It wurd Sansibar is inferfrysking fanZanzibar, dat fia itIngelsk út itSwahily komt. Dat hat it wer fan itArabyske زنجي بار,Zanji Bār, útspr.: ['zanʤi ba:r], likernôch: "zandzji baar"), dat wer ôflaat is fan itPerzyske زنگبار,Zangbār, in gearstalling fan زنگ,zang, dat "swart" betsjut, en بار,bār, "kust".Etymologysk betsjut 'Sansibar' dus "swarte kust", wat mear op 'ehûdskleur fan 'e bewenners fan dy kust as op 'e kust sels slein hawwe sil.
It eilân Sansibar is likernôch 85 km lang fan noard nei súd, en 39 km breed fan east nei west, en hat in totaaloerflak fan 1.464 km². It hat in leechlizzend, mar gloaiend lânskip, mei as heechste punt 120 m boppeseenivo. It eilân Sansibar wurdt fierders karakterisearre troch moaiesânstrannen omjûn trochkoraalriffen dy't ryk oan biodiversiteit binne. Oan inynham oan 'e westkust leit de stêdSansibar, dat it grutste plak en dehaadstêd fan 'e autonome republyk is. De histoaryske binnenstêd,Stone Town, is opnommen op 'ewrâlderfgoedlist fan 'eUNESCO.
Pemba leit sa'n 59 km benoarden it eilân Sansibar, en likernôch 56 km fan it Tanzaniaanske fêstelân ôf. It mjit 67 km fan noard nei súd en 23 km fan east nei west, mei in totaal oerflak fan 985 km². Krekt as it eilân Sansibar is ek Pemba in relatyf plat eilân, mei in heechste punt op 95 m boppe seenivo.
De eilannen fan Sansibar binne ryk oanfloara enfauna. It eilân Sansibar is it iennichste plak op 'e wrâld dêr't deSansibarfranje-aap (Probolobus kirkii) foarkomt, wêrfan't de totale populaasje sa'n 1.500 eksimplaren omfiemet. Dizzesoarte rekke teminsten 1.000 jier lyn isolearre fan besibbe soarten op it Afrikaanske fêstelân. Oare lânseigen soarten op it eilân Sansibar binne it seldsumeSansibarloaihoars (Panthera pardus adersi), inûndersoarte fan itloaihoars (Panthera pardus) dy't mooglik al útstoarn is, en de noch mar koartby foar it earstwittenskiplik beskreauneSansibareeske servalsjenetkat (Genetta servalina archeri), in ûndersoarte fan 'eservalsjenetkat (Genetta servalina). Op Pemba komt dePembaflearhûn (Pteropus voeltzkowi) foar.
Argeologyske fynsten tsjutte derop dat de Sansibareilannen al teminsten 20.000 jier troch deminske bewenne wurdt. Yn 'e earste iuwen nei Kristus bestie de befolking fan 'e eilannen nei alle gedachten al útetnyskeSwahily, of alteast út nau besibbeBantoe-folken. Yn 'e twadde helte fan it earste milennium soarge de tanimmendehannel derfoar datkeaplju útAraabje,Perzje enYnje har op 'e eilannen fêstigen. It wiene de Perzen dy't de stêdSansibar stiften op in plak dat besmoute wie tsjinstoarmen en boppedat goed te ferdigenjen wie tsjin fijannen. Dêrwei waard hannel dreaun mei dehavenstedsjes op it Afrikaanske fêstelân, oan 'e saneamdeSwahilykust.
Troch de ynfloed fan 'e keaplju fan bûten waard dekultuer fan 'e Swahily ferrike en naam harrentaal, itSwahily, in prottelienwurden út itArabysk oer. Teffens ferspraten deArabieren harrengodstsjinst, deislaam, ûnder de pleatslike befolking, dy't meitiid de wichtichste religy fan 'e Easafrikaanske kust waard. Trochdat se har ûntjoegen ta tuskenhannelers tusken de Arabieren en Perzen oan 'e kust en de lânseigenfolken yn it binnenlân, berikte de maatskippij fan 'e Swahily grutte woltier. Sansibar wie ien fan 'e Swahily-stêdsteaten dy't geandewei deMidsiuwen de hannel oan 'e Eastafrikaanske kust kamen te behearskjen (oaren wieneMombasa enDar es Salaam).
Yn1498 markearre de oankomst fanVasco da Gama it begjin fan 'eJeropeeske bemuoienis mei it gebiet. Yn1503 of1504 waard Sansibar ûnderdiel fan itkoloniale ryk fanPortegal, en bleau dat twahûndert jier lang. Yn 't earstoan waard it yndield by de Portegeeske provinsje fanAraabje enAbessynje, en waard it bestjoerd troch ingûverneur-generaal. Omtrint1571 waard Sansibar oerhevele nei it westlike part fan it Portegeeske Ryk en kaam it by de koloanjeMozambyk te hearren. De Portegezen hearsken lykwols inkeld yn namme oer Sansibar, want doe't it earsteIngelskeskip yn1591 it eilân oandie, wie dêr gjin Portegees te bekennen. Der waard inkeld in opslachplak foar hannelswaar ûnderholden, dêr't produkten oankocht waarden en reemakke om nei Mozambyk oerfearn te wurden. It bestjoer lieten de Portegezen oer oanislamityskesultans, dy't se asfazallen behannelen.
Yn1635 feroare dat, doe't de Portegezen as reäksje op inrebûlje ynMombasa infort op it eilân Pemba bouden. Neitiid stelden de Portegezen harren eigen koloniale bestjoerders oan oer de Swahily-steatsjes, wat in misse set wie. De befolking moast nammentlik neat hawwe fan 'ekristlike bestjoerders, en frege de sultan fanOmaan om help by it ferdriuwen fan 'e útlânske oerhearskers. Fan gefolgen ferlearen de Portegezen yn1698 al harren besittings yn East-Afrika benoardenMozambyk oan Omaan. Meitiid rekken de Omany de Swahilykust grutdiels wer kwyt, mar Sansibar wisten se te behâlden.
Yn 'e ierenjoggentjinde iuw makke Sansibar in perioade troch fan grutte woltier, dy't fuortkaam út itferbouwen fankrûdnagels en oarespeserijen, en fanwegen de bloeiende hannel ynivoar enslaven. Dat late der yn1832 ta datSaïd bin Sûltan, de sultan fan Omaan, syn hof ferhuze fan itArabysk Skiereilân nei Sansibar. Troch it fêstigjen fan in machtsbass op Sansibar, besocht er de ynfloed op 'e gebieten oan 'e Eastafrikaanske kust (en dêrmei op 'ehannelsrûtes oer deYndyske Oseaan) feilich te stellen. Nei syn ferstjerren, ynjuny1856, waard er opfolge troch twa fan syn soannen, dy't it Omaanske Ryk midstwa spjalten:Tûwaini bin Saïd waard sultan fanMaskate en Omaan, wylst syn broerMadjyd bin Saïd hearsker oer it no selsstannigeSultanaat Sansibar waard. Neitiid bleau Sansibar noch seis jier lang ferbûn mei Omaan, mar nei demoard op syn broer Tûwaini wegere Madjyd yn1862 noch langer om by te dragen oan 'e Omaanskeskatkiste, en waard Sansibar folslein ûnôfhinklik.
Oant likernôch1890 behearsken de sultans fan Sansibar in oansjenlik diel fan 'eSwahilykust, in gebiet dat bekendstie as deSandj, en û.m.Mombasa enDar es Salaam omfieme. Yn1884 stiften deDútsers lykwols harren koloanjeDútsk East-Afrika (dêr't letterTanganjika út fuortkomme soe) en yn1886 fêstigen de Britten har bewâld oerBritsk East-Afrika, it lettereKenia. Tusken1884 en1890 giene alle Sansibareeske besittings op it fêstelân ferlern oan dy beideJeropeeske machten. Underwilens begûnenkeaplju dy't ôfkomstich wiene fan itYndiaaske subkontinint stadichoan almar mear foar master op te slaan op it mêd fan 'ehannel yn speserijen. Saïd bin Sûltan fitere dat oan troch de Ynjers ta te stean har frij yn syn gebieten te fêstigjen.
Deslavehannel rûn ûnderwilens op syn lêste skonken. Midnjoggentjinde iuw waarden der jierliks wol 50.000 slaven ferhannele op 'eslavemerken fan Sansibar. Sokken waarden djip yn it binnenlân fanAfrika finzen nommen en nei de kust ta sleept. Ien fan 'e meast beruchte Sansibareeske slavekeaplju wieTippu Tip, dy't ûnbidich grutte ekspedysjes fan soms wol 4.000 man sterk djipSintraal-Afrika yn late en dêrby gedoente hie mei Westerskeûntdekkingsreizgers asDavid Livingstone enHenry Morton Stanley. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw oefenen de Britten swiere druk op Sansibar út om 'e slavehannel oan bannen te lizzen, enBargasj bin Saïd, de broer en opfolger fan Madjyd bin Saïd, lei der yn1873 úteinlik it near op. In trêde broer,Kalifa bin Saïd, dy't Bargasj letter opfolge, makke de wei ree foar de folsleineôfskaffing fan 'e slavernij.
Underwilens wie Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Ek de Dútsers makken oanspraak op it sultanaat, mar dy striidkwestje waard yn1890 regele mei itHilgelân-Sansibar-ferdrach wêrby't de Britten it eilânHilgelân, yn 'eDútske Bocht, ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Dat makke de wei frij foar de stifting fan in Britskprotektoraat oer Sansibar, dat yn1890 ek wier fêstige waard. Dêrby behold it sultanaat, alteast yn namme, yntern selsbestjoer ûnder Britsk tafersjoch, mar it ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard diel fan itBritske Ryk. Fan1890 oant1913 waard it lân regearre troch de sultans, dy't begelaat waarden troch Britske 'adviseurs' yn 'e foarm fan tradisjonelefiziers. Fan1913 ôf stelden de Britten lykwolsresidinten oan om harsels en harren belangen te fertsjintwurdigjen, dy't yn 'e praktyk neat minder asgûverneurs wiene.
Doe't de pro-Britske sultanHamid bin Tûwaini nei syn dea, op25 augustus1896, opfolge waard trochKalyd bin Bargasj, fan wa't de Britten neat hawwe moasten, late dat ta de saneamdeSansibaroarloch, wêrby't de Britten eefkes sjen lieten wa't it yn it sultanaat echt foar it sizzen hie. De oarloch briek út op 'e moarn fan27 augustus, doe't Britskeoarlochskippen mei inbombardemint it Beit al-Hukum-paleis ferrinnewearren. Net mear as 38 minuten letter, doe't de Sansibarezen wol omlyk woene, waard der inwapenstilstân sletten, en de Sansibaroarloch wurdt noch altyd beskôge as de koartsteoarloch út 'eskiednis fan 'e wrâld.
Nei't de ASP it op 'eSansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard ûnder lieding fan Okello deFolksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen.Abeid Karume, de lieder fan 'e ASP, dy't net by derevolúsje belutsen west hie, waard útnûge om útballingskip yn Tanganjika werom te kearen en it amt fanpresidint fan 'e nijerepublyk op te nimmen. Ek demarxistyskepolitikusAbdulrahman Mohammad Babu, de lieder fan 'e UP, kearde werom, en waard beneamd yn 'eRevolúsjonêre Ried, ithegerhûs fan 'e nije republyk. Foar himsels reservearre Okello de titel fanfjildmaarskalk, sûnder dy fierder te definiëarjen. Neitiid folge in trije moannen lange ynterne machtsstriid, wêrby't de betûfte Karume sawol Okello as Babu op in sydspoar wist te ranzjearjen. Sadree't Okello op reis gie en Sansibar ferliet, ferklearre Karume him ta in 'fijân fan 'e steat' en tapersona non grata. Troch it ferlies fan harren lieder en de oanwêzigens fan 'e Tanganjikaanskeplysje, dy't Karume útnûge om yn Sansibar ta te sjen op 'ewetshanthavening, waarden Okello syn oanhingers bûtenspul setten.
Ynternasjonaal bestie mank de Westerske lannen yn it ramt fan 'eKâlde Oarloch grutte noed oer de ynfloed fan Babu yn 'e nijefolksrepublyk. Men freze dat dy deSovjet-Uny de mooglikheid biede soe en fêstigje in brêgehaad op 'eEastafrikaanske kust. Dêrom waard der druk útoefene om it lytse Sansibar gear te foegjen mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika. Ynapril1964 sleat Karume dêrta in oerienkomst mei de Tanganjikaanske presidintJulius Nyerere, sadat der op26 april in nij lân ûntstie, deFeriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earstewurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene. Yn it nije lân waard Nyerere presidint en Karume presidint fan 'eautonomerepublyk Sansibar, in amt dêr't itfise-presidintskip fan Tanzania oan ferbûn wie. Troch de uny mei Tanganjika wûn Karume de ynternasjonale legitimiteit foar syn regear dy't er earder net krije kinnen hie, mei as gefolch dat it him slagge om Babu en dy synkommunistyske oanhingers folslein te marginalisearjen.
Nei de uny mei Tanganjika gie de ASP op yn 'eChama cha Mapinduzi (CCM), de Tanganjikaanske regearingspartij. Alle oarepolitike partijen waarden ferbean. Begjin jierren santich wie in ûnlijige tiid yn 'e skiednis fan Sansibar. Yn1972 waard Abeid Karume ynSansibar-Stêdfermoarde. Geandewei de twadde helte fan it desennium rekke Sansibar ûnder Karume syn opfolger, presidintAboud Jumbe, yn rêstiger farwetter. Nei't yn Tanzania yn1992 inmearpartijestelsel ynfierd hie, krige in nije opposysjepartij, itCivic United Front (CUF), fanSeif Sharif Hamad, benammen opPemba grutte oanhing. It CUF stribbe foar Sansibar iepentlik neiôfskieding fan Tanzania, wat de partij oanhâldend yn botsing brocht mei de CCM.
By ferkiezings ferlear it CUF eltse kear op 'e nij fan 'e CCM, mar ynternasjonale waarnimmers hiene gjin goed wurd oer foar it ferrin fan 'e Sansibareeske ferkiezings fan1995,2000 en2005, dy't bol stiene fan 'estimbusfraude,yntimidaasje fan kiezers en oare ûngeregeldheden. By de folksprotesten nei de ferkiezings fan2000 kamen ynjannewaris2001 35 minsken om it libben en rekken 600 oaren ferwûne doe't oerheidstroepen it fjoer iepenen op demonstranten. Neitiid ûntflechten in protte Sansibarezen opfiskersboaten Tanzania en sochten beskûl yn 'e buorlannen. Nei't ferskate ûnder ynternasjonale druk ta stân kommen ûnderhannelings tusken de CCM en it CUF op 'e non rûn wiene, gie de Sansibareeske presidintAmani Abeid Karume yn2009 indialooch oan mei CUF-lieder Hamad, dy't late ta in fermoedsoening fan 'e beide partijen. Nei de ferkiezings fan2010 waard der in koälysjeregear foarme, mei de CCM-kandidaatAli Mohamed Shein aspresidint, wylst foar Hamad it nije amt fanfise-presidint fan Sânsbar kreëarre waard.
Dat Hûs fan Offurdigen bestiet út 85 leden: 50 keazen leden; 10 leden beneamd troch de presidint fan Sansibar; 15 sitten dy't reservearre binne foarfroulike leden fanpolitike partijen dy't yn it Sansibareeske parlemint sitte; en 6 leden dy't inkeld yn it ferlingde fan in amt sitting hawwe yn it Hûs fan Offurdigen (de kommissarissen fan 'e fiif bestjoerlike regio's en deprokureur-generaal. Fan dizze 81 ôffurdigen wurde 5 útornearre om Sansibar te fertsjintwurdigjen yn it nasjonale Tanzaniaanske parlemint.
Oangeande desoevereiniteit fan Sansibar sei de TanzaniaanskepremierMizengo Pinda op3 july2008 dat dy soevereiniteit in dreambyld is dat net bestiet. It hiele parlemint fan Sansibar, wêrûnder sawol leden fan Pinda syn eigenChama cha Mapinduzi as fan it opposysjoneleCivic United Front, spriek him dêrop tsjin en hold út dat Sansibar in folslein autonome steat binnen Tanzania is.
Agraryske aktiviteiten, yn 'e foarm fan itferbouwen fankrûdnagels en oarespeserijen (wêrûndernútmuskaat,kaniel enpiper), foarmet noch altyd ien fan 'e pylders fan 'e Sansibareeskeekonomy. Fanwegen dy lânbouprodukten waarden de Sansibareilannen yn it ferline ek wol oantsjut as de Speserij-eilannen, hoewol't dy namme yn 'e regel brûkt waard foar deMolukken, ynNederlânsk-Ynje. Fierders is it eilânSansibar it iennichste fan 'eSansibareilannen dat in ûntwikkeletoeristyske sektor hat, en de ynkomsten dy't dat fersoarget, foarmje de oare pylder fan 'e pleatslike ekonomy. Dêrnjonken binne ekfiskerij en it ferbouwen fanseewier rillevante ekonomyske aktiviteiten.
Neffens de folkstelling fan2012 hie de autonome republyk Sansibar doe 1.303.569 ynwenners. Debefolkingstichtens bedroech 529,7 minsken de km². Likernôch twatrêde part fan 'e befolking wennet op it eilânSansibar, en in fyfde diel wennet yn 'e stêdSansibar. Wat deetnyske gearstalling oangiet, bestiet de befolking fan Sansibar fierhinne útSwahily, hoewol't in grut part fan 'e ynwenners foar in diel fanArabysk komôf is. De etnyskeArabieren, lykwols, binne nei desteatsgreep fan1964 Sansibar hast allegear ûntflechte. De rest fan 'e Sansibareeske befolking bestiet útBantoes fan itAfrikaanske fêstelân en útAfro-Ynjers. De ynwenners fan 'e republyk Sansibar binne foar 98,9%moslim, mei lytse minderheden fankristenen (0,6%) en lju dy't Afrikaanskenatoerreligyen oanhingje (0,5%).