Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Rys

Ut Wikipedy
rys
taksonomy
rykplanten (Plantae)
stammeblêdplanten (Euphyllophyta)
klassebedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skiftgerseftigen (Poales)
famyljegerzen (Poaceae)
skaairisen (Oryza)
soarte
Oryza sativa
Linnaeus, 1753

Rys (Oryza sativa) heart lykas allenôtsoarten by degersfamylje (Poaceae). Rys is it wichtichste iten foar in grut part fan de wrâldbefolking, benammen yn de waarmere oarden. Yn desubtropen wurdt deûndersoartOryza sativa subsp.japonica ferboud, wylst yn detropen de ûndersoartOryza sativa subsp.indica de oerhân hat.Sina is de grutste produsint en konsumint fan rys enTailân is de grutste eksporteur.

It wurdpadie slacht op ryskerrels dy’t noch strak yn ittsjêf sitte.

Rys kin ek meald wurde ta rysmoal en dêrnei seefd tarysblom. In bekend merk wie Molenaars bernemoal.

Aldste rys

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op grûn fanfytolite-ûndersyk waard kultivearre ryst fêststeld ynsediminten fan deEastsineeske See, dy’t foar’t neist troch deJangtsekiang oanfierd waarden. MeiC14-datearring waard in âldens fan 13.900kal. jierren BP fêststeld, wat der op wiist dat dy kultivaasje datearret út in frijwat waarme en wieteAllerød Ynterstadiaal. De fytoliten ferdwûnen tusken 13.000–10.000 jier BP, wat oerienkomt mei it kâldeJonge Dryas stadiaal. Nei 10.000 jier BP ferskynden se wer. Se konkludearren dat it kâldere klimaat de kultivaasje ûnderbrutsen hie.[1]

De âldste rys dy’t troch boeren kultivearre waard, soe ûntdutsen wêze ynSúd-Korea.[2] Fiaradiometryske datearring soe fêststeld wêze dat de 59karbonisearre ryskerrels út it tiidrek fan 12.000 oant 13.000 jier foar Kr. komme. Dat soe goed 3.000 jier âlder wêze as de ryskerrels dy’t fûn binne by deGiele Rivier lâns en deJangtsekiang ynSina. De ryskerrels dy’t fûn binne by opgravings troch Lee Yung-jo en Woo Jong-yoon tusken 1997 en 2001 yn de Súdkoreaanske provinsjeNoard-Chungcheong. Op dit berjocht kaam lykwols gjin inkeld ferfolch mear, sadat de fynst earder sjoen wurde moat as in utering fan in op Koreaansk nasjonalisme basearre winsk de âldste rysfynst kleme te kinnen.[3]

Rassen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Amearika wurde meast rysrassen ferboud dy’t in lange kerrel opjouwe. Yn België en Nederlân wurdt meast langkerrelige rys iten. Yn Azië wurde wolle mear rysrassen boud dy’t in koarte kerrel opjouwe.

YnJapan wurdt in apart typesakee-rys boud foar it meitsjen fan de hegere kwaliteitensakee. Dy rys mei in lange kerrel wurdt mear as in meter heech, hat in swier ear (de top dêr’t de ryskerrels yn sitte, deplûm en wurdt mei de hân rispe.

Ofhinklik fan de soartesetmoal yn de kerrel is der gewoane rys en kleefrys. Kleefrys hat folle mearamylopektine as gewoane rys, dy’t mearamyloaze hat. Dy kleefrys sjocht der witer út as gewoane rys en klibbet nei it tameitsjen.

Der binne rassen dy’t geskikt binne foar de saneamde wiete rysbou, en rassen dy’t geskikt binne foar de drûge rysbou. By de wiete rysbou wurde de fjilden splis set lykas ynsawa’s. De wichtichste funksje fan it splis setten istúchbestriding.

Proeffjild by de nasjonale universiteit fanTaiwan.

Yn Afrika komt in oare soarte foar,Oryza glaberrima. Dizze soarte dy’t goedresistint is tsjin sykten en pleagen en troch syn flottefegetative ûntjouwing túch oerwaakst, wurdt al iuwenlang yn ûnder oareEkwatoriaal-Guinee,Guinee-Bissau,Sierra Leone enSenegal iten. Koartlyn hat itWARDA (Afrikaansk ûndersykssintrum foar rys) rassen yntrodusearre dy’t fuortkommen binne út krusings tuskenOryza sativa subsp.japonica enOryza glaberrima. Dizze rassen binne bekend ûnder de nammeNERICA - New Rice for Africa.

Parboiled rys

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Parboiled rys is yn it tsjêf seane rys, wêrtroch’t der mearnutriïnten oerbliuwe nei itpellen fan de ryskerrel en de rys makliker ta te meitsjen is. Ek de tekstuer fan de kerrel feroaret troch it sieden.Parboiled rys wurdt al mear as 2.000 jier tapast en is foar’t neist ûntstien yn de omkriten fan dePerzyske Golf. Tsjintwurdich wurdt it in soad iten yn ûnder oare Yndia en Pakistan.

Tamakkingswetter

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tamakke rys befettet in soad fan itwetter dêr’t it yn tamakke is, de gearstalling fan dat wetter hat ynfloed op de kwaliteit fan de seane rys. De hoemannichtedrûge stof yn it wetter is fan ynfloed op it oplossingsfermogen.Hurd wetter, mei in hegepH, sil minder maklik de ryskerrels ynkomme by it berêden en de ryskerrel minder lykmjittich gear meitsje as sêft wetter mei in legere pH.

Produksje en konsumpsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foar de produksje fan rys is waarm waar en wetter essinsjeel. De wichtichste rysprodusearjende lannen lizze ynAzië. Yn de trije rispjierren tusken 2006/07 en 2008/09 waard yn trochsneed 442,4 miljoen ton, pelde, rys produsearre. Dêrfan wie it oanpart fan Azië krekt mear as 400 miljoen ton, wêrfan’tSina allinnich 128,9 miljoen ton prodesearre.[4].

De ynternasjonale hannel is beheind, jiers wurdt mar sawat 6 à 7 prosint fan de hiele rispinge eksportearre. Wichtige eksporteurs binneTailân, mei sawat 9 miljoen ton jiers, enFjetnam. Bûten Azië is deFeriene Steaten in grutte eksporteur. De trochsneed ryskonsumpsje leit wrâldwiid op 56 kilo de man jiers, wêrfan’t it swiertepunt dúdlik yn de net-ûntwikkele lannen leit. YnMyanmar wurdt de man de measte rys iten, sawat 236 kilo jiers; yn deJeropeeske Uny leit dat op sawat 5,5 kilo.[5].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2002.Rice domestication and climatic change: phytolith evidence from East China. Boreas, 31: 378–385
  2. http://news.bbc.co.uk/2/hi/science/nature/3207552.stm Yn oktober 2000 waard dit troch deBBC bekendmakke.
  3. Kim, Minkoo, 'Multivocality, Multifaceted Voices, and Korean Archaeology' in: Junko Habu, Clare Fawcett, John Matsunaga (eds.),Evaluating Multiple Narratives. Beyond Nationalist, Colonialist and Imperialist Archaeologies, New York (Springer) 2007, s.118-138,ISBN 0-387-71824-9
  4. http://www.fao.org/docrep/013/al969e/al969e00.pdf
  5. http://www.fao.org/docrep/013/al969e/al969e00.pdf
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Rys&oldid=1173659"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp