Salzburg is inEastenrykske dielsteat. De dielsteat grinzget oan de dielsteatTiroal yn it westen en suden, Opper-Eastenryk yn it noardeasten,Stiermarken yn it easten,Karinsje yn it súdeasten en East-Tiroal yn it suden. Yn it súdwesten dielt Salzburg de bûtegrins meiItaalje (Súd-Tiroal) en yn it noardwesten meiDútslân (Beieren). Haadstêd isSalzburg.
De bewenning fan it gebiet giet werom op dejonge stientiid. Fan deKelten stamt de âldste namme fan de stêd: Iuvavum. Under deRomeinen wie Iuvavym in bestjoersdistrikt yn de provinsje Noricum. SûntBeieren yn de 6e iuw it gebiet oermastere foarme it ûnderdiel fan ithartochdom Beieren.
Troch de stifting (of fernijing) fan it stift St. Peter yn 696 en de bou fan in nonnenkleaster op de Nonnberg yn 713 op de ruïnes fan it Romeinske Iuvavum lei de hilligeRupert de basis foar it bisdom, dat yn 798 it aartsbisdom Salzburg en dêrmei it sintrum fan de Beierske tsjerkeprovinsje waard.
Salzburg mei de fêsting Hohensalzburg dêr't fan 1328 oant 1803 de prinsbiskoppen oer it lân hearsken
Likernôch fjouwer iuwen letter slagge aartsbiskop Eberhard II der yn om fan 1200 oant 1246 fan ferskillende provinsjes en jurisdiksjes in unitêre politike entiteit op te bouwen. De erkenning fan de grinzen troch de Beierske hartoch Hindrik XIII wie de earste stap om Salzburg ûnôfhinklik te meitsjen fan it oangrinzgjende hartochdom, ek al foel Salzburg doe noch ûnder Beiersk bewâld. Yn 1328 krige Salzburg mei de ynfiering fan in eigen regionale oarder foar in grut diel selsbestjoer yn itHillige Roomske Ryk. As aartsbisdom funksjonearre Salzburg as buffersteat tusken Beieren en de Habsburgske lannen.
Yn de 15e en 16e iuw wie net allinne de sâlthannel fan grut ekonomysk belang, mar ek it sykjen nei goud yn de deltes fan Rauris en Gastein. De goudopbringsten wiene foar in koart skoft de grutste yn Sintraal-Europa en de rykdom fan Salzburg naam ta, mar dêrmei ek de sosjale spannings tusken rike boargers en aristokraten en de earme plattelânsbefolking. De spannings lieden mei in autokratyske machtsoername troch de prinsbiskoppen yn 1462-1463 en 1525 ta opskuor. De boereopstannen setten útein yn de berchgebieten en krigen mei it oantsjinjen fan dereformaasje in religieuze ûndertoan, dat liede ta ferskillende weagen fan massale ferballing fan protestanten. De grutste weach fûn plak ûnder prinsbiskop Leopold Anton von Firmian, dy't yn de jierren 1731-1732 likernôch 20.000 protestanten it lân útsette.
Hohensalzburg (oarspronklik boud yn de 11e iuw; tsjintwurdich oansjen datearret fan de 16e iuw
Yn 1805 waard Salzburg as in sekularisearre karfoarstendom by it Eastenrykske Ryk foege. Nei in koart skoftke ûnder Beiersk bestjoer fanôf 1810, doe't de regio Salzachkreis hiet, waard it gebiet yn 1816 neffens de útkomsten fan itKongres fan Wenen wer by Eastenryk foege. Oant 1850 wie it Salzburger Land in diel fan it aartshartochdom Eastenryk boppe de Enns (Opper-Eastenryk), wylst oare gebieten yn it westen Beiersk bleaune. Nei't Salburg yn 1850 in unôfhinklik Eastenryksk kroanlân waard, kaam tsien jier letter it earste Salzburger parlemint (Landtag) foar it earst by inoar.
Nei de ûntbining fan deEastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy yn 1918 waard Salzburg opnommen yn Dútsk Eastenryk en it jier dêrop yn de nije Republyk Eastenryk.
Yn de tiid fan denasjonaalsosjalistyske diktatuer wie Salzburg njonken Karinsje de ienige Eastenrykske steat dy yn de âlde grinzen bestean bleau as de Reichsgau Salzburg. Nei de kriich foel Salzburg tegearre mei Opper-Eastenryk súdlik fan de Donau en in diel fan Wenen yn de Amerikaanske besettingssône foar't Eastenryk de soevereiniteit as ûnôfhinklike republyk werom krige.
De dielsteat is yn fiif politike distrikten en in saneamde Statutarstadt (Salzburg) ferdield. De distrikten wurde lykas wenst yn Salzburg noch jimmeroan meigau oantsjut.
Neffens sifers út 2018 foarmet deRoomsk-Katolike Tsjerke mei 61,2% de grutste tsjerklike mienskip yn de dielsteat. Nochris 2,9% fan de befolking hinget itprotestantisme oan en it persintaazjeotterdoksen waard op 3,7% rûsd. Net-kristlike mienskippen foarmje demoslims mei 5,6% en dejoaden mei 0,01%.
Oer de gearstalling fan de rest fan de befolking binne gjin aktuele sifers. By in folkstelling yn 2001 joech 3,9% in oare leauwe op, 9,6% sei him- of harsels net ta in leauwe te rekkenjen en 3,1% joech gjin ynformaasje.
Njonken de kristlike tradysjes kent de dielsteat noch in tal foar de streek karakteristike tradysjes. Guon dêrfan wurde tsjintwurdich lykwols allinne noch lokaal fierd. Yn desimber komt lykas yn ús kontrijenSint-Nikolaas. Ynstee fanSwarte Piten wurdt de hillige begelaat fanKrampus. Yn gruttere plakken binne der optochten, wêrby't de Krampus it oarspronklike uterlik somtiden ynwiksele hat en as fantasyfiguer út de filmyndustry meirint. Yn it Gasteinertal wurdt de tradysje lykwols goed fêstholden en op 5 en 6 desimber rint Sinterklaas dêr mei in ingel mei snobbersguod en echte krampusfigueren by de hûzen del.
TuskenKryst enTrijekeningen komme de saneamdeGlöckler enPerchten, dy't yn optocht de kweade wintergeasten útdriuwe om plak te meitsjen foar it nije jier. Bekend is û.o. de Pongauer Perchtenoptocht.
Yn de simmer wurde yn Zederhaus en Muhr op 24 juny en 29 juny metershege mei blommen fersierde houten peallen yn inprosesje troch it doarp droegen. De tradysje giet werom op in sprinkhoannepleach út 1693, dy't it hiele lân kealfriet.
Simmerdeis binne der ek deSimsonoptochten, optochten mei gigantyske reuzen dy't fral yn de geografyske regio Lungau (distrikt Tamsweg) yn eare holden wurde. De Simsonoptochten fan Lungau binne yn 2010 opnommen yn de List Immaterjeel Kultuererfgoed yn Eastenryk.
Op Rupertikirtag (24 septimber), de feestdei fan de hillige Rupert, binne de pleinen om de dom fan Salzburg ôfset foar de fiering fan in fiif dagen lang folksfeest. Rupertikirtag is ien fan de tradysjerykste folksfeesten fan Eastenryk en wurdt alle jierren troch mear dan 100.000 minsken besocht.