Seeklaai isklaai dy't troch desee ôfset wurdt en meast oan de kust foar komt. Seeklaai is tige fruchber, oars as troch see ôfset sân.
Yn Nederlân wurdt seeklaai fûn ynGrinslân,Fryslân,Noard-Hollân,Súd-Hollân,Flevolân en op deSiuwske enSúd-Hollânske Eilannen. De âldste seeklaai is ôfset fan it Iere-Holoseen ôf, doe't de seespegel bot omheech gie. De kust yn west- en noard-Nederlâm bydel leine fan slinken trochbrutsenstrânwâlen, mei dêrefter in ûndjippe lagune, dy't fergelike wurde kin mei deWaadsee fan distiid. Meidat de see sedimint oanfieren bleau, koe yn in tiidrek fan in bot stigende seespegel it waadmiljeu bestean bliuwe. Uteinlik waard sadwaande in tsjok pakketâlde seeklaai foarme.
Doe't de strânwâlen foar it grutste part tichtsliken koe der yn it efterlân infeanlaach groeie. Fan de iereMidsiuwen ôf waard it fean oanmakke en ôfgroeven, mei fan gefolgen dat de leger lizzende goaen oan de kust hieltyd gefoeliger foar de ynbrekkende see waarden. Fia slinken en prielen waard klaai op fean dellein,jonge seeklaai.
Faak binne de troch de see oerstreamde gebieten letter wer bepoldere.
De heger opslike plakken bleaune by floed faak drûch; op dy plakken ûntstie begroeing en ûntstienenkwelders, dy't letter troch minsken bewenne rekken. Bewenning fan de seeklaaigebieten yn Noard-Nederlân wie earst lytsskalich en faaks allinne yn de simmer. Fan de7e iuw f.Kr. ôf wurdt de bewenning yntinsiver. Der wurdeterpen yn de kwelders opsmiten, fral in Fryslân, Grinslân (wierden) enNoard-Dútslân (Warften); fan de10e iuw nei Kristus ôf oan, waarden de earsteseediken oanlein.
Seeklaai hat meastal een blaugrize kleur,rivierklaai is brún. Seeklaai befettet safolle organyske stof net as rivierklaai, mar hat wol mearkalk, dat fan skulpdieren komt.
Seeklaai is bot fruchtber, dat it wurdt faak brûkt foarikkerbou. Swiere seeklaai sa asknipklaai is net sa geskikt foar ikkerbou, en wurdt meast asgreidlân brûkt. De knipklaai is in protte ynstienfabriken brûkt foar it meitsjen fanbakstien,dakpannen engresbuizen. Soms jout seeklaai swierrichheden, sa as byynklinking enfersâlting troch sterke ûntwettering assypwetter.
At de seeklaai fermingd is mei sân, wurdt it gaadlike grûn foar blombolletylt. Dy grûn hjitgeastgrûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|