Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Seist

Ut Wikipedy
Seist
Zeist

Slot Seist
flaggewapen
lokaasje
polityk
lânflagge fan NederlânNederlân
provinsjeUtert
boargemasterKoos Janssen (CDA)
sifers en geografy
haadplakSeist
grutste plakSeist
ynwennertal66.662(1 jannewaris2024)
befolkingstichtens1361 /km²
oerflak48,65 km²
● wêrfan lân48,51 km²
● wêrfan wetter0,14 km²
tal doarpen4
ferkearsieren,,,,
Rhynspoarline, Siftske Spoarline
skiednis
oprjochte1811
oar
netnûmer030
postkoade3700-3709
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.zeist.nl
Topografyske gemeentekaart fan Seist
Kaart fan de gemeente Seist yn 1867
Alde tsjerke fan Seist
Bruorreplein
Susterplein
Eardere PTT-kantoar fan Seist
Huzinge Kosmos yn Seist
Hermitage yn Seist
Nije Tsjerke fan Seist

Seist[1] (Nederlânsk en offisjeel:Zeist) is ingemeente en stêd yn it midden fan de provinsjeUtert. De gemeente hat 66.662 ynwenners (1 jannewaris2024), boarne:CBS) en hat in oerflak fan tsjin de 50km² (wêrfan mar in minym bytsje wetter). Njonken it haadplak Seist telt de gemeente fjouwer doarpen:Austerlitz,Bosch en Duin,Den Dolder enHuis ter Heide. Troch de fêstiging fan itSlot Seist yn de gemeente, wurdt Seist wolSlotstêd neamd.

De gemeente leit yn it boskrike gebiet fan deUtertske Heuvelrêch en hat in grien karakter.

Kearnen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oantal ynwenners per wenkearn of kearngebiet op 1 jannewaris 2021:

Seist53.930
Den Dolder4.515
Bosch en Duin1.720
Austerlitz1.705
Huis ter Heide3.140

Boarne: CBS[2]

Skiednis en arsjitektuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn in oarkonde út it jier 838 waard foar it earst melding makke fan "Seist" (Kolman, 1996; Groenedijk, 2000). De namme hat mooglik te krijen mei de pleatslike grûn of fegetaasje. It jier fan stichting soe te meitsjen hawwe mei deStoarmfloed fan 838.

Op 23 maart 838 skonk Greve Rodgar oan de St. Maartenstsjerke yn Utert meardere besittings yn itgoaLeomeriche en op oare plakken, en krige dêrfoar oare besittings fan dizze tsjerke, lizzend ynGroessen, Seist,Leusden,Hees enDoorn, libbenslang yn gebrûk tsjin betelling fan syns. "...villa Seist familias VI cum terris et edificiis earum,..."

Op 28 maaie 1279 skonken Godfried fan Zeyst, ridder, en syn soan Johannes, oan de priorin en it konvint fan Frouljuskleaster yn Oostbroek, dêr't syn dochter Petronella opnomd is, de wjittering dêr't de hof Stoetweghe op ôfwettere, plus de grove en smelletienden fan 9 hoeven lizzend yn Dincslo, dy't se fan de elekt fan Utert yn lien holden. Oan it geslacht fan Seist kaam net folle letter min ofte mear in ein. Min ofte mear, want yn it jier1360 troude de lêste (froulike) telch út de famylje fan Seist mei in lid fan de famylje Borre fan Amerongen. Hja krigen in soan dy't, om defamyljenamme fan de mem te hâlden, har efternamme keas, en tagelyk itfamyljewapen fan de Borre fan Amerongens oannaam. Krekt dizze takke, mei as manlike bloedline Borre fan Amerongen, de namme Fan Seist en it famyljewapen fan Borre fan Amerongen (yn wizige kleuren) wie as iennige noch yn libben.

Benammen ôfskriften út de rjochterlike argiven joegen al ier ferwizings nei de delsetting Seist. (Op in kaart út 1541 stiet it eardere kastiel, dat destiids noch mar indonjon wie.) Op 27 oktober 1536 lieten de Steaten fan Utert in list opstelle fan huzen, dy't asridderhofstêden erkend waarden en dus doe noch yn te ferdigenjende steat wiene. Op dy list kaam ek "Dat huys te Zeyst" foar.

De kearn fan de delsetting wie by de hjoeddeiske (1e en 2e) Doarpsstrjitte. Hjir ferriisde oan de ein fan de12e iuw in tsjerke, wêrfan de toer no diel útmakket fan de fierder út de19e iuw datearende Herfoarme tsjerke. Flak lâns de Doarpsstritte soe oant yn de Midsiuwen in sydearm fan wat no deKromme Ryn hjit streamd hawwe, dy't úteinlik tichtslibbe. By it doarp waarden ek trije ridderhofstêden boud: it al neamde Hûs te Seist, enKersbergen enBlikkenburg.

De ûntwikkeling van Seist waard tige beynfloede troch de bou fanSlot Seist (1677-1686), dêr't tsjintwurdich geregeld eksposysjes hâlden wurde fan moderne keunstners. Yn 1746 stiften leden fan deEvangelyske Bruorregemeente in delsetting yn Seist, wat resultearre yn de gebouwen dy't no oan itBruorreplein en itSusterplein steane. Yn1811 waard Seist inbestjoerlike gemeente.

Oan de Utertske Bovenweg stietkastiel 't Kerckebosch dat as hotel fan de Bilderberggroep brûkt wurdt.

Yn de 19e iuw kaam Seist yn trek as wenplak foar de riken en waarden talleaze bûtens oanlein, lykasSparrenheuvel,Lenteleven,Ma Retraite enMolenbosch. Benammen yn de20e iuw waarden guons hjirfan foar wenningbou sloopt of ferkavele. Tagelyk kamen der nije "moderne" gebouwen by, lykas it gebou fan dePUEM boud yn 1931Amsterdamske Skoalle en ek De Nije Muzykskoalle fan de hân fanGerrit Rietveld boud yn 1932; beide lizzend oan de Utertse Wei. Dat dit net sûnder slach of stjit gie, blykt út neifolgjend sitaat :B. en W. hebben gelijk in het bestrijden van deNije Saaklikheid omdat het primitieve probeersels zijn van Barbaarse volksstammen.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De gemeente leit yn it boskrike gebiet fan deUtertske Heuvelrêch en docht dêrmei dan ek wol "grien" oan. De gemeente wudt begrinzge yn it noarden oanBaarn, yn it noardeasten oanSoest, yn it easten oanAmersfoart enLeusden, yn it súdeasten oanWoudenberg, yn it suden oan de gemeenteUtertske Heuvelrêch, yn it súdwesten oanBunnik, yn it westen oanUtert en yn it noardwesten oanDe Bilt.

Wiken en buerten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De gemeente Seist bestiet út fiif wiken:Seist-Noard,Seist-East,Seist-West,Seist-Sintrum enDen Dolder. De namme Seist-Súd bestiet net.

De wyk Seist-Noard bestiet út de buerten:

De wyk Seist-East bestiet út de buerten:

De wyk Seist-West bestiet út de buerten:

De wyk Seist-Sintrum bestiet út de buerten:

De wyk Den Dolder bestiet út buerten:

De gemeente Seist hat twa treinstasjons:stasjon Den Dolder enStasjon Driebergen-Seist, dit leit foar it meastepart yn it doarpDriebergen-Rijsenburg en foar in part yn de gemeente Seist (Odijkerweg). Foar de iepening fanit eardere stasjon yn it sintrum fan Seist hjitte dit stasjon Seist-Driebergen, nei de sluting fan stasjon Seist (1942) is dit wer Driebergen-Seist woarn.

Stasjon Driebergen-Seist is in intercity stasjon en fan Driebergen-Seist ôf binneArnhim,Schiphol,Utert enAmsterdam direkt berikber. Mar stasjon Den Dolder is in sprinter stasjon.

Natoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Seist leit yn it boskrike gebiet fan itNasjonaal Park Utertse Heuvelrêch.

Oare ynformaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Berne

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ofbylden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • De Brink
    De Brink
  • Heech Beek en Royen
    Heech Beek en Royen
  • Gemeentehûs Seist
    Gemeentehûs Seist
  • Filla Colluna
    Filla Colluna
  • Haadkantoar Fûgelbeskerming
    Haadkantoar Fûgelbeskerming
  • Sparrenheuvel Seist
    Sparrenheuvel Seist
  • Ferlinge Slotleane yn Seist
    Ferlinge Slotleane yn Seist

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS),ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.
  2. Sintraal Buro foar de Statistyk

  • Gemeente Seist
  • Kaart
  • Groenedijk, T. (2000). "Nederlandse plaatsnamen". Slingenberg Boekproduksjes, Hoogeveen.ISBN 90-76113-815.
  • Kolman, C. et al. (1996), "Monumenten in Nederland: Utrecht", p. 314–323. Waanders Utjouwers, Swol.ISBN 90-400-9757-7.
  • gemeentearchyf, gemeenteargivaris R.P.M. Rhoen

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryZeist fanWikimedia Commons.
Seist
Doarpen:
AusterlitzBosch en DuinDen DolderHuis ter HeideSeist
· ·Berjocht bewurkje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter -Amersfoart -Baarn -De Bilt -Bunnik -Bunschoten -Eemnes -Fiifhearelannen -Houten -Iselstein -Leusden -Lopik -Montfoort -Nieuwegein -Renswoude -Rhenen -De Rûne Feanen -Seist -Soest -Stichtske Fecht -Utert (haadstêd) -Utertske Heuvelrêch -Veenendaal -Wyk by Duerstede -Woudenberg -Woerden
· ·Berjocht bewurkje
52° 05' NB, 5° 14' EL
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Seist&oldid=1159292"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp