DeRyn is inJeropeeske rivier fan 1.230 km. De rivier begjint ynSwitserlân, wurdt dan de grins meiLychtenstein, dan de grins mei itEastenryk en dêrnei de grins meiDútslân. De Ryn giet fierder as de grins tusken Dútslân enFrankryk en dan troch Dútslân fierder oant er ynNederlân komt. Dêr split de Ryn him yn deWaal, deIsel en deLek. De Waal en de Lek rinne fierder nei it westen en komme úteinlik út yn deNoardsee; de Isel giet nei it noarden en komt út yn deIselmar.
De Ryn hat in streamgebiet fan 185.000 km². Njonken de Ryn sels lizze yn dit gebiet in talsydrivieren fan de Ryn, mei oaren deAre, deNekker, deMain, deMûzel, deLaan, deSiich, deRoer en deLippe,
De Ryn en deDonau foarmen it grutste part fan de ynlânske noardgrins fan itRomeinske Ryk. Sûnt dy tiid hat de Ryn altyd wichtich west foar it ferfier fan guod en minsken nei en fan de binnenlannen fan Jeropa. De Ryn hat ek altyd definsive betsjutting hân en de basis west foar regionale en ynternasjonale grinzen. De protte kastielen en prehistoaryske fortifikaasjes oan de rivier tsjûgje fan it grutte belang fan de rivier as wetterwei. Op dy plakken koe it rivierferkear tsjinhâlden wurde, meastal foar it heffen fan tol troch de steat dy't in beskaat stik fan de rivier behearske.