De âlde Ibearyske delsetting waard yn it jier 219 f.Kr. trochHannibal belegere. Under romeinsk en westgoatysk bewâld (133 f.Kr. oant ± 712 f.Kr.) waard de stêd 'Helmantica' neamd. Yn dat tiidrek waard de delsetting in belangryk hannelssintrum.
tagong universteit
Yn de 8e iuw oermasterenmoslims de stêd, mar al yn it jier 939 waard de stêd nei de Slach fan Simancas werkristlik (reconquista). Salamanca waard ynnearsten in grinsstêd foar it kristlike Spanje en hie jimmeroan wer te meitsjen mei oanfallen fan it islamityske suden. Dat late ta in ûntfolking en pas nei de oermastering fanToledo trochAlfons VI fan Leön yn it jier 1085 koene de ynwenners fan de stêd wer rommer sykhelje en naam de befolking wer ta (repoblación). De nije kristlike ynwenners kamen yn 1162 tsjin Kastylje-Leön yn opstân en fregen yn 1163 stipe fanPortugal, dat Salamance twa jier lang besette.
Yn 1218 waard de foarrinner fan de earste universiteit fan Spanje yn Salamanca stifte. Yn 1254 krige dy skoalle de status fan universiteit en tagelyk befêstige pausAlexander IV (paus) Aleksander IV de universiteit mei in bul de akademyske graad.
Salamanca makke syn bloeitiid yn de 16e iuw mei. Yn it jier 1524 waard mei de bou fan it kleaster San Esteban útein set.
By de Slach by Salamanca op 22 july 1812 fersloech in Britsk-Portugeesk leger ûnderWellington itFrânske leger ûnderMarmont.
De stêd is twa katedralen ryk, de âlde katedraal út de 12e iuw en de nije katedraal út de 16e iuw. Beide katedralen foarmje ien kompleks. De toer fan de nije katedraal moast fersterke wurde fanwegen skuorren troch deierdskodding fanLissabon. Foar de katedraal oer leit it biskoplike paleis. Yn de tiid fan deSpaanske Boargerkriich wie Salamanca al gau yn hannen fan de nasjonalisten en wie it paleis foar in skoft it haadkertier fan generaalFranco.
DePlaza Mayor, dêr't eartiids itbollefjochtsjen holden waard, is ien fan de moaiste pleinen fan Spanje.Filips V fan Spanje, de earste Spaanske kening út it Frânskehûs Bourbon, liet it yn 1729 foar de ynwenners bouwe fanwegen de trou fan Salamanca yn desúksesjekriich.
Bekend is ek itCasa de las Conchas (Hûs fan de Skelpen), in stedspaleis dat ynPlateresco-styl boud waard. De gevel is fersierd mei mear as 300Jakobsskelpen fan gielgoude sânstien, dy't symboal steane foar it pylgerjen neiSantiago de Compostela.
DePuento Romano oer de Tormes is in romeinske brêge dy't noch jimmeroan brûkt wurdt.
De ûntfolking fan it plattelân as gefolch fan de mechanisaasje en de skaalfergrutting yn de lânbou soarge yn de 20e iuw foar in foarse befolkingsoanwaaks fan de stêd. Dochs groeit Salamanca stadiger as de boomende haadstêdregio. De tin befolke omjouwing fan de stêd jout útsein yn de sektor toerisme fierder net in soad ekonomysk perspektyf.