Súd-Austraalje (Ingelsk:South Australia) is ien fan 'e seissteaten fanAustraalje. It beslacht it middensuden fan itlân, en rint fan it hert fan 'e Australyskewoastyn, yn itnoarden, oan 'ekust fan 'eGrutte Australyske Bocht ta, yn itsuden, dy't diel útmakket fan 'eSúdlike Oseaan. Dehaadstêd en teffens de grutstestêd isAdelaide. Mei 12,8% fan it nasjonaal grûngebiet is Súd-Austraalje yn grutte it fjirde Australyske gewest (neiWest-Austraalje,Queenslân en itNoardlik Territoarium). Lykwols is it oergrutte part fan 'e steat mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út2022 hie Súd-Austraalje doe goed 1,8miljoen ynwenners, wat delkomt op 7,0% fan 'e totale Australyskebefolking.
Súd-Austraalje hat in oerflak fan 1.043.514 km², wêrfan't 983.482 km² út lân bestiet en 60.032 km² út wetter. It is it iennichste Australyske gewest dat oan alle oare grutte gewesten grinzget. De westgrins meiWest-Austraalje is in rjochte line dy't fan noard nei súd rint op persiis 129° easterlingte. De noardgrins mei itNoardlik Territoarium is ek in rjochte line, diskear fan west nei east, dwers troch it woastinige hert fan Austraalje, wylst de eastgrins wer in rjochte line fan it noarden nei it suden is. Yn it noardeasten swettet Súd-Austraalje oanQueenslân, yn it easten oanNij-Súd-Wales, en yn it súdeasten oanFiktoaria. De súdlike begrinzging fan 'e steat wurdt foarme troch de kust fan 'eGrutte Australyske Bocht, dy't (neffens Austraalje) ûnderdiel útmakket fan 'eSúdlike Oseaan (al klassifisearret deYnternasjonale Hydrografyske Organisaasje it as in ûnderdiel fan 'eYndyske Oseaan).
De kust fan Súd-Austraalje.
Fierwei it grutste part fan 'e befolking fan Súd-Austraalje wennet yn 'e haadstêd,Adelaide, dy't yn it súdeasten fan 'e steat oan 'e kust leit, en yn 'e fruchtbere kriten dêr by om: yn 'e delling fan 'e rivier deMurray; oan 'e uterste súdwestkust tsjin 'e Fiktoriaanske grins oan; op 'eYorke- enEyre-skiereilannen; en op it grutteeilânKangaroo. De rest fan it súdeasten fan 'e steat bestiet fierhinne útsteppelân mei ferskate leecheftigeberchtmen, lykas itGawlerberchtme en itFlindersberchtme. Noardlik dêrfan leit deDobbe fan de Eyremar, in leechlân dat ferneamd is nei deEyremar, in baassâltmar dy't inkeld yn wiete seizoenen wetter befettet. Dat diel fan Súd-Austraalje heart ta deSimpsonwoastyn, wylst de noardwesthoeke ta deGrutte Fiktoariawoastyn heart. It súdwesten, ta einbeslút, wurdt behearske troch de justjes minder drûgeNullarborflakte. It heechste punt fan Súd-Austraalje is de berch deMount Woodroffe (1.435 m), yn itMusgraveberchtme, oan 'e noardwestlike grins mei it Noardlik Territoarium.
Archeologyske fynsten bewize dat de minsklike bewenning fan Súd-Austraalje teminsten 20.000 jier tebek giet. Delânseigen befolking groef neifjoerstien en makke rotsskilderings yn 'eKoonaldagrot op 'eNullarborflakte, enspearen en ark binne weromfûn yn infeanmoeras yn it súdeasten. It eilânKangaroo waard al lang bewenne foar't it troch it stiigjende seenivo fan it fêstelân ôfsnien waard.
It gebiet dat no de steat Súd-Austraalje foarmet, waard yn1788 formeel trochGrut-Brittanje yn besit nommen as ûnderdiel fan 'ekoloanjeNij-Súd-Wales. Hoewol't dy koloanje twatrêde part fan itAustralyskekontinint besloech, wiene alle iere delsettings oan 'e eastkust sitewearre, en krongen inkeld in pear ûnferfearde ûntdekkingsreizgers fier yn it efterlân (of deoutback, sa't men yn Austraalje seit) troch. It duorre mear as fjirtich jier ear't dekolonisaasje fan Súd-Austraalje fêste foarmen oannaam, meiSúd-Austraaljewet fan1834, in Britske wet dy't de oprjochting fan in aparte koloanje oan 'e súdkust fan Austraalje mooglik makke. De oarsprong fan 'e steat is unyk yn Austraalje, mei't it nea instrafkoloanje west hat, mar ynstee stifte waard as in oerseesk gebietsdiel mei in befolking fan frije kolonisten. Dat barde op28 desimber1836, by in proklamaasje troch de earste gûverneurJohn Hindmarsh ûnder deAlde Gumbeam teGlenelg North. Hoewol't de Súd-Austraaljewet en begeliedende juridyske dokuminten de rjochten fan 'e lânseigen befolking en harren neiteam garandearre, waarden dy bepalings folslein negearre troch de Súd-Austraaljekompanjy en de kolonisten.
Sân skippen mei yn totaal 636 kolonisten húsmannen tydlik byKingscote op Kangaroo om, oant de delsetting dy't him letter taAdelaide ûntjaan soe, op it fêstelân, foar harren komst reemakke wurde koe. De nije koloanje waard stifte neffens de bêste Britske ideälen fan dy tiid, d.w.s. sûnder lykfol hokkerreligieuzediskriminaasje, mar mei wurkgelegenheid foar eltsenien. Mei't men doe miende dat sa'n maatskippij resultearje soe yn sa goed as gjinmisdie, waard der gjintichthûs boud. Doe't bliken die dat soks inutopy wie, waard der sein dat de misdie feroarsake waard troch feroardiele kriminelen dy't ûntkommen wiene út 'e strafkoloanjes oan 'e Australyske east- en súdeastkust. Hoe dan ek, yn1838 waard der in koloniale plysjetsjinst oprjochte om neilibbing fan 'e wet ôf te twingen, en op nijjiersdei1839 gie it earste tichthûs iepen.
De westgrins fan Súd-Austraalje lei de earste 24 jier fan it bestean fan 'e koloanje op 132° easterlingte. De stripe lân tusken dy grins en de eastgrins fanWest-Austraalje, op 129° easterlingte, hearde yn dy snuorje taNij-Súd-Wales. Pas yn1860 waard de Súdaustralyske westgrins opskood nei 129° easterlingte. Yn1863 waard it middennoardlike diel fan it kontinint by Súd-Austraalje foege, sadat de koloanje doe oan 'e noardkust ta rûn. It nije gebiet kaam doe bekend te stean as it "Noardlik Territoarium fan Súd-Austraalje". Yn1911 waard dat wer losmakke fan 'e rest fan Súd-Austraalje, en krige it de status fan in federaal territoarium fan Austraalje.
Súd-Austraalje fierde yn1861 al in beheinde foarm fan itfrouljuskiesrjocht yn, en1895 waard it it twadde plak yn 'e wrâld (neiNij-Seelân) dêr't algemien kiesrjocht ynfierd waard. Teffens wie it it earste plak yn 'e wrâld dêr't froulju sawol aktyf as passyf kiesrjocht hiene (dus sawol stimme mochten as har kandidaat stelle mochten).Catherine Helen Spence, dy't yn1897 beneamd waard ta ien fan 'e folmachten fan Súd-Austraalje foar de konvinsje wêrby't deAustralyske Grûnwet opsteld waard, wie de earste frou yn Austraalje dy't in polityk amt beklaaide. Op1 jannewaris1901 trede Súd-Austraalje as ien fan 'e oarspronklike dielsteaten ta de Australyske federaasje ta.
Parliament House, ynAdelaide, de sit fan it Súdaustralyske parlemint.
Súd-Austraalje hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Hûs fan Gearkomste (House of Assembly) of legerhûs fan 47 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 23 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigenkiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as ynGrut-Brittanje).
It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder deAustralyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Súdaustralyske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fanbelestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie.
Yn it federale Australyske parlemint ynCanberra wurdt Súd-Austraalje yn 'eSenaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn itHûs fan Offurdigen troch 11 fan 150 sitten (7,3%).
De Súdaustralyskeekonomy stipet mear op 'eeksport as de ekonomy fan hokker oar Australysk gewest ek. De measte wurkgelegenheid is te finen yn 'etsjinstesektor, mei as útsjitter desûnenssoarch en yn mindere mjitte dedetailhannel. In oare wichtich ûnderdiel fan 'e steatsekonomy is deyndustry, wêrûnder de fabrikaazje fanauto's (44% fan it Australyske totaal),farmaseutika, definsjetechnology en elektro-technology.
In loftfoto fan 'ewyngerds yn 'e Delling fan 'e Barossa.
Delânbou enfiskerij hat in omset fan sa'nAu$10 miljard jiers. De fiskerij is him de lêste desennia oan it útwreidzjen fan wyldfangst neifiskkwekerijen. Op it mêd fan 'e lânbou binne fral deweetproduksje en deskieppehâlderij (mei as produktenwol, skieppefluezzen, skieppe- en lammefleis en libbene skiep) fan belang. Fierders is Súd-Austraalje ferneamd om synwinen, dy't mear as de helte fan alle yn Austraalje produsearre wyn omfetsje. Behalven troch it geunstigeklimaat wurdt dat ek feroarsake troch de relatyf grutte groepenetnyskeFrânsen enDútsers dy't har al ier yn 'etweintichste iuw yn Súd-Austraalje nei wenjen set hawwe.
De Olympic Dam-myn, byRoxby Downs, is de grutsteuraniummyn fan 'e wrâld, mei mear as in trêde fan 'e goedkeap beskikbere uraniumreserves fan 'e wrâld en 70% fan dy fan Austraalje. Dy iene myn produsearret op 't heden 9% fan 'e wrâldproduksje fan uranium.
Utsjoch oer it Súdaustralyske plattelân mei yn 'e fierte deskyline fanAdelaide.