Desinne is destjer dy’t tichtst by deierde stjit en is it helderste objekt oan dehimel. De Sinne foarmet it middelpunt fan itsinnestelsel.
Beneamingen dy’t minder faak brûkt wurde binneHelios enSol, dit binne de nammen fan deGrykske enRomeinske goaden fan de sinne. Itastronomyske symboal is in sirkel mei in stip yn de midden:.
Eartiids waard de sinne ek wol as planeet sjoen, foaral yn de tiid doe itgeosintrisme noch as wier beskôge waard.
De sinne befynt him sa'n 27.000ljochtjier fan it sintrum fan itmolkenpaad yn de ûngefear 3000 ljochtjier dikke galaktyske skiif en op 1AI (149,6 miljoen kilometer) fan de ierde. De sinne beweecht him mei in snelheid fan rûn de 220 km./sek yn ûngefear 226 miljoen jier ien kear rûn it sintrum fan ús stjerrestelsel, it molkenpaad. Binnen itmolkenpaadstelsel is it in ûnopfallende, min of mear trochsnee stjer. Se is mei in trochhinne trochsnee fan sa'n 1.392.000kilometer it grutste objekt yn ús sinnestelsel en beslacht 99,8% fan de massa fan ús hiele sinnestelsel. De sinne bestiet foar it grutste diel útwetterstof; yn de bûtenste lagen rûn de 91 molpersint of 70 massapersint. It oare elemint dat in protte foarkomt ishelium; rûn de 9 molpersint of 28 massapersint. Yn it sintrum fan de sinne, dêr't troch kearnreaksjes wetterstof omsetten wurdt yn helium is it gehalte wetterstof nei alle gedachten leger (35 massapersint) en dat fan helium heger (63 massapersint). Dy getallen binne fansels berekkene, net metten.