Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Simple Minds

Ut Wikipedy
Simple Minds
band
Simple Minds yn 2017
Simple Minds yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitBritsk
sjongtaalIngelsk
sjenrePunk
bestean1977 - no
label(s)Zoom,
Virgin,
Chrysalis,
Eagle,
Sanctuary,
Universal,
Sony,
Caroline,
BMG
websideOffisjele webstee
âld-ledenBrian McGeedrums (1977–1981),
Tony Donaldbas (1977–1978),
John Milarkygitaar (1977),
Allan McNeillgitaar (1977),
Duncan Barnwellgitaar (1978),
Mick MacNeiltoetsen (1978–1990),
Derek Forbesbas (1978–1985, 1996–1998),
Kenny Hyslopdrums (1981–1982),
Mike Ogletreedrums (1982),
Mel Gaynordrums, (1982–1991, 1997–1998, 2002–2016)
John Giblinbas (1985–1989)
Eddie Duffybas (1999–2010),
Andy Gillespietoetsen (2002–2005, 2007–2016),
Catherine ADtoetsen (2014-2018)
leden
SangJim Kerr
GitaarCharlie Burchill
BasGed Grimes
DrumsCherisse Osei

Simple Minds is inSkotskePunkband oprjochte yn1977 ynGlasgow. Simple Minds begûn ûnder de nammeJohnny & the Self-Abusers. Fan ein 1977 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Simple Minds. De band brocht yn1979 syn debútalbumLife in a Day út. Simple Minds hat achtjin studio-albums en njoggen live-albums útbrocht.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De groep Simple Minds waard yn 1977 oprjochte. Dat wie ynearsten ûnder de nammeJohnny & the Self-Abusers, troch Charlie Burchill, Jim Kerr, Brian McGee en Tony Donald. Harren betide muzyk, mei ûnder oaren ynfloeden fanDavid Bowie en Magazine, krige erkenning binnen de newwavestreaming. De earste singles wiene lykwols net suksesfol. De groep besocht dêrnei om nûmers te meitsjen dy't tichter by de kommersjele popmuzyk leinen.

Yn 1982 wie drummer Mel Gaynor by de band kaam en brocht de groep albums út dy't makliker wiene om nei te lústerjen. Dy albums levere de groep in pear lytse hitsjes op,Promised you a miracle wie ek yn Nederlân in hit. Harren grutte trochbraak kaam mei it nûmerDon't You (Forget About Me út1985. Dit nûmer kaam yn in soad lannen op nûmer ien, dit wie ek ynNederlân it gefal.[1] Dit nûmer waard skreaun as soundtrack foar deAmerikaanske filmThe Breakfast Club. It nûmer wie yn deFeriene Steaten ek op nûmer ien te finen, oant no ta de iennichste grutte hit dy't de band dêr hie.

Koart nei dy hit ferliet de bassist Derek Forbes de band. Oare hits dy't yn de top tsien stiene yn dy tiid wieneAlive and Kicking,Sanctify Yourself enAll The Things She Said. Yn1988 organisearre de band yn gearwurking mei Jerry Dammers fanThe Specials itNelson Mandela 70th Birthday Tribute Concert yn itLondenskeWembley Stadion. Spesjaal foar dizze gelegenheid waard it nûmerMandela Day útbrocht en dit waard ek in hit. Oan 'e ein fan de jierren tachtich hie de band in twadde hit dy't yn Nederlân op nûmer ien kaam, it nûmerBelfast Child út 1989. Yn 1983 hie Jim Kerr tegearre mei de rockgroepU2 in optreden op it Belgyske muzykfestivalRock Werchter. Yn 1985 hat de band in optreden jûn ynPhiladelphia op it benefytkonsertLive Aid, dat organisearre waard trochBob Geldof enMidge Ure om jild op te heljen foar de hongersneed ynEtioopje.

Nei de jierren tachtich waard it rêstiger om de Simple Minds hinne. Dat kaam ûnder oaren trochdat de toetsenist Mick MacNeil de band ferlitten hie. De band hie noch hits meiLet there be love (1991, Real Life) enShe's a river (1995, Good News From The Next World). Nei'tVirgin it betrouwen yn Simple Minds opsein hie, brocht de band it albumNeapolis út yn 1998. Yn dat album waard besocht om by de woartels werom te kommen, sa't te hearren west wie op it album New Gold Dream. Foar dit album waard bassist Derek Forbes weromfreege, om't se de feardigens fan de orizjinele bassist goed brûke koene. Forbes hie lykwols gjin ynteresse om as fêst bandlid werom te kommen by de band.

