Lokaal wurdt sein dat it eilân opdield is troch inFrânske en inHollânskematroas de kust fan it eilân beide kanten út ofrinne te litten, mei de oare ein fan de skieding op it stee dêr't hja elkoar wer moeten. Dat moat ferklearje wêrtroch it sa alles oan de noardkant is en alles oan de súdkant. Dat de twa parten net likegrut binne, soe dan te krijen hawwe mei hoe hurd as elts fan beiden rûn hat. Lykwols, as dat wier sa wie, dan hie de grins tusken de twa punten streekrjoch wêze moatten.
Dat dat dy skieding net wier streekrjocht is, jout oan dat yn stee derfan de grins by ferdrach foarme is, mei parten by it noarden en súden parte nei oanlieding fan wa't krekt oanspraak hie. Feitlik is Sint-Marten yn1648 ferdield yn itFerdrach fan Concordia om strategysk, ekonomysk en geografyske grûn[1]. De grins waard letter nochris hifke yn1816 en yn2023.[2]
Sint-Marten hat de grutste cruisehaven fan itKeninkryk fan 'e Nederlannen, mei jierliks 1,5 miljoen besikers[3]. Dêrneist hat it ien fan de grutste jachtsektoren fan de regio. De Nederlânske kant hat 3568 hotelkeamers en 2339 filla’s en apparteminten te hieren ("ûnôfhinklike fakânsjeferhier")[4]. Oan de Frânske kant binne dat wat mear yn de lêste kategory mar minder hotelkeamers (1100).
De oerslachhaven fan Sint-Marten is innauwe (hub) foar frachtferfier oer see. De Nederlânske kant hat in ekonomyske funksje nei de oare eilannen yn ’e regio.
Fleanfjild Princess Juliana International Airport (PJIA, IATA:SXM)[5]is op deselde wize in wichtige nauwe foar de noardeastlike Karibyen. It betsjinnet sawol de Nederlânske as de Frânske kant wat ynterkontinentale flechten oanbelanget; itselde jildt foar Saba, Sint-Eustasius, Sint-Bartelemy en foar in wichtich part foar Anguilla enSint-Kits en Nevis.
Orkaan Irma skeinde it fleanfjild yn 2017. Weropbou duorret in protte jierren. Uteinlik waard it NederlânskeBallast Nedam ynskeakele om it gebou wer folslein aktyf te meitsjen. Op 14 novimber 2024 iepeneprinses Beatrix it nije fleanfjild, neamd nei har mem[6].
De Frânske kant hat in lyts cruise- en oerslachhaventsje, mar ûndjipten beheine de tagong fan de hjoeddeiske grutte skippen foar cruise en fracht. Hoewol’t Grand Case airport[7] yn teory gruttere fleantugen ûnderbringe koe, is dêr nea wurk fan makke, om’t twa ynterkontinentale fleanfjilden op in lyts eilân ûnnedige konkurrinsje wêze soene. It Frânske fleanfjild betsjinnet no Guadeloupe, Martinique en Sint Barths mei lytse fleantugen.