Sinklegearings wurde al iuwenlang brûkt. YnPalestina en it eardereTranssylvaanje binne objekten fûn dy't oant 87% út sink besteane en komme út 1400 f.Kr. Om it jier1000 hinne waard ynYndia al sink raand en foar in part suvere. Oan de ein fan de14e iuw koenen Hindoestanen sink ûnderskiede fan doe al bekende oare metalen. Yn de Westerske Wrâld wurdt de ûntdekking fan sink meast taskreaun oan de DútserAndreas Sigismund Marggraf yn it jier1746. Hy joech it metaal de hjoeddeiske namme 'sink'.
De reden dat men yn Europa pas yn de18e iuw sink meitsjen learde, wylst messing ("giel koper"), in legearing fan koper en sink, al iuwenlang bekend wie, leit yn swierrichheid om dit metaal. Sink wurdt nammentlk al by betreklik lege temperatuer (907 °C) gasfoarmich. Yn de ûnen dêr't sinkerts mei koalstof yn hjitmakke wurdt, hat it metaal dus de niging om yn gasfoarmige tastân mei de útlaatgassen te ûntsnappen. Mar as der lykwos in mingsel fan kopererts en sinkerts brûkt waard, waard de sinkdamp daliks yn it floeibere koper oplost. Dêrom wie it meitsjen fan messing gjin probleem.Yn Yndia en Sina wie al om 1100 ûntdekt dat men it metaal winne koe troch in relatyf kâld foarwerp (bg. in ierdewurken pôt) yn de gasfoarch sin befetsjende útlitgassen te stekken. De sinkdamp slaat dan op dit foarwerp del.Tusken 1600 - 1750 waard sink (yn betreklik lytse hoemannichten) út Yndia en Sina nei it op dit punt technologysk "efterlike" Europa eksporteare.
Desink sinkokside syklus of Zn/ZnO syklus is in twa fazes termogemysk proses op basis fan sink en sinkokside[1] foar de produksje fan wetterstofgas[2] met een typische efficiëntie van 40 %[3].
It metaal is blauwich wyt en reedlik stabyl oan de loft, hoewol't it readhit baarne kin. It is in frij goede gelieder en it is yn ferhâlding frij flechtich: itkôkpunt leit by mars 907 °C.Sinkgemy wurdt behearske troch de 3d104s2 konfiguraasje fan it metaal. De 3d-skyl is fol en gedraacht him by sink foar it earst hielendal as binnenskyl. XPS (X-ray Photoelectron Spectroscopy) lit sjen dat de 3d elektroanen ûngefear 10 eV ûnder itFermi-nivo lizze. Dêrtroch binne allinnich de twa 4s elektroanen beskikber foar wikselwurking mei oare atomen en gedraacht it elemint him as in post-oergongsmetaal (in haadgroepmetaal). Itoksidaasjegetal is allinnich +2 en kwa gemyske eigenskippen liket it wat opmagnesium, hoewol't it metaal in stik edeler is.
Yn de omjouwing fan sinkminen of oare sinkhâldende grûn ûntwikkelt him soms in spesjale plantegroei, de sinkfloara. In foarbyld hjirfan is itsinkfioeltsje.
Sink waard yn Yndia al yn de13e iuw út itmineraalkalamyn wûn troch it mei organysk materiaal (wol) te ferhjitsjen. It komt frij folle foar yn ertsen assfaleryt (of sinkblende, ZnS),smitsonyt (in karbonaat) en kalamyn (in silikaat).
Yn de natuer komt sink op ierde as fjouwer stabile isotopen foar:64Zn,66Zn,67Zn en68Zn, wêrby't64Zn mei 48,6% it grutste diel útmakket. Dêrneist kinne der 22 radioaktive isotopen ûnderskieden wurde meiferfaltiden wikseljend fan inkele milisekonden oant rom 244 dagen foar65Zn.