Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sisylje

Ut Wikipedy
Sisylje
Sicilia
FlaggeWapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
HaadstêdPalermo
Oerflakte25.832,39 km²
Befolking4.783.439(31-07-2024)
Befolkingstichtens185,17 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste puntEtna: 3.323 m
Oantal gemeenten391
Provinsjes6 provinsjes:Agrigento,Caltanissetta,Enna,Ragusa,Siracuse,Trapani;
3 metropolitane stêden:Catania,,Messina,Palermo

Sisylje (Italjaansk enSisyljaansk:Sicilia) is in eilân en (sûnt1947) inautonome regio fanItaalje. It eilân leit yn deMiddellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regioKalaabrje enTuneezje ynNoard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit de lytse eilânsteatMalta. Sisylje betsjut "it eilân mei de trije punten", dat is teffens de namme fan de flagge.

Fierders hearre by Sisylje deLiparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsjeUstika, deEgadyske Eilannen, it eilânPantelleria en dePelagysje Eilannen. Dy lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fanTuneezje en hearre geologysk by itAfrikaanskkontinint.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De earste bewenners fan it eilân, noch foar deGrykske koloanisaasje wienen deElymianen,Sisany enSiselen. Letter waard Sisylje koloanisearre trochFoenysjers útKartago en it âldeGrikelân. Dy koloanisaasje begûn yn de8e iuw f.Kr.. Sisylje foarme doe tegearre mei Súd-Itaalje it saneamdeMagna Graecia. Fanút Sisylje soene ferskate stêdsteaten stifte wurde, ûnder oarenGela,Agrigento,Selinunte,Himera enMessina.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisylje is benammen bekend fanwege it grutte talymmigranten dy't emigrearre binne nei deFeriene Steaten, de oarsprong fan demaffia, it tanimmendetoerisme en de noch hieltyd tige aktivefulkaan deEtna.

Taal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op Sisylje wurdt njonken itItaljaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan itdialekt fanKalaabrje. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Lânskip fan Sisylje

Yn it easten, tichtebyCatania, leit de fulkaan deEtna, dy't as in grutte bult yn it lânskip tige opfalt. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Dêr wurdt in soad fruit ferboud. Yn West- en Sintraal-Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de drûchte dy't simmers hieltyd oanwêzich is en de goudbrune kleur yn de heuvels feroarsaket, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.

Yn it noarden fan it eilân lizze grutte griene wâlden.

Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, itLago Pergusa (1x1,5 km), mei dêr omhinne itAutodromo di Pergusa, in sirkwy foar autoraces.

Utsein de Etna, hat Sisylje yn de neite ek noch de relatyf lytse, mar tige aktive fulkaanStromboli, it noardlikste fan deLiparyske of Eolyske Eilannen.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisylje bestiet út trije metropolitane stêden en seis provinsjes:

WapenMetropolitane stêdOantal gemeentenTal ynwennersOerflak
(km²)
Befolkingtichtens
(km²)
Palermo821.275.2934.992250
Catania581.115.6963.553307
Messina108646.9023.247201
Metropolitane stêden2483.037.89111.792253
WapenProvinsjeOantal gemeentenYnwennertalOerflak
(km²)
Befolkingstichtens
(km²)
Agrigento43448.2043.042149
Caltanissetta22274.1942.124127
Enna20171.7872.56267
Ragusa12318.4681.614198
Siracusa21404.4192.109191
Trapani25435.5872.459177
Regio1422.052.65913.910151
Sisylje3915.090.55025.902196

Wichtige stêden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De haadstêd fan Sisylje isPalermo. Oare grutte stêden binne:

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisylje beskikt oer inMiddellânsk Seeklimaat mei waarme simmers en sêfte winters mei in protte rein.

Ferfier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fanút Messina is der in boatferbining mei Itaalje.Lofthavens binne der yn Catania, Palermo en Trapani. Yn Catania is sûnt 1999 inMetro

Ofbylden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Palermo.
    Palermo.
  • Sâltpannen fan Marsala.
    Sâltpannen fan Marsala.
  • Trapani.
    Trapani.
  • Alcantara kleau.
    Alcantara kleau.
  • Gagliano.
    Gagliano.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Regio's fanItaalje
Abruzzen -Aostadelling -Apûlje -Basilikata -Feneto -Emylje-Romanje -Friûly-Julysk Feneesje -Kalaabrje -Kampaanje -Latium -Liguerje -Lombardije -Marke -Molise -Piëmont -Sardynje -Sisylje -Trentino-Súd-Tiroal -Toskane -Umbrje
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sisylje&oldid=1176551"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp