Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Rush Hour (franchise)

Ut Wikipedy
Rush Hour
betinkerJim Kouf enRoss LaManna
eignerNew Line Cinema
Warner Bros.
lânFeriene Steaten
begjinjier1998
einjier2016
films
langspylfilmsRush Hour
Rush Hour 2
Rush Hour 3
tillefyzje
searjesRush Hour
muzyk
soundtracksRush Hour
Rush Hour 2
Rush Hour 3

Rush Hour is inAmerikaanskemediafranchise dy't betocht is trochsenarioskriuwersJim Kouf enRoss LaManna. It begûn mei deaksjekomeedzjeRush Hour út1998. Sûnt binne dêr twaferfolchfilms op ferskynd, mei dêrnjonkensoundtrackalbums en intillefyzjesearje. De franchise giet oer in pearplysjeresjersjeurs, deswarte Amerikaan James Carter en Lee Yan Naing útHongkong, en harren aventoeren op jacht nei ynfloedrikekriminelen yn beide lannen.

Films

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideRush Hour (film út 1998).

YnRush Hour wurdt de Han Soo-Yung (Julia Hsu), dedochter fan inSineeskediplomaat, ynLos Angeles ûntfierd troch dekrimineel Sang (Ken Leung), de rjochterhân fan 'egangster "Juntao". Harheit, Han Solon (Tzi Ma), freget deHongkongskeplysjeman Lee Yan Naing (Jackie Chan) om help, mei wa't er earder gedoente hân hat en yn wa't er sadwaandefertrouwen hat. DeFBI wol lykwols gjin bûtenlanners yn it ûndersyk nei deûntfiering behelje út eangst foar ynternasjonale ynsidinten. Sadwaande wurdt Lee oerdroegen oan itLos Angeles Police Department om him dwaande te hâlden. Dêr wurdt er keppele oanresjersjeur James Carter (Chris Tucker), by wize fanstraf foar dy syn ferrinnewearjen fan in eardereundercoveroperaasje. Carter is dêr sanidich oer dat er beslút om, mei Lee op sleeptou, de ûntfieringssaak op te lossen.

Rush Hour waardregissearre trochBrett Radner nei insenario fanJim Kouf enRoss LaManna, dat basearre wie op in idee fan LaManna. De film gie op18 septimber1998 ynpremiêre, en brocht$244,4 miljoen op tsjin inbudget fan $33 miljoen.

De Wikipedy hat ek in sideRush Hour 2.

YnRush Hour 2 is de Amerikaanske resjersjeur James Carter (Chris Tucker) ynHongkong opfakânsje om synfreon Lee Yan Naing (Jackie Chan) op te sykjen. De fakânsje falt yn it wetter troch inbomoanslach op it Amerikaanskekonsulaat, wêrby't twa Amerikaanskedûaniers omkomme. ItHongkongske Plysjekorps wiist de saak ta oan Lee, dy't Carter yn it ûndersyk behellet. Lee ûntdekt dat Ricky Tan (John Lone), de eardere plysjepartner fan syn heit, by de oanslach belutsen is. Hy en Carter geane efter Tan oan, dy't no in lieder fan 'eSineeske Triaden is.

Rush Hour 2 waard wer regissearre troch Brett Ratner nei in senario fanJeff Nathanson. De film gie op3 augustus2001 yn premiêre, en brocht $347,3 miljoen op tsjin in budget fan $90 miljoen.

De Wikipedy hat ek in sideRush Hour 3.

YnRush Hour 3 is Han Solon (Tzi Ma) ûnderwilens opklommen taambassadeur fan 'eFolksrepublyk Sina yn 'eFeriene Steaten. By intaspraak yn Los Angeles oer it gefaar dat de Triaden ynhâlde, wurdt er delsketten trochslûpmoardner, mar hy oerlibbet deoanslach. Lee Yan Naing (Jackie Chan), dy't by dy gelegenheid asliifwacht fan 'e ambassadeur fungearret, wit de slûpmoardner te pakken, mar as er sjocht dat it syn eigenpleechbroer Kenji (Hiroyuki Sanada) is, wifelet er eefkes, wat Kenji de kâns jout en ûntkom. Tegearre mei syn freon James Carter (Chris Tucker) folget Lee neitiid it spoar fan 'e slûpmoardner neiParys.

Rush Hour 3 waard ek wer regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jeff Nathanson. De film gie op30 july2007 yn premiêre, en brocht $258,1 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen.

Tillefyzje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Rush Hour (tillefyzjesearje)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideRush Hour (Amerikaanske tillefyzjesearje).

Rush Hour is inaksjesearje enplysjesearje op basis fan 'eearsteRush Hour-film, dy't ienseizoen rûn, fanmaart oant en meiaugustus2016. De searje folget de fierdere aventoeren fan 'e Amerikaanske resjersjeur James Carter (Justin Hires) en de Hongkongskeplysje-ynspekteur Jonathan Lee (Jon Foo), dy't twongen wurde ta it oangean fan in ûnwierskynlike partnerskip. De ferhalen stypje swier op 'e ynteraksje tusken Lee, dy't in regelfolger is, en Carter, dy't regels ornaris oan syn lears lapet. Der waarden yn totaal 13ôfleverings fan makke, elts mei de spyldoer fan inoere.Rush Hour waard oarspronklik útstjoerd troch ittillefyzjenetwurkCBS.

Muzyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it ramt fan 'eRush Hour-franchise binne de folgjendesoundtrackalbums ferskynd:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Rush_Hour_(franchise)&oldid=1128957"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp