Inskepper-god, ek faak oantsjut as "de Skepper", is ingod dy't neffens inminsklikereligy ofmytology ferantwurdlik is foar deskepping fan 'ewrâld en/of ithielal. Yn itmonoteïsme is de iennichsteGod tagelyk ek de skepper. Monoteïstyskegodstsjinsten binne yn it foarste plak deabrahamityske religyen (joadendom,kristendom,islaam,bahaïsme en ferskate lytsere godstsjinsten), en fierders itsikhisme en beskate streamings binnen ithindoeïsme.
Yn ferskatepolyteïstyske ofmonolatryskereligieuzetradysjes wurdt in sekundêre skepper-god ûnderskaat fan in primêre,transendinte skepper. Dêrby is de primêre skepper dan bygelyks ferantwurdlik foar de skepping fan 'ekosmos, wylst de sekundêre skepper dêr letter bygelyks de wrâld of deminsken oan tafoege hat. In foarbyld dêrfan is in diel fan itwaisjnavisme, de hindoeïstyske streaming dy'tWisjnû as wichtichste godferearet. Sa leauwe de oanhingers fan itgaudiya-waisjnavisme (ofBingaalsk waisjnawisme) dat Wisjnû de skepper is fan 'e basisstruktuer fan it hielal en fan alle 'materiaal' dat nedich is foar de fierdere skepping.Brachma is de sekundêre skepper, dy't dat materiaal bewurke hat om 'eplaneten en de wrâld en allelibbeneorganismen te skeppen.
It leauwen dat it hielal skepen is, hjitkreäsjonisme. It leauwen dat it hielal net skepen is, mar sûnder begjin of ein altyd al bestien hat, of op natuerlike wize ûntstien is, hjitnon-kreäsjonisme. Non-kreäsjonistyske godstsjinsten binne bygelyks itboedisme en itjaïnisme, dy't net it bestean fangoaden ûntkenne, mar leare dat goaden oan 'e ynfloed fan deselde natoerwetten bleatsteane as minsken, en dat se dêrom net de macht hawwe om it hielal skepen hawwe te kinnen.
Foarbylden fan skepper-goaden binne: