Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Seloaten

Ut Wikipedy
Simon de Seloat neffensAntoon van Dyck

DeSeloaten wienen in (net al te heldere) groepearring ûnder deJoaden om it begjin fan de jiertelling hinne.

Untstean

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn âldere literatuer waard wol gauris skreaun dat de groepearring fan de Seloaten stiften wie trochJudas de Galilejer, dy't yn4 f.Kr. nei de dea fanHeroades de Grutte in opstân liede. Dizze gedachte is lykwols ynjûn troch wat de Joadske skriuwerJosephus oer de Seloaten sei, dêr't tsjintwurdich fan tocht wurdt dat er de feiten foar syn (Gryksk-Romeinske) lêzerspublyk wat ferienfâldige werjûn hat, om net tefolle omtinken te jaan oan de anty-Romeinske gefoelens dy't ûnder de Joaden hearske yn de1e iuw.

Tsjintwurdich wurdt de groepearring ofpartij fan de Seloaten beheind oant de tiid fanJoadske Opstân (66-70 n.Kr.) om't allinnich oant dat tiidrek oanwizings fûn binne dy't der op wize dat doe sprake wie fan in sintrale organisaasje. Utsein de 'partij' fan de Seloaten wienen der yn de earste iuw noch oare lytse guerilja-eftige groepearrinkjes dy't yn de literatuer gearfetten wurde as 'Seloatyske bewegingen', mar wat de organisaasje oangiet neat my inoar te krijen hienen. Sy hienen foar it meastepart wol deselde oertsjûgingen mien en it is mooglik dat der guons wienen dy't harren sels ek mei de namme 'Seloaten' oantsjutten.

Oertsjûging

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De namme 'seloat' betsjut 'strider' (fan itGrykske ζηλωτής zèlootès). Seloaten seagen harren sels as 'striders' foar de hillichheid fan de namme fan God, wat foar harren ynhâlde dat sy gjin oare hear boppe harren erkenne woenen as allinnich God. It gefolch fan dizze tinkwize wie dat sy wegeren it keizerlik gesach (en de Romeinske oerhearsking oer it generaal) te erkennen en it as godslasterlik ûnderfûnen. Sy wegeren dan ek belêsting te beteljen.

De meast ekstreme Seloatyske beweging wie dy fan deSikarjers, dy't mei in dolk (Lat.sica) oanslaggen pligen op de Joadske hegerein dy't goede relaasjes ûnderholden mei de Romeinen.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Seloaten&oldid=1148126"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp