Rykdom ofrikens is, ynsosjaal-ekonomysk opsjoch, it besit fan in oerfloed oanjild,lân,grûnstoffen en/of oaremateriëlebesittings. Op it algemienste nivo wurdt ûnder 'rykdom' trochekonomen ferstien: alles datwearde hat. Inpersoan,mienskip,regio oflân dat in soad dingen fan wearde hat, wurdtryk neamd. It tsjinstelde fan rykdom isearmoede. It omskriuwen fan rykdom kin innormatyf proses wêze mei ferskateetyske ymplikaasjes, yn acht nommen dat it maksimalisearjen fan rykdom yn itkapitalisme, dat de wrâldekonomy dominearret, faak sels sjoen wurdt as in normatyf prinsipe. Yn2014 wie deGolfsteatKatar it rykste lân fan 'e wrâld rekkene nei lid fan 'ebefolking.
It moderne begryp 'rykdom' is fan belang op alle mêden fan 'eekonomy, mar de betsjutting is lykwols ôfhinklik fan 'e kontekst. De termen 'rykdom' en 'ryk' kinne nammentlik eksubjektyf brûkt wurde: immen út 'emiddenklasse is riker as immen út 'eûnderklasse, mar dochs kin sa'n persoan noch muoite hawwe om troch de tiid te kommen. Sa'nent sil dêrom ek net as 'ryk' omskreaun wurde. By dat wurd tinke de measte minsken oan lju mei in 'goede'baan, dy't infilla hawwe, teminsten twaauto's, intwadde hûs yn it bûtenlân, mooglik noch insyljacht en dy't rom rûnkomme kinne. De term 'superryk' of 'de superriken' ferwiist neimiljonêrs enmiljardêrs.
It wurd 'rykdom' kin ek ynoerdrachtlike sin brûkt wurde. Dan wurdt ferwiisd neigeastlike ofspirituële rykdom, by lju dy't har op it mêd fankennis, resp.filosofy ofreligy sterk ûntwikkele hawwe. Der wurdt ek wol sein dat men jin ryk rekkenje mei as mensûn is. Fierders wurdt it begryp rykdom brûkt om beskate eigenskippen oan te jaan, benammen fan dingen. Sa kin men sizze: "dit gebiet is ryk oanierdoalje", of "ditdieet is ryk oanfruchten."