Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Samarra

Ut Wikipedy
Samarra
De spiraalminaret fan de Grutte Moskee
De spiraalminaret fan de Grutte Moskee
Bestjoer
LânIrak
ProvinsjeSalah ad Din
Sifers
Ynwennertal348.700(2003)
Oerflakkm²
Oar
Tiidsône(UTC+3)
Lizzing fan samarra yn Irak

Samarra (Arabysk:سامراء) is in stêd ynIrak oan de eastigge fan de rivier deTigris yn de provinsjeSalah ad Din, sa'n 125 km benoardenBagdad. Yn2002 wennen dêr sa'n 201.700 persoanen. It histoarysk part fan Samarra is2007 trochUNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.

De stêd wie ien fan de grutsteMesopotamyske stêden. Wichtich gebou yn de stêd is deGrutte moskee fan Samarra mei in unike spiraal-minaret, dy't boud is yn847 doe't Samarra 56 jier lang de haadstêd fan deislamityske wrâld wie, yn de tiid fan itkalifaat fan deAbbasiden.

Samarra stean ek de tombes fanAli al-Hadi enHasan al-Askari, efterelkoar de tsiende en alfdesjiïtischeImams. Teffens hat it in timpel foarMohammed al-Mahdi, de tolfde Imam of de 'Ferhoalen Imam'. De measte sjiieten leauwe dat er yn it ferhoalen bestiet en earst oan de ein fan de tiid wer ferrize sil.

Irakkriich en letter

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oktober2004 ferôveren Amerikaanske troepen Samarra op 'en nij op it Iraaksk ferset.

Op 21 febrewaris2006 bliezensoennitysk-fundamintalistyske militanten de koepel fan deal Askari-skryn op. Yn dat hillichdom lizze de alfde en tolfdeimam fan deTolfers, de belangrykstesjiïtyske streaming, bedobbe en it is teffens it plak dêr't deMahdi of Tolfde Imam ferdwûn. De bomoanslach joech in soad argewaasje yn Irak. Der bruts religieus geweld út tuskensjiïten ensoenniten yn de stêd mei as haadpersoan de sjiïtyske geastlik geastlik liederMuqtada al-Sadr. Der binne doe sa'n 15.000 minsken dea rekke.

Op 13 juny 2007 binne twaminaretten fan it sjiïtyske Al Askari-mausoleum ynstoarten nei twa ûntploffings. Itmausoleum leit tichteby de ferneamde goudenmoskee fan Samarra, ien fan de meast wichtige hillichdommen ynIrak.


  • Al Askari-moskee
    Al Askari-moskee
  • Al Askari-moskee nei it earste bombardemint, 2006
    Al Askari-moskee nei it earste bombardemint, 2006


Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


34° 11' NB, 43° 52' EL
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Samarra&oldid=1009256"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp