Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sevearus II

Ut Wikipedy
Munten mei in ôfbylding fan Severus II

Sevearus II, folút,Latyn:Flavius Valerius Severus (? -16 septimber307), wie keizer fan itRomeinske ryk yn it tiidrek fan deTetrargy. Hy regearfe fan augustus of septimber306 ôf oant begjin 307.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sevearus kaam, krekt as syn goede freon en lettere meikeizerGalerius, út de Romeinske provinsjeIllyrikum. Hy wie fan goede komôf en tsjinne as militêr ûnder ferskate keizers. Dat is alles wat wy oer him witte oant syn beneaming asCaesar troch keizerDiokletianus.

Op1 maaie305 waard Sevearus beneamd as Caesar fan it westlike part fan it ryk, ûnder keizerKonstantius Klorus. De keizer fan it westen kaam lykwols it jier dêrop al te stjerren, doe't hy ynBrittanje dwaande wie mei de tariedings foar in fjildtocht tsjin dePikten.

Nei de dea fan Konstantius ûntstiene der problemen doe't it leger yn BrittanjeKonstantyn de Grutte, de soan fan de ferstoarne keizer ta opfolger útrôp. Troch Galerius waard Sevearus lykwols as opfolger keazen ynstee fan Konstantyn, dy't as kompensaasje wol de funksje fan Caesar krige.

Ynoktober 306 ûntstiene der op 'e nij problemen as ynienen deusurpatorMaksentius, soan fan de eardere keizerMaksimianus, op it toaniel ferskynt. Maksentius besocht Galerius safier te krijen him ek keizer wurde te litten. Mar Galerius wol hjir neat fan witte en stjoert Sevearus mei it leger op him ôf. ByRome waard Maksentius troch it leger fan Sevearus ynsletten, mar dat selde leger liet har ek omkeapje troch Maksentius. Ynstee fan Maksentius moat no Sevearus flechtsje. Sevearus ferskânzet him ynRavenna, mar wurdt troch in falstrik finzen nommen. Dêrnei waard Sevearus nei Rome brocht en as Galerius yn307Itaalje ynfalt om Maksentius te ferdriuwen, stoar Sevearus ûnder fertochte omstannichheden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sevearus_II&oldid=958402"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp