Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Servje

Ut Wikipedy
Република Србија
Republika Srbija
Flagge fan ServjeWapen fan Servje
FlaggeWapen
Lokaasje fan Servje
Offisjele taalServysk
HaadstêdBelgrado
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet77.589(sûnder Kosovo) km²
Ynwenners6.605.168↓ (2024)
MuntServyske Dynar (CSD)
TiidsôneUTC +1
Nasjonale feestdei3 juny Dei fan de Republyk
Tillefoan381

Servje is in lân op deBalkan. De haadstêd isBelgrado. Servje foarme oant3 juny2006 meiMontenegro it steatebûnServje en Montenegro. Doe't Montenegro him dy dei ûnôfhinklik ferklearre wie Servje formeel it ienichste lid fan de steatebûn. Op5 juny ferklearre ek Servje him ûnôfhinklik.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Servje wurdt begrinzge troch:

Yn Jeropa leit Servje op itBalkan en op dePannonyske flakte. It lân leit op in krúspunt tuskenSintraal-Jeropa,Súd-Jeropa enEast-Jeropa.

DeDonau (2850 km) streamt troch it noardlike diel fan it lân en is yn dit part fan Jeropa 588 km lang. De rivierSava, dy't ûntspringt ynSloveenje, mûnet út yn de Donau ynBelgrado. Sechtich kilometer benoarden Belgrado streamt deTisa rivier yn de Donau en beëiniget har 1350 km lange wei fanút deOekraïne. De foar in part te befarren rivierTimiş, streamt tagelyk yn de Donau tichtby de Servyske stêdPančevo. De rivier deBegej (254 km) fermingt him mei de Tisa tichtby it stedsjeTitel. Alle fiif rivieren binne te befarren; hja ferbine it lân mei it 'noarden, westen' fan Jeropa (troch middel fan itRyn-Main-Donau Kanaal meiEast-Jeropa (fia de Tisa, Tamis, Begej en Donau -Swarte See rûtes) neiSúd-Jeropa (fia de Sava rivier).

Berchkettens en rivieren yn Servje

Grutte stêden yn Servië binne:

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Servje bestiet út trije regio's:

De trije regio's binne sels ek wêr ûnderferdield yn 31 distrikten en de stêd Belgrado.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de 12e iuw ûntstie it earste Servyske ryk, dat inkele iuwen letter ûnder itOttomaanske kwint reitsje soe. Pas yn de19e iuw kaam der in ûnôfhinklik keninkryk Servje dat har nei deEarste Wrâldkriich yn1918 feriene meiKroaasje enSloveenje ta itKeninkryk Jûgoslaavje.

Under lieding fan dekommunistyske parizaneliederTito ûntstie nei deTwadde Wrâldkriich deSosjalistyske Bûnsrepublyk Jûgoslaavje. Amper tsien jier nei de dea fan Tito bruts nei de ûnôfhinklikensferklearrings yn1991 fanKroaasje enSloveenje in bloedige boargerkriich út. Letter waarden ekBosnje,Montenegro enMasedoanje selsstannige steaten. De yn1999 trochfierde ferdriuwing fan deAlbanezen ynKosovo late ta deKosovo-oarloch, dêr't Servje it ôflizze moast tsjin deNAVO. Sûnt de grûnwet fan2003 foarmen Servje en Montenegro tegearre in uny mei in parlemint. Op3 juny2006 ferklearre ek Montenegro har ûnôfhinklik sadat Servje as lêst oerbliuwende steat fan de republyk Jûgoslaavje likegoed in ûnôfhinklike steat wurden wie. De offisjele ûnôfhinklikensferklearring fan Servje kaam op5 juny2006.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Etnyske groepen yn 2002 (útsein Kosovo)

Na de ôfskeiding trochMontenegro, mei 678.177 (2008) ynwenners, hat Servje in befolking fan 10.159.046 (2008).

Yn Servje wurde ferskate talen sprutsen, wêrûnderServysk,Albaneesk,Hongaarsk,Roemeensk,Kroatysk,Slowaaksk,Bulgaarsk enRoeteensk. It Servysk is de offisjële taal fan it land; yn Kosovo tegearre mei it Albaneesk en yn Vojvodina mei it Hongaarsk, Roemeensk, Kroatysk, Slowaaksk en Roeteensk.

Servysk is ien fan de standertfarianten fan itServokroatysk en heart ta de súdlike groep fan de Slavyske talen. It is de offisjële taal fan Servje en Montenegro.De Servyske standerttaal is basearre op it Neoštokavysk dialekt. Yn itt súdeasten fan Servje wirdt ek Torlakysk sprutsen, dat as in Servysk-Bulgaarsk grinsdialekt beskôge wurde kin.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

BYP per persoan is$10.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 12,3% lânbou, 24,2% yndustry en 63,5% tsjinsten.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk:Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal:AzoarenMadeara
Spanje:Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Servje&oldid=1194109"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp