Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Markus Tullius Sisero

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanSisero)
Markus Tullius Sisero
politikus
echte nammeMarcus Tullius Cicero
nasjonaliteitRomeinsk
bertedatum3 jannewaris106 f.Kr.
berteplakArpinum (Romeinske Republyk)
stjerdatum7 desimber43 f.Kr.
stjerplakFormiae (Romeinske Republyk)
etnisiteitRomeinsk
konsul fan deRomeinske Republyk
amtsperioade6363 f.Kr.
(mei Gajus Antonius Hybrida)
foargongerLusius Julius Caesar
enGajus Marsius Figulus
opfolgerDesimus Junius Silanus
enLusius Lisinius Murena
gûverneur fan deRomeinske provinsjeSilysje
amtsperioade5150 f.Kr.

Markus Tullius Sisero, ornaris koartweiSisero neamd (Latyn:Marcus Tullius Cicero, klassike útspr.: ['ma:rkus 'tullius 'kikɛro:], likernôch "maarkûs tûlliûs kikèrroo";Arpinum,3 jannewaris106 f.Kr.Formiae,7 desimber43 f.Kr.) wie inRomeinskfilosoof,politikus,jurist,orator,politikolooch,teolooch enskriuwer. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste filosofen dy't itRomeinske Ryk fuortbrocht hat, en ferskate foaroansteande tinkers út 'eFerljochting, lykasJohn Locke,Baruch de Spinoza enCharles-Louis de Montesquieu, borduerren fuort op syn ideeën.

Sisero syn ynfloed op 'eLatynsketaal wie sa ûnbidich dat wol sein wurdt dat deskiednis fan itproaza fan net inkeld it Latyn mar ek fan 'e dêrútfuortkommenRomaanske talen oant denjoggentjinde iuw neat oars wie as in reäksje tsjin of in weromkear nei syn skriuwstyl. Syn wurk wurdt noch altyd beskôge as de primêre histoaryske boarne foar de skiedskriuwing fan 'e lêste dagen fan 'eRomeinske Republyk.

Sels wie Sisero fan tinken dat synpolitike karriêre syn grutste prestaasje wie. Hy wie lid fan 'eRomeinskeSenaat en klom op ta de post fankonsul. As sadanich ûnderdrukte er in gearspanning en rêde erRome fan in oanfal fan bûtenôf. Under de gaoatyske lêste helte fan 'eearste iuw f.Kr. wie Sisero de lieder fan 'e partij dy't tsjin it tij fanboargeroarloggen en dediktatuer fanJulius Caesar yn de âlde republyk besocht te behâlden. Uteinlik makke er him dêrmei ta in fijân fan 'e machtigeMarkus Antonius, dy't him yn43 f.Kr.fermoardzje liet.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Iere jierren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisero waard yn106 f.Kr. berne ynArpinum, in stedsje yn 'eheuvels, sa'n 100 km súdeastlik fanRome. Syn heit, dy't ek Markus Tullius Sisero hiet, wie in begoedige lid fan 'earistokrasy mei goede konneksjes yn Rome. Mei't er lichaamlik beheind wie, koed er him lykwols net yn it iepenbiere libben bejaan. Sadwaande lei er him by wize fan kompinsaasje sterk ta op stúdzje. Oer Sisero syn mem, dy't fan Helvia hiet, is net in soad bekend. Sisero hie in broer,Kwintius Tullius Sisero, dy't ek yn 'e polityk gie. As lid fan 'e Romeinske hegerein waard Sisero oplaat ynLatyn enGryksk,filosofy,literatuer (benammenpoëzij) enskiednis. Neffens dehistoarikusPlutarchus toande Sisero him in tige talintearre learling, dy't de learmasters mar foar it útkiezen hie. Sadwaande studearre errjochten ûnder de grutteKwintius Musius Skevola, yn 'e mande mei û.m. de letterejuristServius Sulpisius Rufus en de letterefilosoofTitus Pomponius Attikus, dy't syn libbenslange freonen waarden.

Omtrint81 f.Kr. sette Sisero útein mei in karriêre as jurist. Syn earste grutte saak wie de ferdigening fanSekstus Roskius tsjin 'e oanklacht fanpatriside of heitemoard, dêr't noch altyd in skriftlik ferslach fan bestiet. Heitemoard waard yn 'eRomeinskekultuer as eat grousums beskôge, en de lju dy't neffens Sisero eigentlik de moard op har gewisse hiene, wiene favoriten fan 'ediktatorLusius Kornelius Sulla, dy't de doe noch ûnbekende Sisero maklik út 'e wei romje litte kinnen hie. It wie dus in moedige set fan Sisero om dizze saak op him te nimmen, en noch knapper dat er Roskius ek wier-wier frijsprutsen wist te krijen.

De jonge Sisero oan it lêzen (infresko út1464 trochVincenzo Foppa.

Yn79 f.Kr. ferliet Sisero Rome om in rûnreis te meitsjen trochGrikelân,Lyts-Aazje enRoados, mooglik om oan 'e grime fan Sulla te ûntkommen. Jierren earder, yn87 f.Kr., wied er yn 'e besnijing rekke fan 'efilosofy fan 'e âlde Grykske masters, lykasSokrates enPlato, doe'tFilo fan Larissa, it haad fan 'eAkademy fan Atene, dy't trijehûndert jier earder troch Plato sels stifte wie, Rome besocht. Sadwaande is it oannimlik dat er Sisero op syn reis it oangename mei it needsaaklike kombinearre om him djipper yn syn leafhawwerij yn te libjen.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Datselde jiers (79 f.Kr.), doe't er 27 jier wie, troude Sisero mei syn earste frouTerentia. Neffens de wizânsje fan 'e Romeinske hegerein út dy tiid wie dat inferstânshoulik, dat lykwols fan beide kanten tritich jier lang yn harmony genoaten waard. By Terentia har famylje, wierskynlik itaadlik hûs fan 'e Terenti Varrones, siet jild, dat net inkeld wie hja sosjaal akseptabel, mar se koe Sisero syn politike ambysjes ek noch finansjeel ûnderstypje. Neffens Plutarchus wie Terentia in frou dy't der wol doarst te wêzen, en liet se har mear yn mei de politike karriêre fan har man as dat se syn bemuoienis mei de húshâlding taliet.

Yn 'e jierren fyftich f.Kr. waarden Sisero syn brieven oan Terentia koarter en kâlder fan toan. Hy klage by freonen dat se him ferret hie, mar joech dêrby net oan hoe dan. It is net ûnmooglik dat de houliksbân gewoan net bestân wie tsjin 'e druk dy't derop útoefene waard troch de politike opskuor yn it Rome fan dy tiid. De skieding liket yn51 f.Kr. plakfûn te hawwen of koart dêrfoar. Yn46 of45 f.Kr. wertroude Sisero mei in jongfaam dy't fan Publilia hiet, en dy't earder syn fâd west hie. Der wurdt algemien oannommen dat de reden foar dit houlik wie dat Sisero yn jildneed siet, fral no't er ek nochris debreidsskat oant Terentia har folk werombetelje moast, en dat er dêrta Publilia har jild nedich wie. Hoe dan ek, dit twadde houlik duorre net lang.

Sisero hie twa bern út syn earste houlik. Syn dochterTullia wie syn eachapel, en doe't hja ynfebrewaris45 f.Kr. ynienen siik waard en stoar, wied er der stikken fan. It ûnbegryp fan Publilia dêrfoaroer late ta de ûntbining fan syn twadde houlik. Oangeande syn soanMarkus hie Sisero hope dat dy yn syn fuotleasten folgje en filosoof wurde soe. De jonge dreamde lykwols fan in militêre karriêre, en joech him yn49 f.Kr. by it leger fanPompejus. Nei dy syn nederlaach byFarsalis, yn48 f.Kr., krige eramnesty fanJulius Caesar. Dêrop stjoerde Sisero syn soan neiAtene ta, om te studearjen ûnder de filosoofKratippus fan Pergamon. De jonge Markus brûkte de ôfwêzigens fan syn heite tafersjoch lykwols om te feestfieren en syn jild te ferslampamperjen.

Politike karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De ferfolging fan Gajus Verres

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisero sette syn politike karriêre útein yn75 f.Kr., yn 'e funksje fanquaestor fan westlikSisylje. Hy bliek in earlik en ynteger bestjoerder te wêzen, en fan gefolgen fregen de ynwenners fan 'e provinsje him omGajus Verres te ferfolgjen, in gûverneur fan Sisylje dy't it eilân foar eigen gewin útrûpele hie. Nei't er lange tiid tariedend wurk dien en bewiismateriaal op Sisylje sammele hie, wûn Sisero dy saak yn Rome yn in rige dramatyske konfrontaasjes yn 'e rjochtseal mei Verres syn (foaroansteande) abbekaatKwintius Hortensius Hortalus. It wie dizze saak dêr't Sisero syn reputaasje as jurist en orator mei fêstige.

Sisero sprekt de Romeinske Senaat ta (infresko út1882-1888, fanCesare Maccari.
Markus Antonius' frou Fulvie boartet mei de holle fan Sisero, dy't fanwege har man ûnyhalzge waard
Pavel Svedomsky (1849–1904)

Konsulskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neitiid waard Sisero yn69 f.Kr. beneamd taaedile en yn66 f.Kr. tapraetor, wylst er yn63 f.Kr., mei 43 jier, askonsul fan 'e Romeinske Republyk tsjinne. Syn mei-konsul,Gajus Antonius Hybrida, spile mar in lytse rol yn 'e politike opskuor dy't Rome dat jiers trof, mar Sisero dwerseide persoanlik in gearspanning om himsels út 'e wei te romjen en de Republyk ûnder fuotten te heljen mei útlânske troepen ûnder it befel fanLusius Sergius Katilina. Hy liet desteat fan belis útroppe (troch insenatus consultum ultimum út te furdigjen) en dreau Catilina dêrnei ta de stêd út mei fjouwer ferfrettende taspraken (de saneamdeKatilynske Oraasjes) dêr't er de Romeinske boargers mei ophyste tsjin 'e gearspanners.

Nei't Katilina de stêd ûntflechte wie, rekkene er op syn oanhingers yn Rome om 'e revolúsje te begjinnen (de saneamdeTwadde Katilynske Gearspanning), wylst er sels mei in leger lyksinnigen de stêd fan bûtenôf oanfoel. Hy hie besocht en belûk deAllobroges, in stamme fanTransalpineKelten, by syn komplot, mar Sisero wist mei help fan syn kontakten ûnder de Kelten de briefkerij fan Katilina te ûnderskeppen. De ynformaasje út 'e brieven bewiisde de skuld fan fiif Romeinske gearspanners, dy't doe twongen waarden om foar de hiele Senaat oer in bekentenis ôf te lizzen. Op oanstean fanKato de Jongere besleat de Senaat dat de fiif manlju dedeastraf krije moasten, en Sisero liet dat fûnis yn syn hoedanichheid fan konsul útfiere. Dêrby begelate er yn eigen persoanPublius Kornelius Lentulus Suera, in eardere konsul, nei it plak faneksekúsje. Lykwols, troch Romeinske boargers sûnder foarm fan proses terjocht te stellen, gie er eins syn boekje te bûten, en neitiid libbe er altyd yn eangst dat er dêr nochris foar straft wurde soe.

Ballingskip en weromkear

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn60 f.Kr. waard Sisero trochJulius Caesar,Pompejus enKrassus útnûge om as fjirde lid ta harrenEarste Triumviraat ta te treden, mar dat wegere er om't er fermoede dat soks it fuortbestean fan 'e Romeinske Republyk ûndermynje soe. Twa jier letter, yn58 f.Kr., furdige detribúnPublius Klaudius Pulcher in wet út (deLeges Clodiae), wêryn't ferballing ynfierd waard as straf foar in elk dy't in Romeinsk boarger sûnder foarm fan proses ta de dea brocht. Dy wet wie dúdlik tsjin Sisero rjochte, dy't besocht te riddenearjen dat de steat fan belis him de macht jûn hie om sokke deastraffen útfiere te litten. Doe't dat net holp, besleat er Rome te ûntflechtsjen en reizge er neiTessaloniky, ynGrikelân, dêr't er ynmaaie58 f.Kr. oankaam. Nei't de doe nij keazen tribúnTitus Annius Milo dêrta it inisjatyf nommen hie, stimde de Senaat in jier letter lykwols foar it útfurdigjen fan in útnûging oan Sisero om werom te kommen. Pulcher stimde dêr as iennichste tsjin. Sadwaande kearde Sisero ynaugustus57 f.Kr. triomfantlik werom.

It stânbyld fan Sisero by Woolsey Hall, it haadgebou fan 'eUniversiteit fan Yale.

In weromkear fan Sisero yn 'e polityk wie lykwols in stik dreger. In oanfal fan sines op in wet fan Caesar wie om 'e nocht, mei er yn56 f.Kr. op 'eKonferinsje fan Luca twongen waard om syn ferset dêrtsjin op te jaan en him efter it triumviraat te skaren. Dêrnei lei er him de earste jierren benammen ta op syn skriuwwurk. Fanmaaie51 f.Kr. oantnovimber50 f.Kr. tsjinne er mei tsjinnichheid as gûverneur fan 'e provinsjeSilysje, ynLyts-Aazje. Dêrhinne naam er syn broerKwintius mei aslegaat. Troch ûnderlinge strideraasjes ûnder deParten hoegde er lokkigernôch net folle te fjochtsjen, mar lykwols wûn er de titelimperator foar syn bestoarming fan in berchfêsting.

De oarloch fan Julius Caesar

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn50 f.Kr. rekken Julius Caesar en dy syn eardere bûnsmaat Pompejus deilis om macht yn Rome. Sisero keas yn dy striid partij foar Pompejus, dy't er seach as de ferdigener fan 'e Senaat en de republikeinske tradysje. Lykwols besocht er tagelyk om Caesar net iepentlik op 't sear te kommen. Doe't dyselde yn49 f.Kr. mei syn provinsjale troepen Itaalje binnenfoel, besleat Siero lykwols dat it no it wiiste wie en spylje fan ruten. Sadwaande gloep er Rome út om beskûl te sykjen ynDyrrachium, yn 'e provinsjeIllyrje, dêr't Pompejus syn haadkertier fêstige wie. Yn48 f.Kr. sleat er him oan by it leger fan Pompejus doe't dat opteach neiFarsalus, al wied er doe syn fertrouwen yn 'e rjochtfeardichheid fan Pompejus al oan it ferliezen.

Nei't Pompejus yn 'eSlach by Farsalis definityf ferslein wie troch Caesar, kearde Sisero hiel hoeden werom nei Rome, dêr't er ferjeffenis krige fan Caesar, mar net fan syn eardere bûnsgenoaten yn 'e Senaat.Kato de Jongere biet him ta dat er him in stik fertsjinstliker meitsje kinnen hie as er gewoan yn Rome bleaun wie, lykas de measte oare senators. Nettsjinsteande dat gie Sisero troch mei syn politike krewearjen yn 'e hope dat Caesar dochs de Republyk wer yn 'e âlde steat werombringe soe. Yn in brief oanMarkus Terentius Farro stippele er datoangeande in hiele strategy út. Demoard op Julius Caesar troch de saneamdeLiberatores, op 'eidus fan maart44 f.Kr. kaam him lykwols folslein oer it mad.

In boarstbyld fan Sisero dêr't er omtrint 60 jier âld west hawwe moat.

Sisero makke gjin diel út fan 'e gearspanning, mar de gearspanners wiene wis fan syn sympaty;Markus Junius Brutus rôp sels Sisero syn namme út en frege him om 'e Republyk werom te bringen, wylst er nei de moard syn mei bloed besmodzgemês omheech hold. In brief fan Sisero oanTrebonius, datearre ynfebrewaris43 f.Kr. begûn mei de wurden:"Hoe't ik net winskje dat jimme my útnûge hiene ta dat glorieuze buffet op 'eidus fan maart!" Yn 'e gaoatyske perioade dy't op 'e moard folge, wurp Sisero him op as ien fan 'e lieders fan Rome, en yn ruil foar amnesty foar de moardners bewurkmastere er dat Caesar net tatiran útroppen waard, sadat Caesar syn oanhingers har fertsjintwurdiging yn 'e Senaat beholden en Caesar syn wetten en herfoarmings fan krêft bleaune. Mei dy polityk kaam Sisero rjocht foarMarkus Antonius oer te stean, dy't krekt krewearre om wraak te nimmen op 'e moardners fan Caesar.

Wjerstân tsjin Markus Antonius en dea

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisero en Markus Antonius moasten no gearwurkje, mei't Sisero de lieder fan 'e Senaat wie, wylst Markus Antonius it konsulskip besette. It slagge harren lykwols net om mei-inoar troch ien doar. Hja hiene nea freonen west, mar nei't Sisero Markus Antonius derfan betichte dat dyselde as offisjeus útfierder fan Caesar syn testamint it spul nei syn eigen hân besocht te setten, waard harren relaasje fluch minder. Doe't Caesar syn adoptearre soanOktavianus (de lettere keizerAugustus) yn Itaalje weromkearde, besocht Sisero en spylje him út tsjin Markus Antonius. Hy priizge Oktavianus en sei dat de jonge perfoarst net deselde flaters meitsje soe as syn heit. Yn dyselde snuorje foel er Markus Antonius krekt oan yn in rige taspraken dy't bekend kommen binne te stean as deFilippinen (Philippicae), ferneamd nei de taspraken fan 'eAldgrykske oratorDemostenes tsjin keningFilippus II fan Masedoanje. Op dat stuit wie der gjin populêrder man yn Rome as Sisero, dat hy waande himsels ûnoantaastber.

Sisero stipeDesimus Junius Brutus as gûverneur fan 'e provinsjeSisalpynsk Galje (yn Noard-Itaalje), en krong der yn 'e Senaat op oan om Markus Antonius ta fijân fan 'e steat út te roppen. Troch de taspraak fanLusius Kalpurnius Piso, de skoanheit fan Caesar, rûn de boel lykwols fertraging op. Letter waard Markus Antonius dochs noch ta fijân fan 'e steat útroppen doe't er wegere en jou it belis fanMutina op, dat yn 'e hannen wie fan troepen dy't trou wiene oan Desimus Junius Brutus. Sisero syn plan om foargoed mei Markus Antonius ôf te weven, litte lykwols skipbrek doe't Oktavianus him mei Markus Antonius fermoedsoene. MeiMarkus Emilius Lepidus foarmen dy beide neitiid itTwadde Triumviraat, dat de oerwinning behelle yn 'e slaggen byFoarum Galloarum enMutina.

Doe't it triumviraat dêrmei de macht yn Rome yn 'e hannen krigen hie, begûn de trije mannen harren fijannen en potinsjele rivalenfûgelfaai te ferklearjen. Sawol Sisero as al syn oanhingers en lyksinnigen waarden ûnder de fijannen fan 'e steat skaard, hoewol't Oktavianus him dêr, sa is it sizzen, twa dagen lang tsjin fersette. Fan alle fûgelfaaien waard Sisero it fûleindichst ferfolge, krekt omdat er by in grut part fan it folk noch altyd op in protte sympaty rekkenje koe. Mei't de measte lju him net oanjaan woene, koed er in hoart op frije fuotten bliuwe, mar op7 desimber43 f.Kr. waard er opwachte doe't er him yn in tichtedraachstoel út synfilla ynFormiae nei de kust bringe liet yn 'e hope om dêr skip te gean neiMasedoanje. Syn eigenslaven ûntstrieden dat se harren master sjoen hiene, mar Sisero waard ferret troch in Filologus, in frijlitten slaaf fan syn broer Kwintius.

De dea fan Sisero, ôfbylde yn inFrânsk manuskript út 'efyftjinde iuw.

Desentuerion Herennius en detribún Popilius, hantlangers fan Markus Antonius, brochten Sisero op datseldichste plak ta de dea. Syn lêste wurden soene in wurdspiling west hawwe:"Der is neat behoarliks oan wat jimme dogge, mar besykje my teminsten behoarlik te deadzjen." NeffensPlutarchus bûgde er dêrnei foar syn moardners, dêrby synnekke ûntbleatsjend. Herennius soe doe de die dien en him de holle ôfslein hawwe. Neitiid houden hy en Popilius neffens de oarders fan Markus Antonius ek Sisero syn hannen ôf (dêr't er deFilippinen mei skreaun hie). Holle en hannen waarden neitiid yn itFoarum Romanum oan 'erostra spikere, sa't ek earderediktators, lykasGajus Marius enLusius Kornelius Sulla, dat mei de hollen fan harren fijannen dien hiene. Sisero wie trouwens de iennichste fijân fan it Twadde Triumviraat dy't dizze behanneling barre mocht. NeffensKassius Dio soe Markus Antonius syn frouFulvia yn it Foarum Romanum Sisero detonge útlutsen hawwe om dy by wize fan ultime wraak ferskate kearen mei inhierspjelde te trochboarjen.

Nei de dea fan syn heit joech Sisero syn soanMarkus him by it leger fan deLiberatores, mar krige neitiid ferjeffenis fan Oktavianus. Dyselde smiet him fan dy tiid ôf op as patroan fan 'e soan, in gong fan saken dy't ornaris útlein wurdt as in kwea gewisse oer de dea fan 'e heit. Markus wie yn30 f.Kr. tegearre mei Oktavianus konsul, en yn dy funksje wied er ferantwurdlik foar it ynlûken fan 'e earbewizen oanMarkus Antonius, de man dy't opdracht jûn hie ta demoard op syn heit. Neitiid tsjinne er as gûverneur fan 'e provinsjesSyrje enAazje.

Wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Inedysje fanOpera omnia út1566.

Sisero waard troch de ierekristlikeTsjerke útroppen ta in 'rjochtfeardigeheiden', en dêrom is in grut diel fan syn oeuvre oerlevere wylst dat fan oare heidenske auteurs út 'eAldheid mei opsetsin troch de Tsjerke ferneatige waard.

Boeken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
oer retoarika en polityk
  • 84 f.Kr. –De Inventione ("Oer de Gearstalling fan Arguminten")
  • 55 f.Kr. –De Oratore ad Quintum Fratrem Libri Tres ("Oer de Orator, Trije Boeken foar Syn Broer Kwintius")
  • 54 f.Kr. –De Partitionibus Oratoriae ("Oer de Underferdielings fan Taspraken")
  • 52 f.Kr. –De Optimo Genere Oratorum ("Oer it Bêste Soarte Orators")
  • 51 f.Kr. –De Re Publica ("Oer de Republyk")
  • 46 f.Kr. –Brutus ("Foar Brutus"; in koarte skiednis fan 'e Romeinske retoarika en orators, opdroegen oanMarkus Junius Brutus)
  • 46 f.Kr. –Orator ad M. Brutum ("Oer de Orator, oan M. Brutus")
  • 44 f.Kr. –Topica ("Underwerpen fan Beärgumintearring")
  • ?? f.Kr. –De Legibus ("Oer de Wetten")
  • ?? f.Kr. –De Consulatu Suo ("Oer [Sisero] Syn Konsulskip";epysk gedicht, fragmintarysk oerlevere)
  • ?? f.Kr. –De Temporibus Suis ("Syn Libben en Tiden"; epysk gedicht, folslein ferlern gien)
oer filosofy
  • 46 f.Kr. –Paradoxa Stoicorum ("Stoïsynske Paradoksen")
  • 45 f.Kr. –Hortensius
  • 45 f.Kr. –Lucullus ofAcademica Priora: Liber Secundus
  • 45 f.Kr. –Varro ofAcademica Posteriora
  • 45 f.Kr. –Consolatio ("Fertreasting"; hoe't men jinsels treaste moat by it ferstjerren fan in bemind persoan)
  • 45 f.Kr. –De Finibus Bonorum et Malorum ("Oer de Ein fan Goed en Kwea"; oangeandeetyk)
  • 45 f.Kr. –Tusculanae Quaestiones ("Kwestjes dêr't te Tuskulum oer Debatearre Waard")
  • 45 f.Kr. –De Natura Deorum ("Oer it Aard fan de Goaden")
  • 45 f.Kr. –De Divinatione ("Oer de Foarsizzing fan de Takomst")
  • 45 f.Kr. –De Fato ("Oer it Lot")
  • 44 f.Kr. –Cato Maior de Senectute ("Kato de Aldere oer Alderdom")
  • 44 f.Kr. –Laelius de Amicitia ("Lelius oer Freonskip")
  • 44 f.Kr. –De Officiis ("Oer Plichten")

Taspraken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan 'e taspraken fan Sisero waarden oarspronklik 88 skriftlik fêstlein, wêrfan't 52 oerlevere binne.

oer juridyske ûnderwerpen
oer politike ûnderwerpen
iere karriêre (foarôfgeande oan ballingskip)
  • 66 f.Kr. –Pro Lege Manilia ofDe Imperio Cn. Pompei ("Ta Ferdigening fan deLex Manilia" of "Op Befel fanPompejus")
  • 64 f.Kr. –In Toga Candida ("Feroardieling fan de Kandidaten [foar it Konsulskip fan 63 f.Kr.]")
  • 63 f.Kr. –De Lege Agraria contra Rullum ("Tsjin de Lânbouwet Foarsteld trochRullus")
  • 63 f.Kr. –In Catilinam I-IV ("Katalynske Oraasjes" of "TsjinLusius Sergius Katilina")
  • 59 f.Kr. –Pro Flacco ("Ta Ferdigening fanLusius Falearius Flakkus")
middelkarriêre (tusken ballingskip en regear fan Julius Caesar yn)
  • 57 f.Kr. –Post Reditum in Quirites ("Oan de Boargers nei [Myn] Weromkear út Ballingskip")
  • 57 f.Kr. –Post Reditum in Senatu ("Oan de Senaat nei [Myn] Weromkear út Ballingskip")
  • 57 f.Kr. –De Domo Sua ("Oer [Sisero] Syn Hûs")
  • 57 f.Kr. –De Haruspicum Responsis ("Oer de Antwurden fan deharûspysjes")
  • 56 f.Kr. –De Provinciis Consularibus ("Oer de Konsulêre Provinsjes")
  • 55 f.Kr. –In Pisonem ("TsjinPiso")
  • 52 f.Kr. –Pro Milone ("Ta Ferdigening fanTitus Annius Milo")
lettere karriêre
  • 46 f.Kr. – de 'Caesaryske taspraken:
  • 44 f.Kr. –Philippicae (de "Filippinen"; 14 taspraken tsjinMarkus Antonius)

Brieven

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sisero syn brieven oan en fan ferskate publike en net-publike figueren wurde beskôge as guon fan 'e betrouberste histoaryske boarnen oangeande de foarfallen dy't laten ta de fal fan 'e Romeinske Republyk en de persoanen dy't yn dat barren behelle wiene. Likernôch de helte fan 'e briefkerij is lykwols ferlern gien.

  • 68-43 f.Kr. –Epistulae ad Atticum ("Brieven oanTitus Pomponius Attikus")
  • 62-43 f.Kr.Epistulae ad Familiares ("Brieven oan Freonen")
  • 60-54 f.Kr. –Epistulae ad Quintum Fratrem ("Brieven oan Syn Broer Kwintius")
  • 43 f.Kr. –Epistulae ad Brutum ("Brieven oanBrutus")

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMarcus Tullius Cicero fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Markus_Tullius_Sisero&oldid=1064569"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp