
Skotske dracht ofSkotske klaaiïng is de tradisjonele nasjonaleklaaiïng fanSkotlân. Om persiis te wêzen, giet it dêrby om wat fan âlds de dracht yn 'eSkotske Heechlannen wie, mei't der oant denjoggentjinde iuw net folle ferskil wie tusken de klaaiïng fan it Skotske leechlân en de Skotske grinsgebieten en wat der yn noardlikIngelân droegen waard. Under ynfloed fan 'eRomantyk en de dêrútfuortkommen ferhearliking fan alles dat typysk Skotsk wie, waard yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ek yn it leechlân en it Skotske grinsgebiet de Heechlânske dracht oannommen.
Wa't oan Skotlân tinkt, sil al gau dekilt yn 't sin komme, de Skotske manljusrok, hoewol't dat eins mar ien diel fan 'e tradisjonele Skotske dracht is. De kilt is makke fantartan, de ferneamde wevewollene stof yn rútsjepatroan, en oan it persize patroan ken in saakkundige daliks werom ta hokkerclan oft de drager heart. De kilt wurdt fêstset mei dekiltspjelde (kilt pin), insierspjelde mei in clansymboal (faak in bist of in plant) dy't ornaris droegen wurdt op 'e lege hoeke fan it bûtenste diel fan 'e kilt. By de kilt heart ek desporran, de skieppewollene beurs, oan 'e boppekant meisulver,groom of in oar metaal beslein, dy't oan 'e mulrym oan 'e foarkant fan it lichem oer de kilt hinne droegen wurdt.
Fierders bestiet de manljusdracht útknibbelhoazzen mei by ien skonk dêrby ynstutsen desgian-dubh, de tradisjonele Heechlânskedagge. De úttearbereplaid, fan deselde tartanstof as de kilt, wurdt tradisjoneel skean oer it boppeliif oer ien skouder hinne droegen, en kin brûkt wurde as in soarte fan mantel of as in tekken om ûnder te sliepen. Tsjintwurdich wurdt by offisjele gelegenheden it gehiel yn 'e regel ôfmakke mei in wytboesgroentsje mei dêroerhinne in saneamdArgylljaske (Argyll jacket), in koartkolbêrjaske sûnder pannen. Deplaid wurdt dan fuortlitten.
Oangeande kopdeksel kinne manlju tradisjoneel kieze út twa mooglikheden. Yn it foarste plak is der de saneamdetam o'shanter, de tradisjonele wollene baret fan tartanstof, mei inpompon (toorie) yn 'e midden boppe-op. Oarspronklik wiene sokke baretten allegear blau, en waarden sebluebonnets neamd. Fierders is der ek de saneamdeGlengarry-baret (Glengarry bonnet), in swart opsteand kopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan tartanstof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant. Dit kopdeksel waard fan 'esantjinde iuw ôf droegen troch eallju en oare pommeranten.
De minder bekende Skotske frouljusklaaiïng bestiet út 'e saneamdeaboyne dress: in tartanrok mei inpetticoat derûnder en in witeblûze mei dêroerhinne inferwielen swartkorset oflyfke, en dêr wer oerhinne in skean oer ien skouder droegen tartan-plaid, krekt as by de manlju. Byfolksdûnsen drage froulju fierders noch saneamdeghillies,balleteftige skuontsjes dy't it dûnsjen maklik meitsje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes, op dizze side.
|