by dokter wêze moatte.
Sûnt1997 genietet it Skotsk fan itBritske regear erkenning asminderheidstaal ûnder Diel II fan itJeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Los dêrfan erkent it regionale Skotske regear it Skotsk as in "tradisjonele taal" fan Skotlân, al hat dat oant no ta noch net laat ta in offisjele taalstatus yn it lânsdiel. It Ulsterskotsk genietet ynNoard-Ierlân deselde erkenning troch it Britske regear as dy't it Skotsk yn Skotlân hat. Troch de dizenige formulearring fan 'e Britske opjefte ûnder it Jeropeeske Hânfêst (dy't fan "Skotsk en Ulsterskotsk" sprekt) bestiet der lykwol ûnienichheid oer oft dat betsjut dat it Ulsterskotsk as taal los fan it Skotsk erkend wurdt of net.
Yn 'eIerske Republyk hat it Skotsk ek in beskate erkenning as "tradisjonele taal", ûnder de oerienkomsten tusken Ierlân en it Feriene Keninkryk yn it ramt fan itNoard/Súd Taalorgaan (North/South Language Body), dy't datearje út1998. Ierlân hat lykwols noch altyd it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen net ûndertekene of ratifisearre. It Skotsk is fierders ek ien fan 'e "regionale talen" dy't erkenning genietsje binnen it ramtwurk fan 'eBritsk-Ierske Ried.
De fersprieding fan Skotsktaligen ynSkotlân neffens gegevens fan 'e folkstelling fan2011.
De organisaasje dy't giet oer de stavering fan it Skotsk en soartgelikense saken (ferlykber mei it foech dat deFryske Akademy op it mêd fan itFrysk hat), is yn Skotlân itScots Leid Center ("Skotske Taalsintrum"). Yn Noard-Ierlân en Ierlân ferfollet deBoord o Ulstèr-Scotch ("Ulsterskotske Ried") deselde funksje foar it Ulsterskotsk.
It hat bliken dien dat it tige dreech is om it krekte tal sprekkers fan it Skotsk fêst te stellen, allinnich al om't de fraach "Sprekke jo Skotsk?" ynterpretearre wurde kin as slaand op Skotsk,Skotsk-Ingelsk of selsSkotsk-Gaelysk. Skotske taalaktivisten fierden yn 'e njoggentiger jierren kampanje om fragen oer it Skotsk op 'e list fan 'e Britske folkstelling fan2001 te krijen, en itGeneral Register Office for Scotland fierde datoangeande yn1996 in proef út, wêrby't de Skotske befolking fragen oer de taal foarlein waarden. De útkomsten wiisden út dat der sa'n 1,5 miljoen sprekkers fan it Skotsk wiene, oftewol likernôch 30% fan 'e befolking (hjirby waard net frege nei memmetaal, mar allinnich nei sprekfermogen). Ek die bliken dat dit persintaazje ûnder de âlderein en ûnder legere maatskiplikeklassen oansjenlik heger lei as it lanlik gemiddelde.
In jier earder, yn1995, hie itScots Leid Quorum fan 'eUniversiteit fan Aberdeen in eigen ûndersyk dien, wêrfan't de útkomsten suggerearren dat der sa'n 2,7 miljoen Skotsksprekkers wiene. Sa't itGeneral Register Office ek grif tajoech, wiene harren fragen lang sa detaillearre net as dy fan 'e Universiteit fan Aberdeen. It ferskil yn útkomst wie dan neffens saakkundigen ek grutdiels werom te fieren op 'e sintrale fraach "Sprekke jo Skotsk?" Yn it ûndersyk fan 'e Universiteit fan Aberdeen waard dêroan taheakke: "... of in dialekt fan it Skotsk, lykas ...," wêrnei't in opsomming fan mooglike dialekten folge. Dat resultearre yn gruttere werkenning troch de lju dy't de fragelist ynfollen, mei't in protte Skotten harsels mids njoggentiger jierren blykber noch altyd seagen as lju dy't min útsprutsen engrammatikaal ynferieur Ingelsk sprieken ynstee fan in hiel oare taal.
