Shakespeare in Love is inBritsk-Amerikaanskefilm út1998 ûnder rezjy fanJohn Madden, en mei yn 'e haadrollenJoseph Fiennes enGwyneth Paltrow. It kin sjoen wurde as inromantyske komeedzje, mar likegoed kin it as intragikomeedzje opfetten wurde. It ferhaal, dat skreaun waard trochMarc Norman enTom Stoppard, giet oer deelizabetaansketoanielskriuwerWilliam Shakespeare, dy't behelle rekket yn in ferbeane leafdesaffêre wylst er syntrageedzjeRomeo en Julia oan it skriuwen is. De foarfallen út 'e film binne folslein fiktyf, al binne de rollen fan Shakespeare sels en ferskate oare personaazjes basearre op histoaryske figueren. Dêropta ferwize in protte rollen, teksten en ûntwikkelings yn 'e plot nei Shakepeare syn toanielstikken.Shakespeare in Love, dat oerset wurde kinne soe as "Shakespeare Fereale", wûn in grut tal prizen, wêrûnder trijeBAFTA's (de wichtichste Britske filmpriis) en sânOscars, û.o. foar debêste film, bêste aktrise (Gwyneth Paltrow) en bêste byrol fan in aktrise (Judi Dench).
Yn itLonden fan1593 isWilliam Shakespeare in earme toanielskriuwer foarPhilip Henslowe, de eigner fan 'e skouboarchThe Rose. Hy wurket oan in nijekomeedzje,Romeo en Ethel, de Seerôversdochter, mar mei't er lêst hat fanwriter's block is er net by steat om dat toanielstik ôf te meitsjen. Likegoed begjint er mei audysjes foar de rol fan Romeo. In jongfeint dy't fan Thomas Kent hjit, kriget de rol nei't er yndruk op Shakespeare makke hat by syn audysje, en dêrby de toanielskriuwer flaaike hat mei syn leafde foar Shakespeare syn eardere stikken. It docht lykwols al gau bliken dat Kent eins Viola de Lesseps is, de dochter fan in begoedige keapman dy't o sa graach toanielspylje wol, mar har dêrfoar as man ferklaaie moat om't toanielspyljen yn 'eElizabetaanske Tiid foar froulju ferbean is en alle frouljusrollen troch manlju en opslûpen jonges spile wurde.
HaadrolspylsterGwyneth Paltrow, dy't inOskar foar bêste aktrise krige foar har rol ynShakespeare in Love.
Nei't Shakespeare har wiere identiteit ûntdutsen hat, begjinne hy en Viola temûk in hertstochtlike affêre. Hja fungearret foar him as in soarte fanmuze, en hy kriget wer ynspiraasje om te skriuwen. Op advys fan syn kollegaChristopher Marlowe, mei wa't er in freonlike rivaliteit ûnderhâldt, wurket Shakespeare it stik dêr't er mei dwaande is hielendal om ta wat detrageedzjeRomeo en Julia wurde sil. Viola en hy witte lykwols dat harren leafde gjin lang libben beskern wêze sil, mei't Viola har âldelju foar har in houlik oan it beävensearjen binne mei Lord Wessex, inealman dy't it jild fan 'e rike keapmansfamylje brek is. Boppedat is Shakespeare sels in troud man, al is er al tiden by de frou wei. As Viola ûntbean wurdt oan it Keninklik Hof, ferklaait Shakespeare himsels as in frou, en beselskippet er har as har nicht. Oan it hof bepraat er Wessex om der £50,— ûnder te ferwedzjen dat gjin toanielstik it wêzen fan 'e wiere leafde werjaan kin. AsRomeo en Julia in súkses wurdt, sil Shakespeare as toanielskriuwer it jild winne. KeninginneElizabeth I, dy't graach oer Shakespeare syn stikken mei, stimt der mei yn om tsjûge foar de weddenskip te wêzen.
Edmund Tilney, deMaster of the Revels, in hofdignitaris dy't û.m. oer de skouboargen giet, wurdt it geroft trochdien dat der in frou diel útmakket fan it toanielselskip ynThe Rose, en jout befel om datteäter te sluten foar ûnseedlikheid. No'tRomeo en Julia poadium noch haadrolspylster mear hat, liket it derop dat it nea opfierd wurde sil, oantRichard Burbage, de eigner fan 'e konkurrearjende skouboarchThe Curtain Shakespeare syn seal oanbiedt. Shakespeare nimt sels de rol fan Romeo op him, wylst in opslûpen jonge de rol fan Julia spilet. Viola heart dat it stik opfierd wurde sil op har troudei, en nei de seremoanje giet se temûk nei de skouboarch ta. Krekt foar't de opfiering úteinsette sil, kriget de jonge dy't Julia spylje moat ynienen it burd yn 'e kiel. Op it lêste nipperke ferfangt Viola him, dy't dan dus in jonge spilet dy't in famke spilet. Viola en Shakespeare harren hertstochtlike werjefte fan 'e ferbeane minners Romeo en Julia lit it hiele publyk de siken stûkje.
Tilney arrivearret yn 'e skouboarch mei Wessex, dy't einlings begrepen hat wêr't syn nije breid hinne gien is. Tilney is fan doel en pak it hiele publyk op foar ûnseedlik hâlden en dragen, mar syn plan rint op 'e klippen as bliken docht dat de keninginne ûnder de taskôgers is. Hoewol't Elizabeth Viola werom ken, ûntmaskeret se har net, mar ferklearret se ynstee dat de rol fan Julia spile is troch Thomas Kent. It leit lykwols bûten de macht fan 'e keninginne om in wettich houlik te ûntbinen, dat se oarderet "Kent" om Viola op te heljen, sadat dy mei har man Wessex skip gean kin nei de koloanjeFirginia. Elizabeth stelt fierders datRomeo en Julia it wêzen fan 'e wiere leafde goed werjûn hat, en dat Wessex Shakespeare dus £50,— skuldich is, persiis it bedrach dêr't Shakespeare ferlet fan hat om in oandiel yn it foaroansteande toanielselskip deLord Chamberlain's Men te keapjen. Dêrop draacht de keninginne Shakespeare op om 'e oare kear, foartrijekeningen, wat fleurigers te skriuwen.
Viola en Shakespeare nimme ôfskie, allebeide berêstend yn har lot. De film beslút as Shakespeare úteinset mei it skriuwen fan 'ekomeedzjeTrijekeningejûn, en him dêrby foarstelt dat syn leafste oanspielt op 'e kust fan in frjemd lân, nei't se skipbrek lit hat. Hy prakkesearret lûdop:"Want hja sil foar ivich myn heldinne wêze, en har namme sil wêze... Viola", in sterke jonge skipbreklinge dy't harsels ferklaait as in jongfeint (sjoch:Trijekeningejûn).
It oarspronklike idee foarShakespeare in Love foelsenarioskriuwerMarc Norman oan 'e ein fan 'e tachtiger jierren al yn. Hy liet regisseurEdward Zwick in kladferzje fan itsenario sjen, en doe't it nijs dêroer begûn te sirkulearjen, bea aktriseJulia Roberts oan om 'e rol fan Viola te spyljen. Zwick hie lykwols beswieren tsjin Norman syn senario, en hierde toanielskriuwerTom Stoppard yn om it te ferbetterjen.
De film gie yn1991, mei Zwick as regisseur, de produksjefaze yn by filmstudioUniversal Studios, mar hoewol't de dekôrs en kostúms al makke waarden, wie de rol fan Shakespeare noch altiten iepen. Julia Robert hold út dat nimmen oars asDaniel Day-Lewis dy rol goed spylje koe, mar Day-Lewis hie gjin belangstelling foar de rol, en doe't Roberts him net oerhelje koe, loek sy har ek út it projekt werom. Dat wie seis wike foar't de opnamen begjinne soene. De produksje waard stillein, en Zwick, dy't mei it projekt begûn te suteljen, slagge it earst mar net om oare studio's der waarm foar te meitsjen.
Uteinlik toandeMiramax Films belangstelling foar it senario, mar dy studio woeJohn Madden as regisseur hawwe. Miramax-direkteurHarvey Weinstein waard de produsint, en wistHollywood-akteurBen Affleck en de Britske Shakespeare-fertolksterdame Judi Dench te bepraten om lytse roltsjes yn 'e film te ferfoljen.Joseph Fiennes enGwyneth Paltrow waarden oanlutsen om 'e haadrollen te spyljen. Uteinlik wieShakespeare in Love yn1998 klear, al waard de film noch flink oanpast nei de earste testfertoanings. Sa waard de sêne mei Shakespeare en Viola yn it boat op 'e nij filme om it emosjoneler te meitsjen, en fierders waarden guon tekstregels fannijs opnommen om 'e redens foar Viola har houlik mei Wessex te fertsjutskjen. De ein waard ûnderskate kearen feroare, oant Stoppard úteinlik betocht dat syn ôfskie fan Viola Shakespeare ynspirearje koe ta in nij toanielstik.