Asfilosofysk konsept enrjochtsbegjinsel kin de skieding fan tsjerke en steat weromfierd wurde op 'eFerljochting fan 'e ein fan 'esantjinde en fan 'eachttjinde iuw, doe't ferskate gruttetinkers it opsmieten as eat dêr't ferlet fan wie om ta in rjochtfeardige behanneling fan alleboargers te kommen. DeIngelske filosoofJohn Locke (1632–1704) wurdt gauris as de oarspronklike betinker fan it idee oanwiisd, en it is wier dat hy it gâns útdroech yn syn wurk, mar eins wie de iereAmerikaanskekolonist enpredikantRoger Williams útRhode Island dejinge dy't it optocht. Hy rôp al yn1644 op ta it oprjochtsjen fan "in muorre of hage fan skieding" tusken "de wyldernis fan 'e wrâld en de tún fan 'e tsjerke".
As spesifike term giet "skieding tusken tsjerke en steat" tebek op inbrief út1802 fan 'eAmerikaanskepresidintThomas Jefferson oan 'eBaptistyske Feriening fanDanbury ynConnecticut. Hy skriuwt dêryn dat it Amerikaanske folk in "muorre fan skieding tusken tsjerke en steat" boud hat, in idee dat hy "oertinkt mei de aldergrutste earbiedigens" om't er leaut "dat religy in saak is dy't útslutend tusken in minske en synGod leit, dat er oan nimmen oars ferantwurding skuldich is oangeande syn leauwe offerearing [en] dat de legitime macht fan 'e oerheid inkeld dieden oangiet en gjin mienings".
Yn eltsemaatskippij wurdt de mjitte fan skieding tusken tsjerke en steat bepaald troch it karakter fan 'e juridyske struktueren dy't yn it libben roppen binne om 'e taken fan 'e oerheid út te fieren. Hoe't dy boustiennen fan 'e steat der útsjogge, hinget wer ôf fan 'e hearskjende juridyske mienings by depolitisy dy't de oerheid ynrjochtsje. Der binne ferskate foarmen fan 'e skieding tusken tsjerke en steat.
It saneamdelaïsisme stiet in strange skieding foar, wêrby't gearwurking tusken religieuze organisaasjes en de oerheid frijwol ûnmooglik is en wêrby't boppedat ek religieuze ideeën strang skaat wurde fan 'e oerheid. (Dat uteret him bgl. yn in ferbod foaramtners as fertsjintwurdigers fan 'e oerheid om ûnder wurktiidreligieuze symboalen te dragen.) It laïsisme wurdt folge yn û.o.Frankryk,Belgje en in protte eardere Frânske koloanjes.
By it saneamde "earmlingteprinsipe" binne de oerheid en religieuze organisaasje ûnôfhinklik faninoar, mar wurkje se wol gear. Dizze foarm fan skieding tusken tsjerke en steat komt in protte foar yn 'eAngelsaksyske lannen, lykas deFeriene Steaten,Kanada,Austraalje,Nij-Seelân,Wales,Skotlân en eardereBritskekoloanjes. Yn 'e praktyk (hoewol net yn juridyske sin) jildt it ek ynIngelân. Fierders komt it foar yn bygelyksNoarwegen,Sweden enFinlân.
Byakkomodasjonisme is der formeel gjin sprake fan insteatsreligy, mar dochs draacht de oerheid in beskate godstsjinst út of befoardielet de oerheid de fertsjintwurdigers fan in beskate godstsjinst boppe oaren. Soks sjocht men bygelyks ynRuslân, dêr't deRussysk-Otterdokse Tsjerke de ynformele steatsreligy is, of ynServje, dêr't itselde sein wurde kin fan 'eServysk-Otterdokse Tsjerke. YnPoalen,Litouwen,Kroaasje en beskate lannen ynLatynsk-Amearika, lykasHondoeras,Meksiko enSily, beklaait deRoomsk-Katolike Tsjerke sa'n selde posysje, en foar ferskillendeprotestantske denominaasjes jildt itselde oangeande lannen yn 'eStille Súdsee lykasTonga,Kiribaty en deFederearre Steaten fan Mikroneezje.
It komt ek foar dat der juridysk hielendal gjin skieding fan tsjerke en steat bestiet. Yn sokke gefallen is der sprake fan insteatsreligy, in godstsjinst dy't offisjeel de religy fan 'e oerheid is. Dat komt tsjintwurdich noch foar by in beheind tal lannen en territoaria:
- kristendom:
- islaam:
- sjiïsme:Iraan
- soennisme:Algerije,Brûnei, deKomoaren, deMalediven,Maleizje,Mauretaanje,Saûdy-Araabje enSomaalje
- sûnder neiere oantsjutting:Afganistan,Bachrein,Bangladesj,Dzjibûty,Egypte, deFeriene Arabyske Emiraten,Irak,Jemen,Jordaanje,Katar,Koeweit,Lybje,Marokko,Omaan,Pakistan,Palestina,Somalylân,Tuneezje en deWestlike Sahara
- boedisme:Birma,Bûtan,Kambodja enSry Lanka
- joadendom:Israel
De mjitte wêryn't de steatsreligy en de oerheid mei-inoar ferflochten binne, ferskilt. Yn guon fan 'e boppesteande lannen, benammenWesterskedemokrasyen lykas Ingelân en Denemark, is it bestean fan in steatsreligy suver ûnmerkber en komt it inkeld foar it fuotljocht by beskate offisjele plechtichheden, lykas dekroaning fan in nijemonarch. Yn oare lannen wurdt de steatsreligy krekt hiel dúdlik útdroegen troch de oerheid, lykas yn Saûdy-Araabje, Iraan, Maleizje en Israel.