Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Skaken

Ut Wikipedy
Keunststof standert skaakstikken,
Fan links ôf: wyt kening, swart toer, swart dame, wyt pion, swart hynder en wyt loper
19e iuwske Sineeske skaakstikken,ivoar

Hoewol'tskaken in oantsjutting is foar in groep besibbeboerdspullen, beskriuwt dit artikel benammen it westersk skaken, in strategyskboerdspul foar twa spilers. De offisjele namme neffens de FIDE fan dit westersk skaken isit skaakspul.[1] It is strategysk omdat de spilers safolle spylmooglikheden hawwe dat it faak ûnmooglik is de konsekwinsje fan elke set te oersjen, sadat ynsicht, ûnderfining en moed de setkeuze mei bepale.

Oarsprong en skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De oerfoarm fan it skaakspul is tûzenen jierren âld, wêrtroch't der net folle bekend is oer it ûntstean en de ierste skiednis. It wurd skake komt fan itPerzyske wurdshāh, datkening betsjut. De termskaakmat is in fernederlânsking fan it Perzyskeshāh māta, dat betsjut:de kening sit yn in mûklaach ofde kening is ferslein.

De âldste werkenbere ferzje fan skake komt grif út itseisde iuwske East-Perzje, noNoard-Yndia, en stiet bekend aschaturanga, mar der binne oanwizings dat dit spul basearre is op in noch âldere fariant foar fjouwer persoanen dy't elk oan in side fan it boerd sieten. Meardere ferzjes fan chaturanga fersprieden har nei it easten neiSina enJapan en, yn de foarm fanSjatranj, westwerts nei de Arabyske wrâld om fiaItaalje enSpanje úteinlik yn de11e iuw yn heulEuropa troch te kringen. DeWytsingen hawwe hjir grif in grutte rol yn spile, omt de âldste Europeeske fynsten fan skaakstikken oan de kusten binne.

De hjoeddeiske foarm fan it skaakspul ûntstie oan de ein fan de 15e iuw yn Frankryk, doe't de dame mei de hjoeddeiske machtige mooglikheden har yntree die. Dêrom wurdt skaken ek wol in keninklik spul neamd. Tefoaren wie de dame of keninginne in frijwat beheind en swak stik.Al healwei de tweintichste iuw waard oppere dat it skaakspul mooglik útSina stamt en de lêste tiid geane wer stimmen op dy't de oarsprong fan t skaakspul dêr of ynOezbekistan pleatse.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside fan it Skaakbûn mei it FIDE-reglemint
Commons
Commons
OpWikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Chess

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Skaken&oldid=1180214"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp