Orbison waard grut yn Teksas en song yn inrockabilly/country & western band op de middelbere skoalle oant er in kontrakt krige bySun Records ynMemphis. Syn grutste súkses hie er byMonument Records yn earste helte fan de jierren 60 doe't er mei 22 fan syn lieten yn deBillboard Top Fjirtich stie, dêr sieten it bekende "Only the Lonely", "Crying", "In Dreams" en "Oh, Pretty Woman" by. Orbison syn karriêre heakke wat yn de jierren 70, mar ferskatecovers fan syn nûmers en it brûken fan ien yn in film fanDavid Lynch soargen foar it oplibjen fan syn karriêre yn de jierren 80. Yn 1988 gie er by de supergroepTraveling Wilburys meiGeorge Harrison,Bob Dylan,Tom Petty enJeff Lynne en brocht in nij soloalbum út. Orbison stoar oan inhertoanfal yn desimber fan dat jier, op it hichtepunt fan syn nije populariteit. Orbison syn libben waard tekene troch tragyk: syn frou stoar en twa fan syn bern rekken dea by twa ferskillende ûngemakken.
Orbison wie fan himsels inbariton, mar saakkundigen hawwe wol tocht datsyn stim in berik fan trije, as fjouwer oktaven hie.[1] De kombinaasje fan Orbison syn krêftige, hertstochtlike stim en yngewikkelde muzikale arranzjeminten hawwe kritisy wol yn ferbân brocht mei opera en him betitele as "deCaruso fan de Rock".[2]De fergeliking fan Orbision synstim em muzyk mei opera is ek makke troch ûnder oarenBob Dylan,Tom Waits en songwriterWill Jennings.[3] Ungelikense artysten sa asElvis Presley enBono hawwe ferklearre dat syn stim respektyflik, de grutste en meast ûnderskate is dy’t ear heard hienen.[4] Doe’t de measte manljusartysten har yn de jierren 50 en 60 mei opset sin meast sa manlik mooglik presintearren, kants sjen lieten, drukke Orbison's sangen krekt in kalm soarte, wat wanhopige kwetseberens út. Orbison syn wize fan optreden, stilsteand, apart fan de oare muzikanten, swarte sinnebril en swarte klean dienen harres foar in waas fan geheimsinnigens dat om syn persoan hinge.
Op oanstean fan syn bewûndererBruce Springsteen waard Orbison yn 1987 opnaam yn de twadde klasse fan deRock and Roll Hall of Fame. Itselde jier krige er ek in plak yn deNashville Songwriters Hall of Fame.Rolling Stone sette Orbison op nûmer 37 yn har list fan 'Grutste Artysten fan Alle Tiden' en yn 2002 setteBillboard magazine Orbison op nûmer 74 yn de Top 600 fan beste opnameartysten. Orbison helle nûmer 13 op de list ‘’The 100 Greatest Singers of All Time’’ fanRolling Stone yn 2008.
Amburn, Ellis (1990).Dark Star: The Roy Orbison Story, Carol Publishing Group.ISBN 0-8184-0518-X
Brown, Tony; Kutner, Jon; Warwick, Neil (2000).Complete Book of the British Charts: Singles & Albums, Omnibus.ISBN 0-7119-7670-8
Clayson, Alan (1989).Only the Lonely: Roy Orbison's Life and Legacy, St. Martin's Press.ISBN 0-312-03961-1
Clayton, Lawrence and Sprecht, Joe, (eds.) (2003).The Roots of Texas Music, Texas A&M University Press.ISBN 1-58544-997-0
Creswell, Toby (2006).1001 Songs: The Greatest Songs of All Time and the Artists, Stories, and Secrets Behind Them, Thunder's Mouth Press.ISBN 1-56025-915-9
DeCurtis, Anthony; Henke, James (eds.) (1992).The Rolling Stone Illustrated History of Rock & Roll, Random House.ISBN 0-679-73728-6
Lehman, Peter (2003).Roy Orbison: The Invention of An Alternative Rock Masculinity, Temple University Press.ISBN 1-59213-037-2