Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sean Hannity

Ut Wikipedy
Sean Hannity
tillefyzje-en/of radiopersoanlikheid
Sean Hannity yn 2020
Sean Hannity yn 2020
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSean Patrick Hannity
nasjonaliteitAmerikaansk
berne30 desimber1961
berteplakNew York (New York)
etnisiteitIersk
wurkpaad
wurksum asradiokommentator
tillefyzjekommentator
skriuwer
mediumradio,tillefyzje
jierren aktyf1982 – hjoed-de-dei
offisjele webside
hannity.com

Sean Patrick Hannity (New York (New York)30 desimber1961 is inAmerikaanskeradiopersoanlikheid en inkonservatyf politykkommentator. Hy is de presintator fan synpraatprogramma op deradioThe Sean Hannity Show en it praatprogrammaHannity op de nijsstjoerder opkeabeltillefyzjeFox News.

Sean Hannity hat ferskate boeken skreaun en wie ien fan de earste oanhingers fan it presidintskip fanDonald Trump. Hy hat ferskategearspanningsteoryen de loft yn smiten. Hy is ien fan de meast beharke en besjoene radio-en tillefyzjepersoanlikheden, foar yn part troch't er goed befreone is mei Trump.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sean Hannity waard berne ynNew York (New York) as de soan fan Hugh en Lillian (famkesnamme: Flynn) Hannity. Syn heit wie infeteraan fan deTwadde Wrâldkriich en wurke yn de finzenis fan decounty. Syn mem wurke as instenograaf en wie inagint yn de finzenis fan de county. Hy wie de jongste fan de bern fan syn âlden en de iennichste jonge. Syn paken en beppen fan beide kanten emigrearren fanIerlân nei deFeriene Steaten. Hy woeks op ynFranklin Square opLong Island.

Yn syn jonkheid wurke er as in krantejonge. Syn âlden wiene ynearsten oanhingers fanpresidintJohn F. Kennedy, mar waarden stadichoan mearrepublikeinsk yn harren stânpunten, mar se bestegen net al tefolle omtinken oan polityk. Hja wieneroomsk-katolyk.

Sean Hannity gie nei deSacred Heart Seminary ynHampstead (New York) enSt. Pius X Preparatory Seminary ynUniondale (New York). Dêrnei gie er neiNew York University enAdelphi University, mar hat se allebeide net dienmakke.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Sean Hannity ynterviewtfise-presidintDick Cheney yn 2006
Sean Hannity ynterviewt fise-presidintMike Pence yn 2020

Yn 1982 sette er útein mei in hûsskildersaak en in pear jier letter wurke er as in konstruksje-oannimmer ynSanta Barbara (Kalifornje). Hy presintearre syn earstepraatprogramma foarKCSB-FM, de radiostjoerder fanUC Santa Barbara, wylst er noch as in oannimmer wurke. It programma stjoerde 40 oeren út. Oangeande syn earste programma sei er oer himsels: :Ik wie der net goed yn. Ik wie striemin".

Syn programma dêre waard nei krapoan in jier skrast, om't er kontroverjele útspraken oer rjochten fanhomo's enlesbiënnen die. It bestjoer fan de universiteit kaam letter op dy beslissing werom, nei't deAmerican Civil Liberties Union harren der op wiisd hie dat er yn syn rjocht op mieningsutering neffens itEarste Amindemint fan deAmerikaanske grûnwet stie. Hannity easke fan it bestjoer in iepenbiere ferûntskuldiging en mear stjoertiid, mar hja giene dêr net op yn. Hannity besleat net wer nei de stjoerder werom te kommen.

Dêrnei gie er op 'e syk nei oare radiostjoerders en waard oannommen byWVNN ynAthens (Alabama), dêr't er in middeispraatprogramma presintearre. Yn 1992 gie er neiWGST ynAtlanta. Yn septimber 1996, doe't er noch net hiel bekend wie, waard er trochRoger Ailes, dealgemien direkteur fan de nije nijsstjoerder opkeabeltillefyzjeFox News, oannommen om in tillefyzjeprogramma te presintearjen dat ynearsten ûnder de nammeHannity and LTBD ("liberal to be determined", betsjut: "liberaal noch bekend te meitsjen") stie.Alan Colmes waard oannommen om mei HannityHannity & Colmes te presintearjen. Hannity presintearre itkonservative stânpunt en Alan Colmes itprogressive.

Op 10 septimber 2001 sette er útein mei syn nasjonale radioprogrammaThe Sean Hannity Show, dy't op mear as 500 radiostjoerders yn de Feriene Steaten te beharkjen wie.

Wylst Hannity syn stânpunten almeast polityk en sosjaal konservatyf fan aard binne, hat er him foar it brûken foar foarbehoedmiddels útsprutsen, itjinge tsjin syn katolike leauwen yn gie.

Yn jannewaris 2007 sette Hannity útein mei in tillefyzjepraatprogramma op sneintejûn:Hannity's America. Yn novimber 2008 makke Alan Colmes buorkundich dat er ophâlde woe meiHannity & Colmes. Nei de lêste ôflevering fan it programma op 9 jannewaris 2009, sette Hannity it programma allinnich fuort asHannity. Dat programma waard ien fan de meast besjoene programma's op de keabeltillefyzje, en nei'tThe O'Reilly Factor fanBill O'Reilly skrast waard, waardHannity de nûmer ien programma mei in trochsneed fan 3,3 miljoen sjoggers. Syn radioprogramma is neiRush Limbaugh de meast beharke praatprogramma.

Hannity wie fan 2003 oant 2010 ek warber mei deFreedom Concerts, dat in rigecountry muzykoptredens wie dêr't er jild ophelle foar famyljes fan soldaten dy't yn de krigen ynAfganistan enIrak sneuvele wiene. Kritisy lykas deCitizens for Responsibility and Ethics in Washington (CREW) seine lykwols dat der mar in lyts persintaazje fan dat sammele jild nei it doel,Freedom Alliance, gie, en dat Hannity it ferkearde idee joech dat al it jild nei it goede doel gie, en se beklagen harren by deFederal Trade Commission en deInternal Revenue Service (IRS, de Amerikaanske belestingtsjinst). De optredens holden om dy tiid hinne ek op.

Opfettings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hannity syn opfettings binne almeast polityk en sosjaal konservatyf fan aard. NeffensThe Washington Post brûkt er ferhalen dy't gauris net alhiel wier binne en feroaret er syn stânpunt om de tiid. NeffensThe New York Times sit Hannity op de grins fan opiny engearspanningsteoryen. Hy smyt gauris gearspanningsteoryen de loft yn sûnder se wurklik te ûnderskriuwen.

Barack Obama

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it tiidrek fan it regear fan presidintGeorge W. Bush bliek Hannity Bush syn belied oan te hingjen, wylst er it regear fan presidintBarack Obama algeduerigen ôfkreake. Alhoewol't er leaut dat Obama yn de Feriene Steaten berne waard, rôp er him hieltyd mar wer op syn bertebewiis sjen te litten om it idee, dat der by guon konservativen wie, op te stokeljen dat Obama net yn de Feriene Steaten berne wêze soe en dan dus gjin presidint wêze koe.

Donald Trump

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Sean Hannity mei Donald Trump

Doe'tDonald Trump foar presidint rûn, wie Hannity ien fan syn earste oanhingers en brûkte er syn programma as sprekbuis foar Trump syn kampanje en letter foar syn regear. Ek ferdigene Hannity Trump nei't inlûdsopname fan him oan it ljocht kaam dêr't er denigrearjende útspraken foar froulju oer die, en ek wer doe't Trump falsk bewearde dat er it grutste publyk hie by syn ynauguraasje.

Hannity waard bekritisearre om't er te geunstich foar Trump syn kandidatuer oer stie en him mear stjoertiid joech as de oare kandidaten. Der waard sels oppenearre dat Hannity net allinnich geunstich foar Trump oer wie, mar ek syn net-offisjele adviseur wie. Hannity krige ek krityk fan in soad oare konservative kommentators, dy't tsjin Trump wiene.

Hillary Clinton

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By depresidintsferkiezings fan 2016 smiet Hannity gauris gearspanningsteoryen oerHillary Clinton yn de rûnte. Hannity sei dat Clinton earnstige sûnensproblemen hie, en dat demedia dat ferbergje liet. Hy krige syn "ynformaasje" gauris fan denepnijswebsteeThe Gateway Pundit. Yn maaie 2017 spruts er de gearspanningsteory dat Hillary Clinton en deDemokratyske Partij in meiwurker,Seth Rich, fermoardzje liet. Hy krige dêrby in soad krityk fanlofts enrjochts. Yn maart 2018 spanden de âlden fan Seth Rich in rjochtsaak oan tsjinFox News, om't dy gearspanningsteoryen oangeande harren soan syn dea de loft yn smieten foar politike redens. Op 12 oktober 2020 bea Fox News harren miljoenen dollars oan foar skeafergoeding.

WikiLeaks

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 2010 sei Hannity dat de stifter fanWikiLeaks,Julian Assange, op kriichspaad wie tsjin de Feriene Steaten, en dat WikiLeaks Amerikaanske libbens oer de wrâld hinne yn gefaar brocht hie. Hy bekritisearre it regear fan Obama derfan dat dy Assange net oppakke koe. Yn 2016, doe't WikiLeaks emails fan deDemokratyske Nasjonale Kommitee útlekte, priizge er Assange dat er sjen litten hie "hoe korrupt, ûnearlik en ferrifele ús oerheid is". Yn in ynterview mei Assange yn septimber 2016 sei er tsjin him: "Ik hoopje dat jo werris frijkomme meie. Ik winskje jo it allerbêste". Yn febrewaris 2017 die Hannity fannijs intweet fan WikiLeaks dy't keppele wie oan in ferhaal fanThe Gateway Pundit datJohn McCain in "globalistyske kriichskrimineel" wie. In wurdfierder fan McCain easke Hannity de "wierheid te fertellen" en Hannity wiske dy tweet.

Djippe steat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Sean Hannity doe't er itConservative Political Action Conference taspriek

Hannity hat ferskate kearen pleite foar deQAnon- en dedjippe steat-gearspanningsteoryen. De djippe steat is neffens him in "skaadregear" fan oerheidsamtners en meiwurkers fan it regear fan Obama dy't it regear fan presidint Trump dwersbongelje en omsmite woene. In artikel skreaun troch konservative kommentator Bret Stephens ynThe Wall Street Journal fersmiet dy teoryen fan Hannity.

Homoseksualiteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 1989, doe't er noch by KCSB ynSanta Barbara wurke, die Hannity anty-homo-útspraken. Hy neamdeAIDS in "homosykte" en sei dat de media ynformaasje foar it publyk oan it ferbergjen wie. Hy sei dat AIDS ferspraat waard om'thomo's harrentrochgong ynnamen, dathomoseksualiteit in "leger foarm fan gedrach" wie en datgeslachtsmienskip fan homo's "boartsjen yn húskeguod" is. Ek sei er dat "eltsenien dy't nei dit programma harket en tinkt dat homoseksulateit normaal is, is harsenspield". Hannity krige troch dy útspraken dien fan de radiostjoerder, mar deAmerican Civil Liberties Union wiisde it bestjoer derop dat Hannity yn syn rjocht fan mieningsutering neffens it Earste Amindemint fan de Amerikaanske grûnwet stie. It bestjoer naam Hannity werom, mar dy easke in publike ferûntskuldiging en twa kear safolle stjoertiid, mar dy giene dêr net yn mei. Hannity kearde dêrnei net werom.

Yn 2017 tsjûge Hannity syn spyt oer dy útspraken en sei dat se "ûnkundich en beskamsum" wiene.

Emigraasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hannity is tsjin op amnesty foar yllegale emigranten, mar yn 2012 wie er dêroer fan gedachten feroare en wie foar in "paad ta boargerskip". Letter wie er der wer op tsjin en yn 2018 waard er trochCNN,The Washington Post en ittydskriftNew York omskreaun as inhardliner oangeande yllegale emigraasje. Yn augustus 2018 advisearre er Trump dat hy de federale oerheid slute moast om it Kongres der ta te twingen om finansiering fan de muorre mei de grins meiMeksiko rûn te krijen.

Islaam

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hannity hat der foar warskôge dat sharia-wet nei de Feriene Steaten oan it kommen is. Yn 2006 wie er tsjin de ferkiezing fanKeith Ellison, de earstemoslim ta itAmerikaansk Kongres keazen, en bekritisearre er him doe't dy syn eed op dekoraan die.

Klimaatferoaring

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hannity fersmyt de wiitenskip oer it opwaarmjen fan de ierde. Yn 2001 omskreau er it as "ferrifele wittenskip fan polityk lofts". Yn 2004 bewearde er falsk dat wittenskippers der net oer iens wiene oft de opwaarming fan de ierde in "wittenskiplik feit of fiksje" wie. Hannity nûget gauris klimaatskeptisy út yn syn programma.

Koroanafirus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2020, doe't itkoroanafirus him yn de Feriene Steaten oan it sprieden wie, sei Hannity dat "in soad fan lofts wolle dat koroana gaos skept yn de Feriene Steaten. Wêrom? Om goedkeape ôfwearzige politike punten te winnen". Yn maart 2020 neamde er it firus inhoax en sei dat de koroanafirus in fraude wie dy't troch de djippe steat dien waard. Letter yn maart fan dat jier, doe't it firus yn inpandemy feroare wie en Trump deneedtastân útroppen hie, begûn Hannity it firus mear serieus te nimmen. Hannity sei letter dat syn programma de koroanapandemy altyd al serieus nommen hie.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Houlik en famylje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sean Hannity moete Jill Rhodes yn 1991 doe't er foar WVNN yn Huntsville (Alabama) wurke. Hja wie doe in kollumnist foar deHuntsville Times. Hja trouden yn 1993.

Hannity hat twa bern út syn houlik mei Rhodes; in soan Patrick, berne yn 1998 en in dochter Merri, berne yn 2001.

Yn juny 2020 hie it pear buorkundich makke dat se it foargeande jier skaat wiene, mar al jierren earder útinoar wiene. Hannity begûn dêrnei út te gean meiAinsley Earhardt in meiwurker fan Fox News.

Yn 2018 rûsdeForbes dat Hannity syn jierlikse ynkommen $36 miljoen wie. Yn 2014 sei er dat hy in wapen droech "mear as de helte fan myn folwoeksen libben".

Neffens Hannity, hat er in brûne bân ynfjochtkeunst en oefenet fjouwer dagen yn de wike.

Leauwe

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hannity ferliet deroomsk-katolike tsjerke yn 2019 om't er fûn dat der "tefolle ynstitusjonele korrupsje" geande wie. Hy sei dat synkristlike leauwe lykwols grutter wurden wie en dat erGod yn syn libben hawwe wol nedich hat.

Boeken fan Sean Hannity

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Let Freedom Ring: Winning the War of Liberty over Liberalism (2002), New York: ReganBooks,ISBN 0-06-051455-8.
  • Deliver Us from Evil: Defeating Terrorism, Despotism, and Liberalism (2004), New York: ReganBooks,ISBN 0-06-058251-0.
  • Conservative Victory: Defeating Obama's Radical Agenda (2010), New York: Harper Paperbacks,ISBN 0-06-200305-4.
  • Live Free or Die: America (and the World) On the Brink (2020), New York: Simon & Schuster,ISBN 978-1-982-14-9970.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch neiReferences op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySean Hannity fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sean_Hannity&oldid=1120735"
Kategoryen:
Ferburgen kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp