Desandalefilm ofswurd-en-sandalefilm is insjenre fanfilms dêr’t it ferhaal him ôfspilet yn deklassike âldheid. Faak giet it om aventoerefilms dy’t situearre binne yn it âldeGrikelân of it âldeRome. Net selden wurde histoaryske feiten mei eleminten út deGrykske mytology mjukse.
De klassike âldheid waard al yn de begjindagen fan de sinema brûkt as dekôr foar films. In foarbyld dêrfan is D.W. GriffithsIntolerance út 1916.
It sjenre kaam yn de fleur yn de fyftiger jierren, mei grutte produksjes asThe Ten Commandments (1956) enBen-Hur (1959). Dy produksjes hiene in soad súkses ynAmearika enJeropa.
Dêrnei folge yn de sechstiger jierren in hausse oan goedkeaper makke sandalefilms, benammen útItaalje (lykas despagettywestern de Amerikaanske western opfolge). Under dizze titels sieten ûnder oareErcole l'invincibile,Devil of the Desert Against the Son of Hercules enMaciste contro il vampiro. De makkers fan dy produksjes neamen it net sa krekt mei de histoaryske realiteit.
Yn de jierren 2000 wie in nije weach fan sandalefilms te merkbiten, mei produksjes asGladiator,Troy en300.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |