Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Skipsbou

Ut Wikipedy
Skipshelling yn Brake/Dútslân, 1870

Deskipsbou ynFryslân waard om1900 hinne noch dien op hast 100 skiphellings.

Skipsbou yn Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1930 wie dat oantal weromrûn nei 65, der wurken doe 423 minsken. Dêrfan wurken op de werf fan Harns 94 man; fierders wienen der njoggen werven mei 11-50 man, mei-inoar 175.
Yn1950 wie it tal werven 61, mei 404 persoanen oan it wurk; fjouwer hiene mear as mear as 20 minsken yn it wurk (Makkum 36,Harns 129,Ljouwert 24 enWarkum 23).
Fan 1950-1956 stiigde it personiel oant 884 man, it oantal bedriuwen mei boppe de 20 man kaam op 11. Dat kaam benammen troch de fêstiging fan coasterwerven, ûnder oare ynKoatstertille,Burgum,De Lemmer,Frjentsjer en Harns en de groei fan in reparaasjewerf yn Harns.

Skipsbou yn It Sealterlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It lêste skip fan de helling Schulte yn 1926

YnSealterlân wiene al foar1790 skipshellings oan deSealter Ie, yn it doarpStrukelje. Om1877 hinne hie Strukelje 11 hellings en om1900 hinne wienen dat likernôch 7 skiphellings. De measte skippen wienen ornearre foar it ferfier fanturf neiEastfryslân en fan stiennen foar deDykbou oan deNoardsee. Om deTwadde Wrâldkriich hinne binne de hellings allegear ferdwûn. Hjoeddedei is fan de hellings yn It Sealterlân neat mear werom te finen.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons Commons: Helling – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Skipsbou&oldid=1013487"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp