Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Skieren

Ut Wikipedy

DeSkieren wie in East-Germaanske stam, dy't eartiidsk libbe yn it noarden fan it tsjintwurdigePoalen. Yn de3e iuw f.Kr. lutsen grutte kloften fan de Skieren mei in oar folk, deBastarnen, nei it suden ta. Hja ferskynden om-ende-by230 f.Kr. by deSwarte See. De Skieren wennen letter eastlik fan de Bastarnen.

It Grutte Folkeferfarren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de4e iuw hienen de Skieren har wengebiet yn deKarpaten. Hja waarden troch deHunnen yn376 ferslein. In part fan de Skieren waard oan de Hunnen ûnderwurpen, oare parten naaiden út en lutsen mei deOstrogoaten enFisigoaten nei it westen.

Nei it útinoar fallen fan it Hunnen Ryk yn455 waarden de efterbleaune Skieren opnommen yn it Romeinske Ryk en krigen ynPannoanje asfoederaty in wengebiet tawiisd. Dochs ûntstienen der gauris konflikten mei de neier libjende foederaten, de Ostrogoaten, dêr't sy mei yn oarloch rekken. De Skieren sochten bûnsmaten en foarmen mei deHerulen enGepiden in ferbûn tsjin de Ostrogoaten. Yn469 stried dy alliânsje tsjin de Ostrogoaten yn deSlach oan de Bolia.Nei 469 binne de Skieren net mear oanwêzich yn Pannoanje. Sy hienen finaal harren nocht fan de kriich en setten mei de Herulen ôf neiItaalje. Dêr soenen sy as hierlingen it lêste Romeinske leger fersterkje. Dat leger dat yn476 de Romeinske keizerRomulus Augustulus ôfsette en de GermaanOdoaker útrôp ta kening fan Itaalje bestie foar in grut part út Skieren.

Nei de nederlaach fan Odoaker tsjin de Ostrogoatyske keningDiderik de Grutte gongen de Skieren yn Itaalje op yn de Goaten en oare Germaanske folken.

Oer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Skieren yn it noarden bestienen yn de13e iuw noch as heidenske folksstam.

Germaanske folkenferoarje
Allemannen ·Ambroanen ·Ampsivaren ·Angelen ·Angrivaarjers ·Asdingen ·Bajuwaren ·Bataven ·Boergonden ·Bruktearen ·Chasuarii ·Dulgubnii ·Fandalen ·Fangionen ·Fisigoaten ·Fosy ·Franken ·Frisii ·Gamaven .Gepiden ·Goaten ·Harii ·Helisjers ·Hermunduren ·Herulen ·Juten ·Kananefaten ·Kimbren ·Kwaden ·Lakringen ·Langobarden ·Lemovjers ·Lugjers ·Manimjers ·Markomannen ·Marobudui ·Mattiakken ·Naharvalen ·Nemeten ·Nervjers ·Ostrogoaten ·Rugjers ·Saksen ·Semnoanen ·Silingen ·Sitones ·Sjamaven ·Sjatten ·Sjauken ·Sjerusken ·Skieren ·Suëven ·Sugambren ·Suiones ·Tenktearen ·Teutoanen ·Toksandrjers ·Treveary ·Triboken ·Tubanten ·Tudry ·Ubjers ·Usipeten ·Volcae ·Warnen
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Skieren&oldid=845369"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp