De lannen dy't meastentiids ta Sintraal-Jeropa rekkene wurde.
Sintraal-Jeropa ofMidden-Jeropa is it gebiet dat tuskenEast-Jeropa enWest-Jeropa yn leit en de midden fan itJerpeeskekontinint beslacht. Wêr't krekt de grinzen fan dit gebiet lizze, is dizenich, mei't der in hiel soad ferskillende definysjes fan besteane. Wat neffens ien definysje ta Sintraal-Jeropa heart, kin yn in oarenien wol ta East-, West-,Noard-,Súd- ofSúdeast-Jeropa rekkene wurde. It ferskil yn definysjes wurd feroarsake troch wêr't men sa'n definysje op basearret, en dêrby kin it gean omgeografyske,histoaryske,polityk-steatkundige,kulturele ofetnyske omtinkens. Lang hat de term 'Sintraal-Jeropa' grutdiels yn ûnbrûk west om't it wrâlddiel yn 'e tiid fan 'eKâlde Oarloch by itIzeren Gerdyn lâns opdield wie yn in westlik en in eastlik part, wêrby't Sintraal-Jeropa midstwa snien waard.
By oare definysjes wurde ornaris gebieten oan 'e boppeneamde omskriuwing fan Sintraal-Jeropa tafoege. As dêrby lânsgrinzen folge wurde, kin dat gean om: