Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Shorttrack

Ut Wikipedy
500 meter short track om de World Cup fan 2004 yn Saguenay (Quebec).

Shorttrack is in groepstart-foarm fan itreedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei fan 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme "Koartebaan", mar it is net deselde sport as itkoartebaanriden.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Shorttrack is ûntstien ynNoard-Amearika dêr't in groepsstart by it reedriden wenst wie. Sa waarden de baanrydnûmers op deOlympyske Winterspullen fan1932 ynLake Placid ek op dy wize ôfwurke, wat de dielnimmers út de rest fan de wrâld net wend wienen.

Om't kompetysjes faak binnen hâlden waarden, wat yn dy tiid betsjutte dat de baan lytser waard as bûten, hat shorttrack in oare ûntwikkeling trochmakke as it baanriden. Om't de measte binnenbanen iishockeybanen wienen, is dat de standert wurden.

Sûnt1967 heart shorttrack ta deInternational Skating Union, dy't der sûnt1976 wrâldkampioenskippen yn hâldt. Sûnt1992 is it in fêst ûnderdiel op de Olympyske Winterspullen.

Omskriuwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In oerienkomst dy't it Shortrack hat mei itkoartebaanriden sa't we dat yn Nederlân, en benammen yn Fryslân kenne, is dat de toernoaien neffens in ôffalsysteem ôfwurke wurde. Tiden en rekôrs telle folle minder as by it langebaanriden. Dêrtroch binne it mear taktyk en akrobatyk dy't by shorttrack om 'e hoeke komme.

De standertbaan is de iishockeybaan fan 30 by 60 meter. De muorren fan de hal wurdt sêft beklaaid, en de dielnimmers hawwe beskermjende klean en helmen. Dat moat ek om't de bochten skerp binne, en de faasje wol oant 30 km/oere oprinne kin. Om't der in soad bochten nommen wurde moatte, brûke de dielnimmers redens mei izers dy't nei lofts set binne, nei de binnenkant fan de bocht.

Nûmers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yndividueel

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 500 m. = 4,5 omgongen
  • 1000 m. = 9 omgongen
  • 1500 m. = 13,5 omgongen
  • 3000 m. = 27 omgongen

Oflossing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 3000 m. foar froulju = 27 omgongen
  • 5000 m. foar manlju = 45 omgongen

In oare foarm fan Shorttrack

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it waarmeSúd-Amearika is de lêste tsientallen jierren in "simmerske" fariant ûntwikkele: skeelerje op de koarte baan, njonkenlytsen ek yn Noard-Amearika tige populêr.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Shorttrack&oldid=1070604"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp