Lofthaven Skiphol Amsterdam Airport Schiphol |
 |
|
Algemien |
Oprjochte | 17 maaie 1920 |
Type | Publyk |
Eigener | Skiphol-Groep |
Lokaasje | Haarlimmermar,Nederlân |
Hichte | 3,35 meter ûnderNAP |
Webside | www.schiphol.nl |
Startbanen |
Baan | Lingte | Materiaal | 18R/36L | 3.800 m | Asfalt | 06/24 | 3.500 m | Asfalt | 09/27 | 3.450 m | Asfalt | 18L/36R | 3.400 m | Asfalt | 18C/36C | 3.300 m | Asfalt | 04/22 | 2.014 m | Asfalt |
|
Lofthaven Skiphol is de grutstelofthaven fanNederlân. NeiLonden Heathrow,Parys-Charles de Gaulle,Frankfurt am Main enIstanbûl Atatürk is it de fyfde drokste lofthaven fan Jeropa. Skiphol leit yn 'e gemeenteHaarlimmermar, sa'n 15 kilometer besúdwestenAmsterdam.
Skiphol is de thúshaven fan 'e NederlânskeloftfeartmaatskippijenArke,Corendon Dutch,KLM,KLM Cityhopper,Martinair Cargo enTransavia. Fierders is it inhub fan 'e bûtenlânske loftfeartmaatskippijenDelta Air Lines,easyJet enVueling. De lofthaven leit inkelde meters ûnder seenivo en hat seisstart- en lâningsbanen. Op it plak dêr't Skiphol no leit, hat earder it doarpRyk lein. De namme "Skiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krekt asSkiphol-East enSkiphol-Ryk.
De lofthaven is eigendom fan 'eSkiphol-Groep (formele namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders deNederlânske Steat, gemeenteAmsterdam en gemeenteRotterdam.
Op Skiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:[2]