Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sean Connery

Ut Wikipedy
Sean Connery
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThomas Sean Connery
nasjonaliteitBritsk
berne25 augustus1930
berteplakEdinburgh (Skotlân)
stoarn31 oktober2020 (90 jier)
stjerplakNassau (Bahama's)
etnisiteitSkotsk
Iersk
jierren aktyf19542011
prizenBAFTA 1987 & 1998
Oscar 1988 & 1996
Golden Globe 1988
Cecil B. DeMille Award 1996
offisjele webside
www.seanconnery.com

SirSean Connery (útspr.: [ʃɔ:n 'kɒnəri], likernôch "sjôn kónnery"; folút:Thomas Sean Connery;Edinburgh,25 augustus1930 -Nassau (Bahama's),31 oktober2020) wie inBritskakteur fanSkotskkomôf, dy't yn 'ejierren sechstich wrâldferneamd waard yn 'erol fangeheim agintJames Bond ynfilms asDr. No,Goldfinger enFrom Russia with Love. Letter spile er ek yn sokke ferneamde films asThe Man Who Would Be King,The Wind and the Lion,The Name of the Rose,Highlander,The Untouchables,The Hunt for Red October,The Russia House,The Rock enEntrapment. Connery wûn yn1988 inOscar yn 'ekategory bêstebyrol fan in akteur, en waard yn2000riddere troch dekeninginneElizabeth II. Hy wie innasjonalist dy't bekendstie om syn stipe foar in ûnôfhinklikSkotlân. Yn1999, doe't er 69 jier âld wie, waard er troch itAmerikaansketydskriftPeople útornearre ta de meastseksyman fan 'e (tweintichste)iuw.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Connery waard yn1930berne yn Fountainbridge, inwyk fan 'eSkotskehaadstêdEdinburgh, as desoan fan 'eroomske Joseph Connery, infabryksarbeider enfrachtweinsjauffeur, en dy synprotestantskefrou Euphemia McBain McLean (ropnamme "Effie"). Oan synmemmekant stamme er ôf fan 'e leden fan 'e âldeSkotske clanMacLean, en synoerpake en -beppe wiene lânseigenSkotsk-Gaelysksprekkers útFife, resp. útUig, op it eilânSkye. Connery syn oerpake en -beppe oanheitekant wieneIerskeymmigranten, dy't har midsnjoggentjinde iuw yn Skotlân nei wenjen setten. Connery hie in jongerebroer,Neil (1938), dy't foarhinne ek akteur wie.

Yn synjonkheid waard Connery 'Tommy' neamd, behalven as syn Ierskefreon Séamus (deIerske fariant fan 'Tomas') der ek wie; dan waard Connery by synmiddelnamme Sean neamd om betizing tsjin te gean. Asopslûpen jonge groeide Connery sa hurd, dat er doe bekend kaam te stean as 'Big Tam'. Nei eigen sizzen hied er syn earsteseksuële ûnderfining mei infolwoeksenfrou yn inmilitêr unifoarm fan itTerritoriale Frouljuskorps (ATS) doe't er fjirtjin jier âld wie.

Sean Connery ynMarnie, út1964.

Syn earstebaantsje hie Connery asmolkboer yn Edinburgh, foar't er tsjinst naam by deBritske Keninklike Marine. Yn syn tsjinsttiid liet Connery twatattoeaazjes sette, ien mei detekstMum and Dad ("Heit en Mem") en de oare meiScotland Forever ("Skotlân Boppe"). Uteinlik waard er lykwols earfol út 'emarine ûntslein fanwegen inmaachswolm, dat yn synfamylje inerflikeoandwaning wie. Neitiid wurke Connery noch in hoartsje as molkboer, en doe asfrachtweinsjauffeur,badmaster yn inswimbad,model foar itKeunstkolleezje fan Edinburgh en polyster fandeakisten.

Mei achttjin jier sette Connery útein meibodybuilding, wêrfoar't er fan1951 ôf yn training gie by in Ellington, dy't eardersersjant-ynstrukteur yn itBritske Leger west hie. Hoewol't deynformaasje op syn eigenwebside hawwe wol dat er yn1950 it trêde plak behelle yn 'eMr. Universe-skientmewedstryd, pleatse de measte oare boarnen him yn 'ekompetysje fan1953, itsij mei in trêde plak yn 'ewedstryd foar junioaren, itsij mei hielendal gjin poadiumplak. Behalven oan bodybuilding die Connery ek oan 'efjochtsportkarate, en yn syn letterelibben wied er in fûleindichgolfer. Fierders wie Connery ek in entûsjastfuotballer, en hied er asteenager foarBonnyrigg Rose Athletic F.C. spile. Yn1953 seachMatt Busby, de trainer fanManchester United, him ris oan 'e gong, en bea him daliks inkontrakt oan foar£25 dewike. Connery besefte lykwols dat in fuotballer mei tritich jier oan 'e ein fan synkarriêre wêze soe, en hy wie doe al 23, wylst er synaktearkarriêre krekt oan 'e gong krigen hie, dat hy betanke freonlik foar de ear en hie dêr letter neaspyt fan.

Sean Connery yn1971.

Ein1951 naam Connery útjildneed in baantsje as hantsjemuoisfeint efter de skermen by itKing's Theatre yn Edinburgh. Dêr ûntdiek er dat ittoaniel him wol loek. Under in bodybuildingwedstryd yn1953 hearde er fan ien fan 'e oare dielnimmers dat deraudysjes holden waarden foar inopfiering fan 'emusicalSouth Pacific. Connery hapte daliks ta en wist syn earste aktearrol te winnen as in lid fan itkoar. Geandewei de trije jier dat defoarstelling rûn, wist er himsels op te wurkjen ta ien fan 'ehaadrollen. Doe'tSouth Pacific yn Edinburgh spile, waard Connery op injûn oanfallen troch de doedestiden beruchte Valdor-binde, wêrby't hy lykwols ferskate leden fan 'e groepyninoar sloech. Neitiid hied er yn syn berteplak dereputaasje in 'hurde man' te wêzen, en rûnen de bindeleden mei in bocht om him hinne.

FiaSouth Pacific kaam Connery ek foar it earst yn 'e kunde mei deIngelske akteurMichael Caine, mei wa't er syn libben langbefreone bliuwe soe. Teffens learde er fia de musical deAmerikaanskeregisseur en akteurRobert Henderson kennen, dy't Connerytoanielstikken fanHenrik Ibsen,Marcel Proust,Lev Tolstoj,James Joyce enWilliam Shakespeare lêze liet en soarge dat er ynLondenspraaklessen naam om synSkotskeaksint te ferminderjen. Tsjin dy tiid hie Connery syn filmdebút al makke, asfigurant yn 'e musicalLilacs in the Spring (1954)

Sean Connery yn1976.

Hoewol't Connery yn dy snuorje ferskate kearen yn films figurearje mocht, koed er dêr net fan libje en moast er alderhanne los wurk oannimme om itende te bliuwen. Henderson besoarge him in lytse rol yn in produksje fanWitness for the Prosecution, fanAgatha Christie, en letter hied er noch ferskillende oare toanielrollen yn Londen. DeKanadeeske regisseurAlvin Rakoff wie ûnder de yndruk fan Connery syntillefyzjedebút asbokser yn 'esearjeThe Square Ring, en besoarge him ferskate oare lytse tillefyzjeroltsjes. Yn1957 krige Connery gruttere byrollen yn films asNo Road Back,Hell Drivers,Action of the Tiger en deskrillerTime Lock. Yn1958 hied er in grutte rol yn itmelodramaAnother Time, Another Place, as insjoernalist dy't bestrûpt rekket yn inleafdesrelaasje mei it personaazje fan aktriseLana Turner. Op 'e set fan dy film stoarme op in stuit Turner harstikjaloerske freon, dekrimineelJohnny Stompanato, mei lutsenpistoal op Connery ôf, mar Connery pakte him syn wapen ôf en sloech him fan 'e sokken. Neitiid moast er in hoartsje ûnderdûke doe't erdeadsbedrigings krige fan oare kriminelen yn 'e tsjinst fan Stompanato syn baas,Mickey Cohen.

Yn1959 krige Connery foar it earst in haadrol, yn 'e rûnom priizgeDisney-musicalDarby O'Gill and the Little People, oer in slûchslimme Ier en dy syn striid fan snoadens mei deleperkanen. Yn1961 hied er in promininte tillefyzjerol yn 'eminysearjeAnna Karenina, op 'eBBC. Connery syn grutte trochbraak kaam lykwols yn1962, doe't him de rol fan 'egeheim agintJames Bond oanbean waard, neide romanrige fan 'eskriuwerIan Fleming. It wie de bedoeling dat derferskate films oer dyselde haadpersoan makke wurde soene, en hoewol't Connery him mei tsjinnichheid fêstlei foar mear as ien film, hied er wol foar it ferstân dat er binnen wêze soe as defilmsearje populêr blike soe te wêzen.

Sean Connery yn1980.

Sadwaande spile er Bond yn 'e earste fiif films fan 'e rige:Dr. No (1962),From Russia with Love (1963),Goldfinger (1964),Thunderball (1965) enYou Only Live Twice (1967). Alle films wiene ûnbidige súksesfol, en Connery synkarriêre wie makke. Letter kearde er noch twaris nei de rol fan James Bond werom foar de filmsDiamonds Are Forever (1971) enNever Say Never Again (1983), wat ek beide kearen in trochslaandkommersjeel súkses waard. Yn2005 waardFrom Russia with Love adaptearre ta infideospultsje (007: From Russia with Love), wêrfoar't Connery mei 74 jier op 'e nij yn 'e rol fan Bond kroep, al wie it doe inkeld asstimakteur.

Fleming sels skynt yn 't earstoan syn twifels oer Connery hân te hawwen; hy fûn de Skot te lang en te spiersterk, al naam er oan dat Connery it foar de rol needsaaklikeseksuele garisma hie doe't syn eigenfaam him fertelde dat dat sa wie. Pas nei't erDr. No sjoen hie, feroare Fleming fan miening. Hy wie doe sa ûnder de yndruk fan Connery syn optreden, dat er yn 'e lettere dielen fan syn romanrige in heal Skotske, healSwitserskeôfstamming foar Bond betocht. Behalven kommersjeel súksesfol makken de James Bond-films Connery ek tasekssymboal. Hy begûn tûzenenfanbrieven wyks te krijen, in grut diel dêrfan ôfkomstich fan jonge froulju dy'tfereale op him rekke wiene. Wat doedestiden ûnbekend wie, wie dat Connery yn elk fan 'e Bond-films (en teffens yn in protte oare rollen) intûpet droech, om't er mei 21 jier al begûn wiekeal te wurden.

Sean Connery yn1988.

Hoewol't James Bond him ta in wrâldstjer makke, begûn Connery al rillegau syn nocht fan Bond te krijen, en op 't lêst begûn er him suver tehaatsjen. Neffens Michael Caine hie Connery der yn 't bysûnder hekel oan as er op 'e dyk lju tsjinkaam dy't inoar oanstompten en seine: "Sjoch, dat is James Bond!" Wylst er noch oan 'e fiif earste Bond-films wurke, hied er al yn oare films spile, wêrûnderMarnie (1964), fanAlfred Hitchcock, enThe Hill (1965), fanSidney Lumet. Nei in sloppe tiid yn 'e twadde helte fan 'ejierren sechstich wied er yn 'esantiger jierren û.m. te sjen yn 'edetektivefilmMurder on the Orient Express (1974), meiVanessa Redgrave,Lauren Bacall enJohn Gielgud, en yn 'eoarlochsfilmA Bridge Too Far (1977), oer deSlach om Arnhim, mei û.o.Dirk Bogarde,Laurence Olivier,James Caan,Michael Caine,Edward Fox,Anthony Hopkins,Robert Redford enPeter Faber. Teffens spile er in Britsklegerofsier dy't himsels takening makket yn in ôfhandich part fanAfganistan ynThe Man Who Would Be King (1975), neiin koart ferhaal fanRudyard Kipling (op 'e nij mei syn freon Michael Caine), en inMarokkaanskBerberfoarst ynThe Wind and the Lion (1975), meiCandice Bergen.

Yn1981 hie Connery incameoroltsje as keningAgamemnon fanMysene yn 'e filmTime Bandits, krekt sa't er yn1991 yn in cameo as keningRichard Liuwehert meiwurksje soe oanRobin Hood, Prince of Thieves. Nei't syn rol yn 'eBond-filmNever Say Never Again yn1983 op inrjochtsaak útrûn, ferlear Connery lykwols itfertrouwen yn 'e gruttefilmstudio's en makke er twa jier lang hielendal gjin films mear. Yn1986 spile er de rol fan inkrityskMidsiuwskmûnts yn 'e tige súksesfolleJeropeeske produksjeThe Name of the Rose, dêr't er it jiers dêrop inBAFTA foar krige. Ek yn1986 hied er as Juan Sánchez-Villalobos Ramírez in wichtige byrol yn 'efantasyfilmHighlander, meiChristopher Lambert. Yn1987 spile er in hurde Iersk-Amerikaanskeplysjeman ynThe Untouchables, meiKevin Costner,Robert De Niro enAndy García, dêr't er yn1988 foar beleanne waard mei inOscar yn 'ekategory bêstebyrol fan inakteur. Teffens wûn er mei dy rol inGolden Globe foar bêste manlike byrol.

Connery syn earstefrou,Diane Cilento.

Einjierren tachtich oant midsjierren njoggentich wurke Connery mei oan ferskate grutte kaskreakers. Sa fertolke er ynIndiana Jones and the Last Crusade (1989) de rol fan 'e eksintrike heit fan aventoersman Indiana Jones (spile trochHarrison Ford). Fierders wied er te sjen as deetnyskLitouskekaptein fan inSovjet-ûnderseeër ynThe Hunt for Red October (1990), meiAlec Baldwin enSam Neill; as in oan legerwâl rekkeútjouwer dy't behelle rekket yn inspionaazjesaak ynThe Russia House (1990), meiMichelle Pfeiffer; askening Arthur ynFirst Knight, meiRichard Gere enJulia Ormond; as in Britskespion dy'tlibbenslang krigen hat yn 'e Feriene Steaten ynThe Rock (1996), meiNicolas Cage; en as snoade masterynbrekker ynEntrapment (1999), meiCatherine Zeta-Jones. Yn1996 wurke er asstimakteur mei oan 'e filmDragonheart, wêrfoar't er de tekst ynspriek fan 'edraak Draco. Yn1998 waard Connery inBAFTA Academy Fellowhip Award (inoeuvrepriis) takend.

Letter wie Connery noch te sjen in films asThe Avengers (1998),Finding Forrester (2000) enThe League of Extraordinary Gentlemen (2003). Nei't it skynt waard him trochregisseurPeter Jackson de rol fan 'etsjoender Gandalf oanbean yn 'eThe Lord of the Rings-trilogy, mar sloech Connery dy rol ôf om't er "it skript net begriep." NeffensCNN wie him 15% fan 'e wrâldwidewinst fan 'e trije films oanbean, wat him yn totaal$300 miljoen opsmite kinnen hie. Nei't er neewurd jûn hie, waard de rol fan Gandalf oansirIan McKellen taparte.

Nei2004 wie Connery belutsen by ferskate filmprojekten dy't op 'e non rûnen, wêrûnder ien oer deMidsiuwskeArabyskeheldSaladin, dat derûnder strûpte doe't deprodusint,Mûstafa Akkad, yn2005 omkaam by dehoteloanslaggen yn 'eJordaanske haadstêdAmman. Yn2010 wurke er noch as stimakteur mei oan 'etekenfilmSir Billi, mar hy spriek geroften tsjin dat er yn 'e fjirdeIndiana Jones-film spylje soe. Dat er desyllúzjonearre rekke wie oer "de idioaten dy't no films meitsje ynHollywood" wie nei't it skynt de wichtichste reden foar Connery om him út 'efilmyndustry werom te lûken.

Connery mei Saskia Cohen-Tanugi yn1983.

Yn2004 wie der sprake fan dat Connery inautobiografy skriuwe soe, mar dat rûn op neat út, en hy betelle it foarskot dat er al krigen hie werom oanútjouwerijHarperCollins. Wol skreau er, tegearre meiMurray Grigor, inskiednisboek, mei astitelBeing a Scot ("In Skot te Wêzen"), dat yn2006 op syn 78stejierdei publisearre waard. Yn2011 hold Connery ek op mei yn it iepenbier te ferskinen. De lêste kear dat er sjoen waard, wie as taskôger op itAmerikaanske Iepen Tennistoernoai, ynseptimber2012, dêr't er syn (Skotske) lânsmanAndy Murray oanmoedige. Neitiid loek er him alhiel werom yn synfilla op 'eBahama's.

Yn it begjin fan syn aktearkarriêre, doe't er noch yn 'e musicalSouth Pacific spile, gie Connery om mei detsjeppe Carol Sopel, mar nei't harjoadskefamylje him dúdlik makke hie, dat syn avânses net op priis steld waarden, rûn dyrelaasje op 'e non. Dêrnei gied er om mei in Julie Hamilton, dy't him net sjen of luchtsje koe oant se him ris yn inkilt gewaarwurden wie. Letter besocht er it oan te lizzen mei deswartejazz-sjongsterMaxine Daniels, oant dy him fertelde dat se al lokkichtroud wie. Fan1962 oant1973 wie Connery sels troud mei deAustralyske aktriseDiane Cilento, mei wa't er insoan krige, de akteurJason Connery. Yn1975 wertroude Connery mei deMarokkaansk-FrânskekeunstskilderesseMicheline Roquebrune (b. 1929), mei wa't er oant synferstjerren byinoar bleau.

Connery ynSkotske dracht.

Connery wenne sûnt1999 it grutste part fan it jier op 'eBahama's, wylst er dêrfoar tweintich jier lang benammen ynSúd-Frankryk taholden hie. Hy besiet lykwols ek infilla ynKranidi, ynGrikelân, dêr't er debuorman wie fan keningWillem-Alexander, mei wa't er inhelikopterplatfoarm dielde.

Yn1993 lekte itnijs út dat Connery inbestrielingsbehanneling ûndergien hie, wat yn 'emedia ta berjochten late dat erkielkanker hawwe soe. YnJapanske enSúdafrikaanskemedia waard er sels aldea ferklearre, en hy moast yn it AmerikaanskepraatprogrammaThe Late Show, fanpresintatorDavid Letterman, ferskine om it tsjindiel te bewizen. It die bliken dat de behanneling wie om knobkes op synstimbannen te ferwiderjen. Oare krupsjes fan Konnery wienestaar, wêrfoar't er yn2003 oan beideeagenoperearre waard, en intumor op ien fan synnieren, dy't yn2006 by in operaasje fuorthelle waard. Yn2009 fertelde er yn infraachpetear dat er it oan ithert hie.

Ynpolityk opsicht wie Connery inSkotsknasjonalist, eat dat er nea ûnder stuollen of banken stiek. Hy wie lid fan 'eSkotske Nasjonale Partij, dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid foar Skotlân, en stipe dypartij sawolfinansjeel as mei persoanlikeoptredens. Syn finansjele stipe hold op yn2001, doe't itBritske parlemint inwet oannaam dy't it near lei op it dwaan fan jildlike jeften oan Britskepolitike partijen trochpersoanen,bedriuwen ofynstellings út it bûtenlân.

Connery waardbekritisearre om't er him út synBahamaanskebelestingparadys wei dwaande hold mei de Britskepolityk, mar hy joechdokuminten frij dêr't út bliek dat er tusken1997 en2003 allinnich al yn Grut-Brittanje£3,7 miljoen oanbelesting betelle hie. Hy swarde dat er nea wer yn Skotlân komme soe te wenjen foar't dat in ûnôfhinklik lân wêze soe, en dêr hold er him oan. Hy sei ek dat er leaude dat it by synlibben noch safier komme soe, wat net it gefal wie. Connery waard yn2000riddere troch de BritskekeninginneElizabeth II; dêrfoar hied er yn1997 en1998 ek al op 'e nominaasje stien, mar doe hie de SkotskeLabour-premierDonald Dewar dêr synfeto oer útsprutsen fanwegen Connery syn politike opfettings.

Ferstjerren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sean Connery stoar yn 'esliep yn syn filla ynNassau op 'eBahama's op31 oktober2020 yn deâldens fan 90 jier.

Filmografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1954Lilacs in the Springûnbekendnet fermeld op 'eôftiteling
1957No Road BackSpike
1957Hell DriversJohnny Kates
1957Action of the TigerMike
1957Time Lock2e lasker
1958Another Time, Another PlaceMark Trevor
1959Darby O'Gill and the Little PeopleMichael McBride
1959Tarzan's Greatest AdventureO'Bannion
1961The Frightened CityPaddy Damion
1961On the Fiddlesutelder Pascoe
1961MacbethkeningMacbeth fan Skotlân
1961Anna Kareninagreve Alexej Vronsky
1962The Longest Daysoldaat Flanagan
1962Dr. NoJames Bond
1963From Russia with LoveJames Bond
1964GoldfingerJames Bond
1964MarnieMark Rutland
1964Woman of StrawAnthony Richmond
1965The HillJoe Roberts
1965ThunderballJames Bond
1966Un Monde Nouveauhimselscameo
1966A Fine MadnessSamson Shillitoe
1967You Only Live TwiceJames Bond
1967The Bowler and the Bunnethimselsdokumintêre; ekfilmprodusint
1968ShalakoShalako
1969The Red TentRoald Amundsen
1970The Molly MaguiresJack Kehoe
1971The Anderson TapesDuke Anderson
1971Diamonds Are ForeverJames Bond
1972España Campo de Golfhimselskoarte film
1972The Offenceresjersjeur Johnson
1974ZardozZed
1974Murder on the Orient Expresskolonel Arbuthnott
1974RansomNils Tahlvik
1975The Dream Factoryhimselsdokumintêre
1975The Wind and the LionMulay Ahmed al-Raisuni
1975The Man Who Would Be KingDaniel Dravot
1976Robin and MarianRobin Hood
1976The Next ManKhalil Abdul-Muhsen
1977A Bridge Too Fargeneraal-majoarRoy Urquhart
1979The First Great Train RobberyEdward Pierce
1979Meteordr. Paul Bradley
1979CubaRobert Dapes
1981Outlandmarshal William T. O'Nielnominearre foar inSaturn Award foar bêste akteur
1981Time BanditskeningAgamemnon
1982G'olé!voice-overdokumintêre
1982Five Days One SummerDouglas Meredith
1982Wrong Is RightPatrick Hale
1983Sean Connery's Edinburghhimselskoarte dokumintêre
1983Never Say Never AgainJames Bondde iennichste 'ûnoffisjele'James Bond-film
1984Sword of the Valiantde Griene Ridder
1986HighlanderJuan Sánchez-Villalobos Ramírez
1986The Name of the RoseWilliam fan Baskervillewûn inBAFTA foar bêste akteur
1987The UntouchablesJim Malonewûn inOscar foar bêstebyrol fan in akteur
wûn inGolden Globe foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar inBAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1988The Presidioluitenant-kolonel Alan Caldwell
1988Memories of Mehimselscameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1989Indiana Jones and the Last CrusadeHenry Jones sr.nominearre foar inGolden Globe foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar inBAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1989Family BusinessJessie McMullen
1990The Hunt for Red Octoberkaptein-op-see Marko Ramiusnominearre foar inBAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1990The Russia HouseBarley Blair
1991Highlander II: The QuickeningJuan Sánchez Villa-Lobos Ramírez
1991Robin Hood: Prince of ThieveskeningRichard Liuwehertcameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1992Medicine Mandokter Robert Campbell
1993Rising SunJohn Connorek útfierend produsint
1994A Good Man in Africadokter Alex Murray
1995Just CausePaul Armstrongek útfierend produsint
1995First Knightkening Arthurek útfierend produsint
1996DragonheartDracoasstimakteur
1996The RockJohn Patrick Masonek útfierend produsint
1998The Avengerssir August de Wynter
1998Playing by HeartPaul
1999EntrapmentRobert MacDougalekprodusint
2000Finding ForresterWilliam Forresterek produsint
2003The League of Extraordinary GentlemenAllan Quatermainek útfierend produsint
2012Sir Billisir Billias stimakteur; ek útfierend produsint
fideospultsjes
2005James Bond 007: From Russia with LoveJames Bondasstimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enBibliography, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySean Connery fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sean_Connery&oldid=1141845"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp