Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
InGemeindeverwaltungsverband is:
- GVV Gammertingen mei de sit yn Gammertingen; oansletten gemeenten: de stêden Gammertingen, Hettingen en Veringenstadt en de gemeente Neufra.
- GVV Mengen mei de sit yn Mengen; oansletten gemeenten: de stêden Mengen en Scheer en de gemeente Hohentengen.
- GVV Sigmaringen mei de sit yn Sigmaringen; oansletten gemeenten: de stêd Sigmaringen en de gemeenten Beuron, Bingen, Inzigkofen, Krauchenwies en Sigmaringendorf.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e stêd Bad Saulgau mei de gemeente Herbertingen.
- VVG fan 'e stêd Meßkirch mei de gemeenten Leibertingen en Sauldorf.
- VVG fan 'e stêd Pfullendorf mei de gemeenten Herdwangen-Schönach, Illmensee en Wald.
- VVG fan 'e gemeente Stetten am kalten Markt mei de gemeente Schwenningen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk inerfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]