Om't út 'e beide neamde ûndersiken bliek dat ien inkele fraach oer it Skotsk yn 'e folkstelling net foldwaan soe, en om't sa'n folkstelling neffens itGeneral Register Office net bedoeld wie om in grut ferskaat oan fragen oer ien ûnderwerp te stellen, waard úteinlik besletten om gjin fragen oer it Skotsk op te nimmen yn 'e folkstelling fan2001. Sadwaande wie de folktelling fan2011 de earste dy't fernaam nei de stân fan saken op it mêd fan it Skotsk. Dêrby waard frege nei it fermogen om Skotsk te ferstean, te sprekken, te lêzen en te skriuwen. Fan 'e likernôch 5,1 miljoen ynwenners fan Skotlân anderen sa'n 1,2 miljoen (24%) op alle fjouwer fragen fan "ja", wylst 3,2 miljoen op 'e trije lêste fragen fan "nee" antwurden en de oare 700.000 dêrtuskenyn sieten. Saakkundigen hawwe op grûn dêrfan it totale oantal Skotsksprekkers yn Skotlân fêststeld op 1.540.000 minsken (oftewol 30,0% fan 'e befolking). Der wiene lykwols mar 125.000 minsken (2,4%) dy't oanjoegen dat it Skotsk harmemmetaal wie.
De fersprieding fan Skotsktaligen ynNoard-Ierlân neffens gegevens fan 'e folkstelling fan2011.
YnNoard-Ierlân waard yn1999 troch deNorthern Ireland Life and Times Survey fêststeld dat 2% fan 'e befolking Ulsterskotsk spriek. Omrekkene kaam dat del op likernôch 30.000 minsken. Oare skattingen sieten dêrboppe, ien mei 35.000 yn Noard-Ierlân en in oarenien mei in tige optimistyske 100.000 ynklusyf de sprekkers yn 'e Ierske Republyk. Frjemd genôch binne de sprekkers yn Noard-Ierlân (neffens it Noardierske Ministearje fan Kultuer, Keunst en Frije Tiid) hast gelyk ferdield oerprotestanten enroomsen, hoewol't der yn absolute oantallen mear protestanske Ulsterskotsksprekkers binne. De konklúzje moat wêze dat it ferskynseltaal yn Noard-Ierlân, oars as de measte dingen dêre, neapolitisearre rekke is. By de Britske folkstelling fan2011 joegen krapoan 16.400 Noardieren (0,9%) oan dat se Ulsterskotsk ferstean, sprekke, lêze en skriuwe koene, wylst nochris goed 140.000 in beskaat taalfermogen oangeande Ulsterskotsk hiene. Dêrmei liket it oantal fan 30.000 memmetaalsprekkers noch altyd ridlik stekhâldend. Oangeande it tal sprekkers yn Donegal, yn 'eIerske Republyk, binne gjin offisjele sifers bekend, mar de grutte fan 'e Skotsktalige mienskip wurdt dêr op sa'n 10.000 leden skatten.
In ferrassende útkomst fan 'e Britske folkstelling fan2011 wie, dat der behalven yn Skotlân en Noard-Ierlân ek Skotsksprekkers ynIngelân enWales binne. Dêrby wiene de grutste oantallen krekt besuden de Skotske grins te finen, yn it uterste noarden fan Ingelân. Mar ek wiene der konsintraasjes yn kriten dêr't yn it ferline in protte Skotske arbeiders har nei wenjen set hiene, wêrûnderCorby, yn sintraal Ingelân, en de earderemynbougebieten fan it SúdingelskeKent.
It Skotsk hat, fral yn 'e iere stadia fan syn ûntjouwing, in sterke ynfloed fan itSkotsk-Gaelysk ûndergien, dat inKeltyske taal is. Wurden asloch ("mar"),clan ("lytse stamme (fan minsken)") englen ("delling"), dy't tsjintwurdich faak as typysk Skotsk beskôge wurde, binne eins ûntliend oan it Skotsk-Gaelysk.
Destavering fan itAldskotsk wie tsjin 'e midden fan 'esechstjinde iuw njonkelytsen min ofte mear standerdisearre wurden, mar troch depersonele uny fan Skotlân mei Ingelân waard fanôf1603 de ynfloed fan it Ingelsk op 'e Skotske skriuwtaal almar sterker. Nei de Uny fan1707 rekke it Skotsk as skriuwtaal fierhinne yn 'e nederklits, en doe't him yn 'e twadde helte fan 'eachttjinde iuw in weroplibbing foardie, wiene de âlde literêre foarmen yn it ferjit rekke. Sadwaande waard der doe in nije stavering ynfierd dy't dan wol basearre wie op 'e âlde hoftaal, mar dy't tagelyk ûntdien wie fan 'e mear ôfwikende Skotske foarmen, dêr't Ingelske foarmen foar yn 't plak kamen.
Lufe God abufe al and yi nychtbour as yi self ("Hâld fan God boppe al en fan jins nêste as fan jinsels"), in tekst yn it Aldskotsk op itJohn Knox Hûs ynEdinburch.
Hjirby waard ek de saneamdeûntskuldigjende apostrof yntrodusearre, in nuveraardich ferskynsel, dat ynfoege waard op plakken dêr't it korrespondearjende Ingelske wurd inkonsonant hie dy't yn it Skotsk net foarkaam. Sa waard it Skotske wurd foar itmulwurd "nommen" fan dy tiid ôf skreaun asta'en (útspr.: "teen"), mei de apostrof op it plak fan 'e k yn it Ingelsketaken. Om'tBarbour dit wurd yn 'efjirtjinde iuw stavere astane, en der dus yn it Skotsk al 700 jier gjin k yn foarkomt, wurdt it oanjaan fan it fuortlitten fan 'e k troch in apostrof yn te foegjen tsjintwurdich oer it algemien as ûnsinnich en ûnnoazel beskôge, sadat de moderne staveringtaen wurden is.
Desinsbou fan it moderne Skotsk hat deselde struktuer as it Ingelsk:persoansfoarm-tiidwurd-saaklik foarwerp. Ferlykje it IngelskeHe turned out the light ("Hy die it ljocht út") mei it SkotskeHe turnt oot the licht. Ynstee fan 'e Ingelske foarmGive it to us! ("Jou it ús oer!") jout it Skotsk lykwols de foarkar oan 'e folchoarderGie's it (wêrby't de apostrof-s koart is foarus). Fierders wurdt itbeskaat lidwurdthe ek foarjiertiden, dagen fan 'e wike, sykten en guon oarehaadwurden pleatst dêr't dat yn it Ingelsk net kin. Krekt as yn it Frysk ferfangt it ûnbeskaat lidwurd yn it Skotsk ek faak itbesitlik foarnamwurd.
Dêrnjonken hat it Skotsk ferskate sterke meartalsfoarmen dy't it Ingelsk net hat:ee -een ("each" -"eagen");cauf -caur ("keal" -"keallen");horse -horse ("hynder" -"hynders");cou -kye ("ko" -"kij"); enshae -shuin ("skoech" -"skuon"). En ek oars as yn it Ingelsk (mar krekt as yn it Frysk) bliuwe de nammen fan mjitten en gewichten yn it Skotsk yn it meartal itselde as yn it inkeltal. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan it Skotsk is fierders dat itbywurd "net" (na, soms ek stavere asnae) oan it tiidwurd fêstheakke wurdt:I canna ("ik kin (it) net"),I daurna ("ik doar (it) net"),it michtna ("it soe miskien net").
Yn 'efonology fan it Skotsk wykt itfokaalsysteem benammen ôf fan it Ingelsk troch it foarkommen fan 'e koarte a ([a] of [ɑ], lykas yn "bak") en detwaklanken ai ([ai] lykas yn 'eWâldfryske útspraak fan "laitsje") enow. Dy lêste klank wurdt útsprutsen as [ʌu]: de Ingelske u fanbut, folge troch de û fan "rûch"; as er folge wurdt troch in -k, kin dizze klank útskaaie nei de lange oo fan "rook". Fierders komt yn in protte dialekten ek de eu ([ø], stavere asui ofeu) foar. En de lange aa ([ɑ:], stavere asau of soms asaw) komt yn it Skotsk folle faker foar as yn it Ingelsk.
Ek oangeande dekonsonanteynventaris binne der guon ferskillen. It bekendst dêrfan is dat it Skotsk de [x] (ch fan "berch") beholden hat, net inkeld yn it lienwurdloch, mar ek yn wurden dêr't er út it Ingelsk weiwurden is, lykas ynnicht ("nacht"),dochter ("dochter"),dreich ("somber", fan waar), ensfh. As dech lykwols foarkomt oan it begjin fan in wurd of foljgend op in r, dan is it net de ch fan "berch", mar de tsj fan "tsjerke", lykas ynairch ("bôge"). Ek hat it Skotsk krekt as guon Ingelske dialekten deglottisslach ([ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"), dy't dedintaleplofklanken t en d ferfangt as dy tusken twa fokalen steane (en soms ek yn wurdeinige posysje).
Fierders beskikt it Skotsk, krekt as it Ingelsk, oer sawol destimhawwende as destimleaze th ([ð], resp. [θ]), al kin de stimleaze th oan it begjin fan wurden wol útsprutsen wurde as in h, lykas ynthing ("ding") enthink ("tinke"). De z wurdt mar komselden brûkt om 'e [z] (fan "sizze") mei wer te jaan; it is folle faker in oerbliuwsel fan 'e Angelsaksyske letteryogh (ȝ), dy't meast útsprutsen wurdt as [ʤɪ] ("dzji"), lykas yngaberlunzie ("bidler") en nammen asMenzies enMackenzie. De r wurdt krekt as yn it Frysk rôljend útsprutsen. Fierders makket it Skotsk noch ûnderskie tuskenw ([w], fan "skowe") enwh (útsprutsen as [ʍ], "chw"). Yn noardlike dialekten wurde boppedat de konsonanteklusterskn,gn enwr útsprutsen as [kn] (lykas yn "knyn"), [ɡn] (lykas yn "gnize") en [vr] (lykas yn "wraam"), wylst yn súdliker dialekten, krekt as yn it Ingelsk, de earste fan 'e beide letters hieltyd stom is.
It Skotsk bestiet út fjouwer dúdlik ûnderskate regionaledialekten, mei dêropta instedsdialekt. Fanwegengeografyske enpolitike omtinkens wurdt itUlsterskotsk gauris as sechsde dialekt tafoege, hoewol't it eins in subdialekt is. De yndieling yn dialekten is sa:
itEilânskotsk, sprutsen op 'eOrkney- enSjetlâneilannen. Dit is it meast ôfwikende dialekt, mei't it insubstraat fan itNoardgermaanskeNorn omfiemet, dat oant yn 'enjoggentjinde iuw noch op 'e beide eilannegroepen sprutsen waard. It Eilânskotsk is mar kwealk ûnderling fersteanber mei de súdlike dialekten, en dêrom wurdt it yn wittenskiplike fermiddens soms ek wol as in aparte taal beskôge.
itNoardskotsk, rûchwei sprutsen benoarden de rivier deTay en de stêdDundee. Dit dialekt wykt ek frijwat ôf fan 'e súdliker dialekten, mar net safolle as it Eilânskotsk. It Noardskotsk falt útinoar yn trije subdialekten:
itSúdlik Noardskotsk, sprutsen tusken de rivier deTay yn it suden en de rivier deDee yn it noarden;
itMiddenskotsk (dat net betize wurde moat mei it histoaryske tiidrek fan itMidskotsk), sprutsen yn it grutste part fan it Skotske leechlân en by de eastkust lâns rûchwei oant de rivier deTay yn it noarden. Ta it taalgebiet fan it Middenskotsk heart ek iteilânBute, foar de Skotske westkust, en de eastlike helte fan it oanbuorjende eilânArran, mei dêropta de krite oan 'e útein fan it skiereilânKintyre om it plakCampbelltown hinne. Fierders wurdt it Middenskotsk ek sprutsen yn it eastlike part fan itSúdskotsk Berchlân, tsjin 'eIngelske grins oan, en yn 'e súdwestlike lânstreekGallowegen. Dêrmei hat it Middenskotsk fan alle Skotske dialekten it grutste geografyske ferspriedingsgebiet. It is dit dialekt dat yn 'e regel it meast as standerttaal brûkt wurdt. It Middenskotsk bestiet út fiif subdialekten:
itSúdeastlik Middenskotsk, sprutsen oan 'e eastkust, tusken deFirth fan Forth yn it noarden en de rivier deTweed yn it suden (en yn it súdeasten trochrinnend oant de Ingelske grins);
itWestlik Middenskotsk, sprutsen oan 'e westkust, fanLoch Lomond yn it noarden oant de rivier deNith yn it suden (ynkl. Bute, eastlik Arran en Campbelltown);
itUlsterskotsk, sprutsen yn dielen fanNoard-Ierlân en deIerske Republyk. Hoewol't it Ulsterskotsk yn 'e regel as ien fan 'e haaddialekten fan it Skotsk beskôge wurdt, is it taalkundich sjoen eins in subdialekt fan it Middenskotsk, dat it naust besibbe is oan it Súdwestlik Middenskotsk.
itSúdskotsk, ek wol Grinsskotsk (Borders ofBorder Scots) neamd, sprutsen yn 'eGrinslân-krite fan itSúdskotsk Berchlân, tsjin 'e Ingelske grins oan. Dit dialekt fertoant de measte ynfloed fan it Ingelsk.
Mei de berte fan Jezus Kristus gie it sa om en ta: doe't Syn mem Marije yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken dat Marije, noch foar't se byinoar kommen wiene, in bern ferwachte troch it wurk fan 'e Hillige Geast. Joazef, har man, deugdsum as er wie, woe har net iepentlik te skande meitsje en stie yn bestân om stilwei fan har te skieden. Mar sjoch, doe't er dêrmei omrûn, ferskynde him yn 'e dream in ingel. Dy sei: "Joazef, soan fan David, sjoch der net tsjinoan om Marije, jo frou, by jo yn 'e hûs te nimmen, want it bern dat se ferwachtet, is fan 'e Hillige Geast. Se sil in soan krije, dy't jo Jezus neame moatte, want Hy sil Syn folk fan 'e sûnden ferlosse." Dat is allegearre bard mei it doel, dat útkomme soe wat de Heare troch de profeet sein hat: "Sjoch, de jongfaam sil in bern ferwachtsje en in soan krije en se sille Him Emmanuël neame," wat yn eigen taal betsjut: "God mei ús". Doe't Joazef wekker wurden wie, die er sa't de ingel him hjitten hie. Hy naam syn frou by him yn. Doe krige se in soan, mar foartiid hied er gjin mienskip mei har hân. En hy joech it bern de namme Jezus.
Now the birth of Jesus Christ was as follows: After His mother Mary was betrothed to Joseph, before they came together, she was found with child of the Holy Spirit. Then Joseph her husband, being a just man, and not wanting to make her a public example, was minded to put her away secretly. But while he thought about these things, behold, an angel of the Lord appeared to him in a dream, saying, "Joseph, son of David, do not be afraid to take to you Mary your wife, for that which is conceived in her is of the Holy Spirit. And she will bring forth a Son, and you shall call His name Jesus, for He will save His people from their sins." So all this was done that it might be fulfilled which was spoken by the Lord through the prophet, saying: "Behold, the virgin shall be with child, and bear a Son, and they shall call His name Immanuel," which is translated, "God with us". Then Joseph, being aroused from sleep, did as the angel of the Lord commanded him and took to him his wife, and did not know her till she had brought forth her firstborn Son. And he called the child Jesus.
This is the storie o the birth o Jesus Christ. His mither Mary wis trystit til Joseph, but afore they war mairriet she wis fund tae be wi bairn bi the Halie Spírit. Her husband Joseph, honest man, hed nae mind tae affront her afore the warld an wis for brakkin aff their tryst hidlinweys; an sae he wis een ettlin tae dae, whan an angel o the Lord kythed til him in a draim an said til him, "Joseph, son o Dauvit, be nane feared tae tak Mary your trystit wife intil your hame; the bairn she is cairrein is o the Halie Spírit. She will beir a son, an the name ye ar tae gíe him is Jesus, for he will sauf his fowk frae their sins." Aa this happent at the wurd spokken bi the Lord throu the Prophet micht be fulfilled: Behaud, the virgin wil bouk an beir a son, an they will caa his name Immanuel – that is, "God wi us". Whan he hed waukit frae his sleep, Joseph did as the angel hed bidden him, an tuik his trystit wife hame wi him. But he bedditna wi her or she buir a son; an he caa'd the bairn Jesus.