De oarsprong fan 'e Simmearjers is ûndúdlik. Yn 'eOdyssee fanHomearus, dy't datearret út 'e letteachtste iuw f.Kr., wurdt (yn 11:14) gewach makke fan 'eKimmerioi, dy't oarekant deoseaan yn in lân fandize entsjuster wenje soene, oan 'e râne fan 'e wrâld, deunby de yngong fan 'eûnderwrâldHades.
Yn 'enjoggende enachtste iuw f.Kr. waarden de Simmearjers fan 'e Pontysk-Kaspyske Steppe ferdreaun troch de ekspânsje fan 'eSkyten, dy't in Iraansk folk wiene. De ferdriuwing en de dêropfolgjende Simmearyske ynvaazje fanTranskaukaazje enAnatoalje wurde sjoen as in ûnderdielen fan 'eynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid. Hoewol't de Simmearjers troch harren tiidgenoaten gauris omskreaun waarden askultureel 'Skytysk', moatte se oerdúdlik dochsetnysk ûnderskaat west hawwe fan 'e eigentlike Skyten. Oer harren ferdriuwing is net folle mei wissichheid te sizzen.
NeffensHerodoatus lei it heitelân fan 'e Simmearjers tusken derivier de Tyras (Dnjestr) en de Tanais (Don) yn. Hy skreau ek dat se harren fûleindich oankanten tsjin 'e ferdriuwing, mar belies jaan moasten foar de nûmerike mearderheid fan 'e Skyten oer. Demanlike leden fan it Simmearyskekeningshûs woene lykwols bewissigje dat se yn 'e grûn fan harren heitelânbegroeven waarden. Dêrom ferdielden se harsels yn twa groepen en befochten inoar oant dedea. It miene folk begroef harren neitiid oan 'e Tyras en ûntflechte doe fia twa rûtes it Simmearyske heitelân: oer de Tyras nei itwesten ta,East-Jeropa yn, en oer de Tanais nei it súdeasten ta, troch deKoeban en oer deKaukasus neiTranskaukaazje enAnatoalje.
It is ûndúdlik hoefolle fan it ferhaal fan Herodoatus op wierheid berêst, mei't mytologisearring fan 'eskiedskriuwing yn syn tiid as folslein akseptabel sjoen waard. Boppedat skreau er trije iuwen letter, omtrint440 f.Kr. Hy neamde ek in stikmannich Simmearyskekeningen, ûnder waTûkdammê (hellenisearre taLygdamis), dy't regearre yn 'e midden fan 'esânde iuw f.Kr., enSandachsjatra, dy't hearske yn 'e lettesânde iuw f.Kr.
De ûnderstelde oarsprong fan 'e Simmearjers,noardlik fan 'eKaukasus oan 'e ein fan 'eBrûnstiid, komt loskes oerien mei deargeologyske fynsten fan in ierebeskaving dy't bekend stiet as deKobankultuer (tolfde oantfjirde iuw f.Kr.), mar der is gjin oertsjûgjende reden om dy beskaving spesifyk mei de Simmearjers te assosjearjen.
Fersprieding fan 'Trako-Simmearyske'argeologyske fynsten (op basis fan gegevens út1986).
It betiteljen fan dy fynsten as 'Simmearysk' is kontroversjeel, of op syn bêst in ynsliten gewoante dy't net beskôge wurde moat as in letterlike bewearing dat de spesifikeartefakten wat te krijen hawwe mei de Simmearjers dy't neamd wurde yn 'eGrykske enAssyryske boarnen. It gebrûk fan 'e namme 'Simmearysk' yn dizze kontekst giet werom op it wurk fanPaul Reinecke, dy't yn1925 in "Noardtrasysk-Simmearyske kulturele sfear" foarstelde, dy't oerlaapje soe mei de jongereHallstatt-kultuer yn 'e eastlikeAlpen.
De besibbe term 'Trako-Simmearysk' waard yn 'e1930-er jierren yntrodusearre troch deRoemeenske argeoloochIon Nestor. Dy woe dêrmei suggerearje dat der oan it begjin fan 'eIzertiid in histoaryskemigraasje west hie fan Simmearjers út it gebiet fan 'e eardereSrûbnaja-kultuer nei East-Jeropa, mooglik feroarsake troch de Skytyske ekspânsje. Yn 'e1980-er en1990-er jierren waarden stelselmjittiger stúdzjes fan 'e opdobbe artefakten útfierd, dy't wiisden op in stadiger ûntwikkeling oer in perioade dy't denjoggende oant en mei desânde iuw f.Kr. besloech. De term 'Trako-Simmearysk' wurdt tsjintwurdich sadwaande inkeld noch út gewoante brûkt en ymplisearret gjin direkte bân mear mei itsij deTraasjers, itsij de Simmearjers.
Hoewol't fan 'e Simmearjers dy't nei de ferdriuwing út harren heitelân nei it westen flechte wêze soene, dus fierders neat bekend is, leit dat oars foar dejingen dy't fia deKoeban deKaukasus oerstieken en op dy manearTranskaukaazje enAnatoalje berikten. Under de ûntdekkings dy't deIngelske argeoloochAusten Henry Layard yn 'e keninklikeargiven fan itAssyryske Ryk ynNinevee enKalah die, wiene beskriuwings fan in Simmearyske ynvaazje. Dêryn wurdt it Simmearyske thúslân,Gamir ofOeisjdisj, lykwols súdlik fan 'e Kaukasus pleatst, binnen de grinzen fan 'e buffersteatMannai, oan 'e súdwestkust fan 'eKaspyske See, yn wat noAzerbeidzjan is.Histoarisy binne ornaris fan tinken dat soks op in misbegryp fan 'e Assyrjers berêste moat. Itselde jildt foar de letteregeograafPtoleméus, dy't de Simmearyske stêd 'Gomara' yn dy krite hawwe woe.
De ierste fermelding fan 'e Simmearjers yn 'e Assyryskeannalen datearret fan714 f.Kr., doe't guonkrigers fan in folk dat deGimirri neamd waard, it leger fan 'e Assyryske keningSargon II holpen om itkeninkrykOerartû te ferslaan. Nei dy nederlaach sloech de Oerarteeske keningRûsas I dehân oan himsels. Neitiid waard Oerartû infazalsteat fan itNijassyryske Ryk. Doe't de Simmearjers neitiid fannijs Oerartû binnenfoelen, fûnen se sadwaande it Assyryske leger op harren paad. Yn705 f.Kr. waarden se ferslein en út Transkaukaazje ferdreaun troch Sargon II, hoewol't dyselde by dyfjildtocht kaam tesneuveljen.
Neitiid krongen de SimmearjersAnatoalje binnen, dêr't se yn696 en695 f.Kr. it keninkrykFrygje feroveren. By dy gelegenheid naam de Frygyske keningMidasfergif yn om foar te kommen dat erkriichsfinzen nommen wurde soe. Yn679 f.Kr. foelen de Simmearjers út 'Hûbûsjna' (Kappadoasje?) wei de Assyryskekoloanjes ynSilysje enTabal oan, wêrby't se ûnder lieding stiene fan in keningTeûsjpa. Se waarden lykwols beslissend ferslein troch de Assyryske keningEsarhaddon. Fan676 oant674 f.Kr. foelen de Simmearjers Frygje wer binnen, dat se alhiel ferwoastgen. Se krongen doe nei it westen troch oantPaflagoanje.
Tsjin 'e midden fan 'esânde iuw f.Kr. wiene de Simmearjers op it hichtepunt fan harren macht. Yn654 f.Kr. of652 f.Kr. (de krekte datearring is ûnwis) fierden se in ynvaazje fan it keninkrykLydje út, wêrby't de Lydyske keningGyges sneuvele en de LydyskehaadstêdSardisplondere en fierhinne ferwoastge waard. De fal fan Sardis wie in grutte skok foar de omlizzende lannen. DeAldgrykskedichtersKallinus enArchilochus leine yn harren wurk deeangst fêst dy't him nei it hearren fan itnijs master makke fan 'e bewenners fan 'eGrykskekoloanjes ynIoanje. Guon dêrfan waarden neitiid ek wurklik oanfallen troch de Simmearjers en in mei harren ferbûneTrasyske stamme, deTrearen.
Om dyselde tiid hinne, yn653 f.Kr., setten de Simmearjers ûnder lieding fanTûkdammê útein mei in ynvaazje fan it Assyryske Ryk. Tûkdammê waard yn641 f.Kr. of640 f.Kr. ferslein en deade, hoewol't net dúdlik is troch wa. Ornaris wurdt oannommen dat de Assyryske keningAsjoerbanipal dêr ferantwurdlik foar wie, mar de skiedskriuwerStrabo suggerearret dat it ynstee de Skytyske keningMadys wie.
Yn644 f.Kr., foelen de Simmearjers Lydje fannijs binnen, ûnder it regear fanArdys fan Lydje, de soan fan Gyges. Se namen jitris Sardis yn, mar diskear útsein de keninklikesitadel. De Simmearyske besetting wie fan koarte doer, mooglik fanwegen itútbrekken fan inbesmetlikesykte. Tusken637 f.Kr. en626 f.Kr. waarden de Simmearjers weromkrongen en definityf ferslein trochAljattes fan Lydje, de opfolger fan Ardys. Dy nederlaach markearre de effektive ein fan 'e Simmearyske hegemony yn Anatoalje. Nei619 f.Kr. binne der gjin berjochten mear oer de Simmearjers. Histoarisy achtsje it wierskynlik dat se harren nei wenjen setten ynKappadoasje, dat yn itArmeensk bekend stiet as Գամիրք,Gamir-k’, sa't neffens Assyryske boarnen ek it Simmearyske thúslân hiet. Yn Kappadoasje soene se meitiid troch assimilaasje opgien wêze yn oareetnyske groepen.
Yn 'eBabyloanyskeBehistûn-ynskripsje, dy't datearret fan omtrint515 f.Kr., waard de termGimirri noch ien kear neamd, mar dy waard dêr by fersin lykslein mei de IraanskeSaka, in Skytyske stamme.
Histoarisy út 'eIer Moderne Tiid woene wol hawwe dat deKelten of deGermanen fan 'e Simmearjers ôfstammen. Dêrby waard wiisd op 'e oerienkomsten yn 'eútspraak fanCimmerii meiCymry, itendonym fan 'eWelsen, of meiCimbri, deLatynske namme foar deKimbren, in Germaanske stamme út 'e Klassike Aldheid. De no algemien akseptearreetymology fanCymro ("Welsman";meartal:Cymry) is dat it him ûntjûn hat út itBrytoanyske wurd *kom-brogos, dat "lânsman" ("lânsgenoat") betsjut.
Debibelske namme "Gomer", neamd ynGenesis 10, wurdt troch guon saakkundigen mei de Simmearjers yn ferbân brocht.
Der wurdt ek wol spekulearre dat de hjoeddeistige stêdGjûmri (Armeensk: Գյումրի), ynArmeenje, dy't oarspronklikKûmajri (Կումայրի) hiet, synnamme tanket oan Simmearjers dy't har dêre nei wenjen setten.
Conan de Barbaar is infiktyfpersonaazje, dat yn1932 skepen waard troch deAmerikaanskeskriuwerRobert E. Howard. Yn 'e ferneamdeferhalen oer him wurdt er kear op kear omskreaun as in Simmearjer. De Simmearjers fan Howard binne lykwols in fiktyf folk dat yn inoptochte wrâld libbet yn 'e mytologyskeHyborian Age ("Hyboriaansk Tiidrek"), en dat neat mei de histoaryske Simmearjers út te stean hat.