Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Side-out

Ut Wikipedy

Side-out is in sportterm dy't oanjout dat it rjocht om op te slaan nei de tsjinpartij giet. By in side-out wint de partij dy't de opslach opfangt de rally.

Follybal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Byfollybal skoart de ûntfangende partij tsjintwurdich by in side-out in punt. Oant2000 waard yn in side-out sitewaasje gjin punt takend, mar gie allinne de opslach oer nei de oare partij. Nei in soad diskusje is yn dat jier itrally point systeem ynfierd om it spul moaier en de telling foar it publyk dúdliker te meitsjen en wurdt der by in side-out wol in punt takend.

Muorrekeatsen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By itmuorrekeatsen giet by in side-out allinne de opslach nei de ûntfangende partij. Allinne de partij oan de opslach kin dêr punten skoare. Yn oan it muorrekeatsen relatearde sporten lykasracketball,squash enpaddleball komt de side-out wol foar, mar wurdt dêrferlies fan opslach neamd. In side-out yn it muorrekeatsen wurdt ek wol side-down of koartwei "out" neamd.

Rounders

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By itIngelske spulrounders, dat wol wat wei hat fanslachbal enhonkbal, stiet side-out foar de spulsitewaasje wêrby de ûntfangende partij gjin slachman mear yn de wacht hat.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Side-out&oldid=643441"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp