Rottumerplaat is in ûnbewenne Waadeilân fan 7,82 km², dat by de provinsjeGrinslân heart ûnder de gemeenteIemsmûn.
Benoarden grinzet it eilân oan deNoardsee en besuden oan deWaadsee.Westlik leitSkiermûntseach en eastlikRottumereach. Op Rottumerplaat leit it noardlikste punt fanNederlân. It eilân hat in post dêr't yn it briedseizoen twa fûgelwachters tellingen dogge.
Rottumerplaat is ûntstien nei1833. Yn earste ynstânsje wie it net mear as in sânplaat dat om1860 hinne Rottumerplaat neamd waard. Yn1950 hatRykswettersteat der instodyk oanleit, omdat der plannen wienen Rottumerplaat yn de takomst te brûken as wurkeilân foar it ynpolderjen fan deWaadsee.
Krektas Rottumereach rint Rottumerplaat stadichoan nei it easten, trochdat de westside ôfbroazelt en de eastside oanslibbet. Fan1965 oant1985 waakse de plaat oant 900 bunder, mar dêrnei kaam in omslach en tsien jier lang waard it eilân stadichoan lytser. Sûnt midden njoggentiger jierren liket it eilân wer te groeien. Benammen omdat sûnttiids in soad dúnfoarming wie oan de noardwestside fan it eilân en de ôfslach oan de eastkant stadich troch giet.
Rottumerplaat is ûnbewenne en de tagong is ferbean. It behear wurdt dien trochRykswettersteat,Steatsboskbehear en itMinistearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit. Oant1991 waard besocht de kustline te hanthavenjen. Yn1991 waard foarRottumereach en Rottumerplaat in behearsplan opsteld, wêryn bepaald waard dat it eilân tenei allinnich noch twaris jiers frijmakke wurdt fan swerfôffal.
Krektas Rottumereach is Rottumerplaat in rêst- en foerazjeargebiet foar detrijeteansgril, debûnte gril en itdûkelmantsje, en isbriedgebiet fan deeiderein, deberchein, deNoardske stirns, deblaustirns, delytse stirns, it dûkelmantsje en debûntbekstirns. Sûnt1996 hat deklikstirns in oantal jierren op Rottumerplaat bret, mar is dêr no wer ferdwûn.
Yn1971 brochten de skriuwersJan Wolkers enGodfried Bomans elk in wike troch op it eilân, yn de fakânsje fan de fûgelwachters. Bomans wie dêr fan10 july oant17 july, en Wolkers fan17 july oant24 july. Harren ienichste ferbining mei de bûtewrâld bestie alle dagen út in koart radiocontakt meiVARA-meiwurkerWillem Ruis, dy't yn in hotel ynWarffum siet. Wolkers brocht ferslach út fan wat er meimakke ynGroetnis fan Rottumerplaat (1971); it deiboek fan Bomans ferskynde ynOp Reis rond de Wereld en op Rottumerplaat (1972).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |