Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Skiednis fan Nederlân

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge enfoegje jo witten hjir ta.

Deskiednis fanNederlân is al tsientûzenen jierren âld.

Iere skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn deprehistoarje hawwe der sûnt deIistiid al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lân. Yn de lêste milenniums foar Kristus kaam dêr lânbou by. Dehistoarje begjint foar Nederlân mei de Romeinen dy't benammen besuden deRyn taholden. Yn harren tiid waarden de earste stêden stifte. De Romeinen rommen it om400 hinne it fjild foar deFranken enFriezen dy't mekoar de hearskippij bestriden hawwe oer de midden fan Nederlân. Om800 hinne behearsketKarel de Grutte mei grutte parten fanJeropa ek hiel Nederlân. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolgen dêrfan wie dat men in Nederlân gong ferwar hie tsjin oanfallen fan deWytsingen.

Untstean fan Nederlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei1000 kaam in ein oan dy ynfallen, en gong it yn West-Jeropa sa bêst dat de lokale hearren begûnen harren gebiet út te wreidzjen. Dit late yn de14e iuw ta departijtyd, dy't úteinliks troch deHabsburgers einige waard. Sy makkende Nederlannen ta in ienheid, dêr't fan1568 ôf, it noardlike part him ûnôfhinklik fan makke. DizzeRepublyk fan de Sân Feriene Nederlannen bestie oant deFrânske tiid, doe't it lân yn fazen part fan itFrânske Keizerryk waard.

Keninkryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei deFrânske tiid waard yn1814 Nederlân inkeninkryk, earst mei ek desúdlike Nederlannen derby, en meiLúksemboarch yn inpersonele uny, mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn deEarste Wrâldkriich wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel rûn tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant deKrisisjierren. Dêrnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa itfaksisme op, wat late ta deTwadde Wrâldkriich. Yn1940 waard Nederlân ynnaam trochDútslân, en earst yn1945 wer befrijd.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Skiednis_fan_Nederlân&oldid=960793"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp