Itmantsje fan 'e Sibearyske wezeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 28–39 sm, mei in sturtlingte fan 151/2–21 sm en in gewicht fan 650–820 g. Itwyfke is in wat lytser en in stik lichter, mei in kop-romplingte fan 25–301/2 sm, in sturtlingte fan 131/3–161/3 sm en in gewicht fan 360–430 g. Sibearyske wezelingen hawwe, krekt as alle oarelytse marters, in lang, útrutsenlichem en koartepoaten, mar se binne steviger boud as deberchwezeling (Mustela altaica), demurd (Mustela putorius) of dewezeling (Mustela nivalis), en kinne yn grutte deJeropeeske nerts (Mustela lutreola) suver belykje. Reuze-eksimplaren fan dit bist komme foar op 'eBarabasteppe fan sintraal súdlik Sibearje.
Dewinterpels fan 'e Sibearyske wezeling is tige ticht en sêft. De bisten binne ienkleurich, mar dy ienekleur kin útinoar rinne fanreadoker oantdûnkergiel. Defangen enbealch skaaie justjes ljochter út as itrêchhier. Ek desturt is ljochter fan kleur. Op 'ekop hat de Sibearyske wezeling in dûnker,kofjebrunich masker oer deeagen hinne, wylst delippen en itkinwitich fan kleur binne.
Njonken in permanintehoale hawwefolwoeksen Sibearyske wezelingen ferskate tydlike ûnderkommens dy'tkilometers útinoar lizze kinne. Se binne net tier oangeande hokfoar plakken oft se as nêst brûke; hoalen kinne yn omfallenebeamstammen sitte, ûnderbeamwoartels, ynrotsspjalten of yn fertizestrewelleguod. Ek brûke se wol hoalen fan oare bisten, dy't se dan fergrutsje. De sintrale nêstromte wurdt beklaaid meifûgelfearren enkjifdierehier.
Depeartiid fariëarret frijwat neigeraden deklimatologyske omstannichheden. Yn westlikSibearje set er begjinfebrewaris al útein, mar yn itRussyske Fiere Easten begjint er pas ynmaart of begjinapril. Depearing duorret by Sibearyske wezelingen sa'n 35 minuten, wêrnei't indraachtiid fan 38–41 dagen folget. Dan wurde der 4–10 jongen smitten, dy'tblyn en hast keal te wrâld komme. Mei in pear dagen begjint de pels te groeien en mei inmoanne geane deeagen iepen. Nei twa moanne wurde seôfwûn, en tsjin einaugustus binne se folgroeid en selsstannich. De folwoeksen jongen fan datselde jier kinne fan âldere bisten ûnderskaat wurde troch har dûnkerder pels en lichtere lichemsbou. Sibearyske wezelingen hawwe inlibbensferwachting fan rom 2 jier.
De Sibearyske wezeling hat deIUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn grutte ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Deminske hat wat in twasidige relaasje mei dizze soarte. Oan 'e iene kant is de Sibearyske wezeling fan grut belang foar it yn 'e besnijing hâlden fan 'ekjifdierepopulaasjes, dy't har oars ta inpleach ûntwikkelje soene en dy't boppedat potinsjeel alderhanne sykten ferspriede kinne. Mar oan 'e oare kant is de Sibearyske wezeling tige skealik foar deplomfeehâlderijsektor fan 'elânbou en foar de fokkerij fan lytserepelsdieren, lykas demuskusrôt. Sibearyske wezelingen kringe geregeldwei hinne- en dowehokken binnen en rjochtsje dêr dan in wiere slachting oan.
Dêr stiet dan wer foaroer dat Sibearyske wezelingen sels ek weardefolle pelsdieren binne, en datoangeande in wichtige rol ynnimme yn 'epelshannel. Behalven foarklean wurdt ithier fan 'e bisten fral ek brûkt omskilderkwasten fan te meitsjen, dy't benammen yn Sina ferkocht wurde en heech oanskreaun steane foar it meitsjen fantradisjoneleSineeskekalligrafy. Yn 'e Sineeskefolkloare wurde de Sibearyske wezelingen trouwens beskôge as omdoarmjendegeasten (shen), dy't minskenesielen stelle en kinne om har dan sels foar te dwaan as dy minsken..