2002-2008: Cry en Black & White 050505

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 2002 kaam de band werom mei ûnder oaren harren fêste drummer Mel Gaynor (1982-1991) mei it fris hearende albumCry. Kerr makke yn 2004 ek it nûmerCynical Heart mei ittranceduoJam & Spoon. Yn 'e maitiid fan 2005 wurke Simple Minds yn deWisseloord Studio's oan in opfolger fan dat album. De cdBlack & White 050505 ferskynde op 12 septimber.Home wie de earste single. Yn septimber 2005 wie Simple Minds ynParadiso ynAmsterdam foar in promoasjekonsert. Yn 2006 waard troch Simple Minds trochJeropa toerd en ekAustraalje enNij-Seelân waarden oan dien.

Sûnt 2002 bestiet Simple Minds út: Jim Kerr: sjongen (1978-no), Charlie Burchill: gitaar (1978-no), Mel Gaynor: drums (1982-1991, 1997-1998, 2002-2017), Ged Grimes: basgitaar (2010-no), en Andy Gillespie: toetsen (2002-2005, 2007-2017).

2009-2011: Graffiti Soul

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op 25 maaie 2009 kaam it fyftjinde studioalbumGraffiti Soul út, mei in deluxe-edysje. It nije album betsjutte ek dat der in nije wrâldtoernee kaam. It earste nûmer dat fan dat album útbrocht waard, isRockets. Yn Dútslân waard der keazen omStars will lead the way as earste single te brûken, mei licht oantrúnjen fan de platemaatskippij.

Op 15 augustus 2009 wiene Simple Minds de ôfsluter fan it festivalPinkpop Classic ynLandgraaf. Yn 2010 brocht Jim Kerr syn earste solo-album út. Hy brocht dat út ûnder de nammelostboyAKA en it album hie deselde namme.

2012: X5

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2012 kaam der in boks út dêr't de earste fiif albums op bondele stiene mei de titelX5. Der stiene ek remastere nûmers op en it nedige bonusmateriaal. Yn de earste moannen fan 2012 wie der in 'yntieme' toernee "5X5 Live". Fan de earste fiif albums waarden der fiif nûmers it album spile. Fan de ferskate optredens yn dat jier kaam der in live cd út:5x5 live. Yn 'e maitiid stie de band wer yn de studio om de opfolger fanGraffiti Soul op te nimmen. Ein juny gie Simple Minds de hiele wrâld wer oer om optredens te jaan. Sy joegen op 30 juny ek in konsert op itBelgyske pop- en rockfestivalRock Werchter.[2]

2013-2014: Celebrate

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 2013 kaam der in sammelalbum út datCelebrate as namme hie. Op dit album wie in nij nûmer te finen:Broken glass park. Yn dat jier begûn de band oan in grutte toernee mei de nammeCelebrate Greatest Hits. De toer begûn yn Amsterdam en yn juny en july 2014 waard troch de band spile op de festivalsRetropop enBospop. De toernee einige op 12 septimber 2014 yn Durham, Ingelân. De show yn Glasgow waard filme foar de dvd/blue-ray dy't yn maaie 2014 ferskynd is. Dat optreden is ek útbrocht as live cd.

2014-2015: Big Music

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ein oktober 2014 kaam der in nij album út,Big Music. De earste single,Honest Town, waard yn septimber al presintearre. Ek kundige de band oan om yn 2015 in toernee te jaan yn Jeropa en it Feriene Keninkryk fanwegen it nije album. Op 23 novimber 2015 waard der spile yn deHeineken Music Hall yn Amsterdam. Dizze datum waard op 30 oktober 2014 bekind makke, doe't Simple Minds de singleHonest Town spile ynDe Wereld Draait Door. Om't de earste show gau útferkocht wie, waard yn maart 2015 in twadde konsert oankundige op 24 novimber 2015.

Yn 2015 waard it albumSparkle in the rain op 'e nij útbrocht. Yn Nederlân kaam it nei mear as tritich jier wer yn de Album Top 100 te stean foar in wike.

2016-2017: Acoustic

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn oktober 2016 kundige de band it nije albumAcoustic oan. Op dit album binne in tal hits as akoestyske ferzje útbrocht. Der stiet ek in cover fan it nûmerLong Black Train fanRichard Hawley op. It album ferskynde op 11 novimber 2016. Letter dat jier en yn 'e maitiid fan 2017 joegen Jim Kerr en Charlie Burchill akoestyske optredens troch hiel Jeropa by deNight of the Proms konserten. Nei dy optredens kaam der in toer troch Jeropa en it Feriene Keninkryk. Op 14 maaie 2017 waard der ynCarré yn Amsterdam spile.

Sûnt dit album binne Mel Gaynor (drummer) en Andy Gillespie (toetsenist) foar ûnbepaalde tiid út de band gien. Yn harren plak kamen Sarah Brown (eftergrûnsjongeres), Gordy Goudy (gitarist), Cherisse Osei (drummer) en Catherine AD (toetsenist) der by.

Yn 2016 waard ek it albumNew Gold Dream (81/82/83/84) op 'e nij útbrocht. Yn Nederlân kaam dit album ek nei dik tritich jier wer yn de Album Top 100 werom.

2018-no: Walk Between Worlds

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn novimber waard in nij studio-album oankundige mei de nammeWalk Between Worlds. It album kaam op 2 febrewaris 2018 út en der kaam in koarte promoasjetoer. De band kaam bygelyks yn de Ancienne Belgique ynBrussel en ynParadiso yn Amsterdam. Letter kaam der in wiidweidige toer troch it Feriene Keninkryk (yn 'e mande meiThe Pretenders) en yn de simmer fan 2018 stie de band op festivals yn Jeropa.

De band sjocht der kwa besetting itselde út as by it eardere albumAcoustic. Mel Gaynor en Andy Gillespie binne no foar goed by de band wei.

Diskografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Studio-albums

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
AlbumUtbrocht opLabelSingles
Life in a Day20 april1979ZoomLife in a Day,
Chelsea Girl
Real to Real Cacophony11 novimber1979Changeling
Empires and Dance12 septimber1980I Travel,
Celebrate
Sons and Fascination28 augustus1981VirginLove Song,
Sweat in Bullet
Sister Feelings CallThe American
New Gold Dream (81/82/83/84)13 septimber1982Promised You a Miracle,
Glittering Prize,
Someone Somewhere in Summertime
Sparkle in the Rain6 febrewaris1984Waterfront,
Speed Your Love to Me,
Up on the Catwalk
Once Upon a Time21 oktober1985Alive and Kicking,
Sanctify Yourself,
All the Things She Said,
Ghost Dancing
Street Fighting Years8 maaie1989Belfast Child,
This Is Your Land,
Kick It In,
Let It All Come Down
Real Life8 april1991Let There Be Love,
See the Lights,
Stand By Love,
Real Life
Good News from the Next World7 febrewaris1995She's a River,
Hypnotised
Néapolis16 maart1998ChrysalisGlitterball,
War Babies
Neon Lights8 oktober2001Eagle
Cry1 april2002Cry,
Spaceface
Our Secrets Are the Same18 oktober2004Virgin
Black & White 05050512 septimber2005SanctuaryHome,
Stranger
Graffiti Soul25 maaie2009UniversalRockets,
Stars Will Lead the Way,
This Is It
Big Music31 oktober2014SonyHonest Town,
Let the Day Begin,
Midnight Walking
Acoustic11 novimber2016CarolinePromised You a Miracle
Walk Between Worlds2 febrewaris2018BMGMagic,
The Signal and The Noise,
Sense of Discovery,
Summer

Live-albums

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
AlbumUtbrocht opLabel
Live in the City of Light11 maaie1987Virgin
Real Live 911 maaie1998Mindmood
Sunday Express – Live (Vol. 1 & 2)april2007Sunday Express
Live 2011july2011Concert Live
5X5 Live19 novimber2012Virgin
Celebrate – Live at the SSE Hydro Glasgowjuny2014
Live – Big Music Tour 201514 novimber2015Simple Minds Ltd.
Acoustic in Concertjuny2017Eagle Rock Entertainment
Live in the City of Angels4 oktober2019BMG

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
AlbumUtbrocht op
Themes for Great Cities 79/811 novimber1981
Celebration1 febrewaris1982
Alive and Kicking (84,85,86)oktober1986
Glittering Prize 81/928 oktober1992
The Promised29 septimber1997
Early Gold30 juny2003
Live and Rare10 desimber2003
Celebrate: The Greatest Hits25 maart2013
Icon – The Best Of
Sparkle in the Rain16 maart2015
40: The Best of 1979–20191 novimber2019

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Don't You (Forget About Me) stie op nûmer ien yn deTop 40. Yn deNasjonale Hitparade waard it nûmer it heechst notearre op it twadde plak.
  2. http://www.rockwerchter.be/nl/geschiedenis/detail/rock-werchter-2012
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Simple_Minds&oldid=1080346"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp