Seus (Aldgryksk: Ζεύς,Zeus, útspr.: [zdeṷs], likernôch "zdeeuws"; (modern Gryksk: Δίας,Días, útspr.: ['ði.as], likernôch "zias") is yn 'eGrykske mytology de oppergod dy't op 'eOlympus askening oer de oare goaden regearret. Hy is ek degod fan 'e loft, dewjerljocht entonger, dewet, oarder en itrjocht, en stiet bekend as Νεφεληγερέτα,Nephelēgereta, "Wolkenssamler". De nammeZeus komtetymologysk oerien mei de nammen fan ferskate goaden yn oarepanteöns, wêrûnder it earstewurdlid fan 'e namme fan 'eRomeinske godJupiter, mei wa't er meitiid sterk identifisearre waard.
Yn itAldgryksk is Seus syn namme yn 'enominatyf (of 1e namfal) Ζεύς,Zeus, mar ferbûcht syn namme yn 'eoansprekkende wiis ta Ζεῦ,Zeu; yn 'egenityf (of 2e namfal) ta Διός,Diós; yn 'edatyf (of 3e namfal) ta Διί,Dií; en yn 'eakkusatyf (of 4e namfal) ta Δία,Día. Dêrút kin de sibskip tusken Seus en bgl. itFrânske wurd foar "god",dieu, al opmakke wurde. Beide wurden geane werom op*Di̭ēus (of*Dyeus Phatēr, "Himelheit") de namme fan 'eProto-Yndo-Jeropeeske god fan 'e deiloft, dy't yn 'eSanskrityskeRgveda foarkomt asDyaus Pita. De namme fan 'eGermaanske godTyr (ek wol Tiu of Ziu) komt út deselde oarsprong en fanwegen de konneksje mei dei of deiljocht jildt itselde foar ús wurd "dei". Ferlykje fierders ek*Dyeus Phatēr mei de namme fan 'eRomeinske oppergodJupiter. Seus is de iennichste god fan itGrykske panteön fan wa't de namme sa'n dúdlikeetymology hat.
DeJupiter fan Smyrna, nei alle gedachten eins in byltenis fan Seus, opgroeven ynSmyrna, yn1680.
Seus syn meast wêzentlike funksje yn it âldeGrikelân wie dy fanhimelgod. Denatoer yn al syn dwaan en litten wie oan him ûnderwurpen. Hy smiet meiwjerljochtslaggen, sammelewolkens en jage dy wer útinoar, en ekrein ensnie liet hy falle. Ferbân dêrmei hold dat ferskate hegebergen as it ferbliuw Seus gouwen: deIda opKreta, deLyseus ynArkaadje, mar benammen deOlympus ynTessaalje. Fierders leauden de Alde Griken dat Seus harren foartekens joech troch wjerljocht, tonger,reinbôgen en de flecht fanfûgels.
Al ier yn 'eskiednis, mooglik al yn 'eMyseenske tiid (1700-900 f.Kr.), ûntjoech Seus him ta de wichtichste god fan itGrykske panteön en rekken âldere goaden op 'e eftergûn. Fan dy tiid ôf waard er beskôge as de kening fan 'e goaden. Syn gemalinneHeara en de wichtichsten fan syn bern ferbleaune mei him op 'e Olympus en wiene ûnderhearrich oan him. Sa waard Seus net inkeld hearsker fan 'e natoer dy't datoangeande foar harmony soarge, mar ek tafersjochhâlder oer de maatskiplike oarder.
As kening fan 'e goaden wied er boppdat de patroan fanminsklikekeningen enfoarsten. Men leaude dat sokken harren macht oan it keningskip fan Seus ûntlienden en dêrom oan him ferantwurding skuldich wiene. Dêrút kaam fuort dat ek dewet en itrjocht oan Seus keppele wiene, saken dy't ommers it domein fan keningen binne. Hy wie in riejaande god en de hoeder fanfolksgearkomsten. Ek wie hy de bewarder faneden, dy't derop taseach dat de lju dy't by him sward hiene, har ek oan har ûnthjitten holden. Yn it ferlingde fan syn rol as kening fan 'e goaden wie Seus ta einbeslút ek haad fan 'ehúshâlding, en hied er inalter op it binnenplak fan grutte wenten.
As tongergod wie Seus syn symboal de wjerljochtslach, en mei dy yn 'e ûnderhelle rjochterhân is er dan ek faak ôfbylde. Dêrút kaam ek de assosjaasje mei deearn fuort, mei't dy fûgel yn it âlde Grikelân as in symboal fan 'e wjerljocht sjoen waard. Ek deikebeam, in symboal foar krêft, wie mei Seus ferbûn, en krektlyk debolle, in bist dêr't er himsels yn in myte yn feroare. Ek waard er wol ôfbylde mei inskepter, it symboal foar keninklike macht. Itskyld fan Seus hiet deAigis, in machtich wapen, dat er yn 'e myten brûkt om syn fijannen benaud te meitsjen.
Seus syn âlden wieneKronos enReä, twa fan 'e tolvetitanen, in goadeskaai besteande út 'e soannen en dochters fan 'e himelgodUranus en de ierdgoadinneGaia, dat de Grykske wrâld regearre foar't deOlympyske goaden de macht griepen. Kronos, de god fan 'etiid (ekwifalint oan 'eRomeinskeSaturnus), sette by Reä ferskate bern oan, wêrûnderHestia,Demeter,Heara,Hades enPoseidon, mar om him derfan te bewissigjen dat se him nea nei de kroan stekke koene, friet er harren op sadree't se berne wiene.
Kronos hie nammentlik inprofesij heard dat er troch syn soan ûnder fuotten helle wurde soe, krekt sa't hysels syn eigen heit Uranus ûnder fuotten helle hie. Doe't Seus op it punt stie om berne te wurden, woe Reä him rêde fan it lot fan syn bruorren en susters, en mei help fan Gaia betocht hja in plan om dat te dwaan. Hja befoel fan Seus yn ingrot (de saneamde 'Grot fan Seus') op 'e berch deIda op it eilânKreta. Neitiid lange hja in stien mei inruft deromhinne oan Kronos oer, dy't dy fuortendaliks trochslokte.
De saneamde 'Grot fan Seus' yn 'eIda, opKreta, it mytyske berteplak fan Seus.
Hy waard dêrnei grutbrocht troch ingeit dy't fanAmalteä hiet, wylst in stikmannich mindere goaden oanhâldend omdûnse, skreaude en mei harrenspearen op harrenskylden sloech sadat Kronos de poppe net gûlen hearre soe.
Hy waard dêrnei grutbrocht troch innimf dy't fanAdamanteä hiet. Om't Kronos hearske oer deIerde, dehimel en desee, ferskûle hja de poppe troch him oan in tou yn inbeam te hingjen, sadat er noch ierde, noch himel, noch see oanrekke en dus ûnsichtber wie foar syn heit.
Hy waard dêrnei grutbrocht troch in nimf dy't fanKynosoera hiet. Ut tank pleatste Seus har neitiid mank destjerren.
Nei't er folwoeksen wurden wie, twong Seus Kronos om 'e stien mei de ruft om út te koarjen. Dy saneamdeOmfalos sette er del tePyto as in teken foar de stjerlike minsken. Dêrnei moast Kronos al Seus syn bruorren en susters wer opjaan yn omkearde folchoarder fan dy wêryn't er harren trochslokt hie. Yn guon ferzjes fan it ferhaal koarre Kronos syn bern net út mar snie Seus him debúk iepen.
Neitiid befrijde Seus ek syn omkes, Kronos syn bruorren, degiganten, dehekatoncheiren en desyklopen, út harren tsjerker yn 'e skimige ûnderwrâldTartarus, wêrby't er harren sipier,Kampe, om hals brocht. As tank dêrfoar bejeftigen de syklopen him mei detonger en dewjerljochtslach, dy't Gaia foar Kronos ferburgen holden hie. Mei syn bruorren, susters en omkes helle Seus dêrnei Kronos en de oare titanen ûnder fuotten yn in striid dy't bekendstiet as deTitane-oarloch of de Titanomachy. De fersleine titanen waarden foar straf yn Tartarus smiten, útseinAtlas, dy't twongen waard om tenei it himelferwulft op syn rêch te dragen.
De holle fan Seus mei lauwerkrâns op ingoudenemunt út 360-340 f.Kr.
Nei ôfrin fan 'e Titane-oarloch ferdielden Seus en syn bruorren Poseidon en Hades de wrâld troch lotten te lûken: Seus krige de loft, Poseidon it wetter en Hades de ûnderwrâld dêr't de stjerliken nei har dea bedarren. De oerâlde ierde sels koe net ferparte wurde, en wie dêrom fan alletrije bruorren. (Sadwaande hie bgl. Poseidon behalven oer de see ek sizzenskip oerierdbevings.) Syn beppe Gaia mocht der net oer hoe't Seus de titanen behannele wie, dy't úteinlik har eigen bern wiene. Dêrom moast Seus al rillegau nei de Titane-oarloch de striid oangean mei guon fan Gaia har oare bern, demeunstersTyfon enEchidna. Hy fersloech beide en sette Tyfon finzen opSisylje, ûnder deEtna, mar Echidna en har bern liet er fierder gewurde.
Seus syn gemalinne wie syn folle susterHeara, dy't út 'emyten nei foarren komt as rjochtlinich, freeslik oergeunstich en frijwol folslein ûnsympatyk, al spilet dêrby grif in rol dat de myten troch manlju betocht en oerlevere waarden. Seus sette by har deoarlochsgodAres,Hebe, de goadinne fan 'e jonkheid, en de godlikesmidHefaistos oan, al wolle guon myten hawwe dat Heara har bern sûnder manlike help produsearre. Soms wurde ekEileityia, de goadinne fan 'e berte, enEaris, de goadinne fan 'e twaspjalt, as harren dochters sjoen.
Dat Heara oergeunstich wie, hie in goede reden, want Seus bedreach har allegeduerigen. By de goadinneLeto, út it skaai fan 'e titanen, sette er intwilling oan:Artemis, goadinne fan 'ejacht, enApollo, de god fan 'eskiene keunsten. Syn eigen susterDemeter skonk him de goadinnePerséfoné, dy't letter mei Hades troude en keninginne fan 'e ûnderwrâld waard. De nimfMaia, de dochter fan 'e titaan Atlas, waard de mem fan Seus syn soanHermes, de godlike boadskipper. De Grykske goadinne fan 'e wiisheid en wittenskippen,Pallas Atene, soe neffens de bekendste myte op wûnderbaarlike wize út 'e holle fan Seus berne wêze sûnder dat dêr in froulike partner oan te pas kaam, mar in oar ferhaal wol hawwe dat har mem de titaanske goadinne fan 'e wiisheidMetis wie. Fierders soe Seus by de titaanske goadinneDione deleafdesgoadinneAfrodite oanset hawwe, hoewol't dy neffens in âldere myte bySyprus út it seeskom opriisde.Manlike leafde wie ek in gegeven foar Seus. It wurdt sein dat er in relaasje hie meiGanymedes.
Mar fral Seus syn feroverings ûnder stjerlike prinsessen binne ferneamd, al kin hjir foar 'ferovering' ek gaurisferkrêfting lêzen wurde, as men de myten letterlik nimt. Sa waard de prinsesseEuropa troch Seusûntfierd yn 'e foarm fan inbolle, en skonk neitiid it libben oan in seis soannen, wêrûnder de heal-mytyske keningMinos fanKreta. DehealgodPerseus sette Seus oan by de hermetysk opsletteneArgioatyske prinsesseDanaé, doe't er yn 'e foarm fan in striel gouden ljocht de leafde mei har bedreau. Seus syn leaflingssoan wie de healgodHearakles (latinisearre foarm: Herkules), dy't er oansette doe't er Perseus syn pakesizzerAlkmene (syn eigen oerpakesizzer dus) ferlate yn 'e foarm fan har manAmfitryon.
De godMarnas, dy't yn 'eRomeinske Tiid de wichtichste god ynGaza wie, hjir ôfbylde yn 'e styl fan Seus.
Krektlyk as de measte Olympyske goaden hie Seus in ferskaat oan bynammen of titels. In protte dêrfan wiene ôflaat fantoponimen fan plakken dêr't er op 'e iene of oare manear mei ferbûn wie, lykasZeus Tallaios (de "Sinne-Seus"), sa't er opKreta fereare waard, enZeus Labrandos, sa't er oanbean waard yn 'eLytsaziatyske lânstreekKaarje (dêr't er trouwens ferraande mei deHoerrityske himel- en stoarmgodTesjûb). Wichtiger wiene lykwols de titels dy't ferskillende aspekten fan autoriteit oantsjutten:
Zeus Agoraius wie in aspekt fan Seus dat tafersjoch hold oer de hannel en wannel op 'eagoara, it sintrale plein fan Grykske stêdsteaten. Yn dizze foarm strafte er ûnearlikekeaplju.
Zeus Aigiduchos ofZeus Aigiochos wie Seus as drager fan it mytyske skyldAigis, wêrmei't er goddeleazen en syn fijannen benaud makke.
Zeus Astrapios, de wjerljochtbringer.
Zeus Brontios, de tongerder.
Zeus Geōrgios, letterlik "Seus de Boer", de god fanlânbougewaaksen en de rispinge ynAtene.
Zeus Horkios wie Seus yn syn aspekt fan 'e bewarder fan eden en swarde wurden.
Zeus Naos ofZeus Bouleus, foarmen fan Seus sa't er fereare waard teDodona, dêr't syn âldsteorakel fêstige wie.
Zeus Olympios beklamme it keningskip fan Seus oer de Olympyske goaden, en teffens syn bân mei dePanhelleenske Spullen dy't holden waarden teOlympia.
Zeus Panhellenios, letterlik "Seus fan alle Griken", it aspekt fan Seus wêroan't opAigina in timpel wijd wie.
Zeus Xenios,Zeus Philoxenon ofZeus Hospites, lei de neidruk op Seus as patroan fan 'e gastfrijheid (xenon) en gasten, in foarm fan 'e god dy't wraak naam foar misdieden dy't begien wiene tsjin reizgers of frjemdlingen.