Insauna is in lytseftich apart gebou of in romte yn in grutter gebou, ûntwurpen om te fungearjen as in plak dêr't minsken drûge of wiete hjittens ûndergean kinne. It kin ek in gelegenheid wêze dêr't ferskate sokke fasiliteiten beskikber binne foar iepenbier gebrûk.
De sauna komt oarspronklik útFinlân, in lân dat in echte saunakultuer hat, en dêr't frijwol eltse wente fan in eigen lytse sauna foarsjoen is. De lânseigenYndiaanskefolken fanMidden-Amearika hawwe in eigen foarm fan 'e sauna, detemazcal. Ek deswithutte ofsweat lodge fan 'eNoardamerikaanske Yndianen is besibbe oan 'e sauna.
Der besteane tsjintwurdich twa soarten sauna's: tradisjonele sauna's, dêr't streekrjocht de lucht opwaarme wurdt, en ynfrareadsauna's, dêr't objekten lykasstiennen of stikkenhoutskoal opwaarme wurde, dy't dan de lucht opwaarmje. Detemperatuer yn in moderne drûge sauna kin oprinne oant boppe de 100º C, wat inkeld ferdroegen wurde kin om't deluchtfochtichheid keunstmjittich tige leech holden wurdt; as der mear wetter yn 'e lucht sitte soe, soe dat by sa'n temperatuer begjinne tesieden.