Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sacharoaze

Ut Wikipedy
Struktuer fan sacharoaze

Sacharoaze (C12H22O11, ek wolsúkroaze,saccharoaze ofsûker neamd) is indisacharide dat bestiet út inglukoaze-ienheid en infruktoaze-ienheid. It wurd komt fan itArabyske "shakar".

It wurdt wûn útsûkerbiten,sûkerreid ofsûkerpalm. Dat giet mei inraffinaazje-proses. By dat proses wurdt de sûker út de plant oplost yn hjit wetter, en trochwerkristallisaasje enfiltraasje suvere.

Sacharoaze, lykas folle oarekoalhydraten, is in poerbêste leveransier fan enerzjy oan it lichem. De enerzjy-ynhâld is likernôch in fearn fan dy fanfetten.

By de fertarring fan sacharoaze moat as earst de bining tusken dizze twa ienheden (glukoaze en fruktoaze) brutsen wurde. Hjirtroch is de beskikberheid fan de enerzjy neffens dy fan glukoaze in bytsje sleau; dochs wurdt der by sportdrinkens wol sacharoaze brûkt. It frijmeitsjen fan de ienheden bart noch wol sa hurd, dat nei ynnimmen fan in mannichte sacharoaze in dúdlike pyk yn it bloedsûkergehalte sjoen wurde kin.

Sacharoaze lost poerbêst op ynwetter (by keamertemperatuer wol 2 kilogram yn in liter, by it siedpunt likernôch 5 kilogram[1]). In sêde sûkeroplossing is de swietste floeistof dy't er bestiet. Gjin inkeldeswietstof is swieter.

Tapassings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûker

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûker wurdt brûkt om iten swiet te meitsjen. Yn it ferline waard sûker yn grutte stikken ferkoft, dy't troch de klant yn lytse klûntsjes brutsen waarden. Dêrom wurdt sûker foar tee of kofje hieltyd noch wol yn klûnten brûkt. No binne dat lykwols yn it fabryk foarfoarme klûntsjes.

  • Sûkerkristallen
    Sûkerkristallen
  • Sûker
    Sûker
  • Sûkerklûntsjes
    Sûkerklûntsjes

Gemy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sacharoaze wurdt ek brûkt by de produksje fanpolyoalen, dy't grûnstoffen binne foarpolyuretanen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  1. Science.edu.sg
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sacharoaze&oldid=1010094"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp