Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Roos Tarpals

Ut Wikipedy
Roos Tarpals
personaazje útStar Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeGungaansk
nasjonaliteitGalaktysk
berop/amtmilitêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Rugor Nass
Jar Jar Binks
Padmé Amidala
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1999

Roos Tarpals (útspr.: [ˈɹuːs ˈtɑɹpɑlz], likernôch: "rûûstar-pals") is infiktyfpersonaazje fan minder belang út 'eStar Wars-franchise fan 'eAmerikaanskefilmmakkerGeorge Lucas. Hy ismilitêr oanfierder fan 'eGunganen, in ras fanbûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'eplaneetNaboo. It personaazje waard yntrodusearre yn 'efilmStar Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) en hie ek ingastrol yn 'etekenfilmsearjeStar Wars: The Clone Wars. Tarpals waard hielendal meispecial effects staljûn; syndialooch waard yn 'e film ynsprutsen trochSteve Speirs en yn 'e searje trochFred Tatasciore.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnThe Phantom Menace

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Roos Tarpals isberne op 'eplaneetNaboo. Hy begjint al jong inkarriêre asmilitêr yn itleger fan 'eGunganen en klimt troch derangen op takaptein fan 'e wacht yn 'e ûnderwetterstêdOtoh Gunga, op 'e boaiem fan 'e Paongamar. As sadanich fiert er de opdracht fan 'e Gungaanske foaroanmanbaas Nass út om 'e knoffeligeJar Jar Binks omreden fan syn ûnopsetlike fernielsucht út 'e stêd te warjen. As dyselde ûnder de ynvaazje fan Naboo troch deHannelsfederaasje weromkeart asgids foar deJedi-riddersQui-Gon Jinn enObi-Wan Kenobi, nimt Tarpals him yn 'e hechten. Mar Jar Jar wurdt neitiid troch baas Nass oerdroegen oan master Qui-Gon.

Nei't se de minsklike stêden op it drûge fan Naboo beset hawwe, keare deandroïdelegers fan 'e Hannelfederaasje har tsjin 'e Gungaanske stêden ûnder wetter, nettsjinsteande deneutraliteit fan 'e Gunganen. Baas Nass lûkt him mei syn folk werom op harrenhillige plak, djip yn 'esompen. Dêr is Tarpals oanwêzich by deûnderhannelings tusken Nass en de NabooaanskekeninginnePadmé Amidala, dêr't inmilitêr bûnsgenoatskip tsjin 'e Hannelsfederaasje út berne wurdt.

Om Jar Jar Binks te earjen foar syn rol yn it gearbringen fan harren beide folken, beneamt Nass him tageneraal fan it Gungaanske leger. As dat leger letter opmarsjearret tsjin 'e oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje, is de knoffelige Jar Jar lykwols inkeld yn namme de oanfierder. De wiere lieding is yn 'e hannen fan Tarpals, dy't de fijân yn 'e Slach op 'e Gerzige Fjilden dwaande hâldt oant de jongeAnakin Skywalker itflaggeskip fan 'efloat fan 'e Hannelsfederaasje ferneatiget, mei as gefolch dat alle androïden yn 'e sliepstân geane. Underwilens nimt keninginne Padmé yn it keninklikpaleis yn 'e NabooaanskehaadstêdTheedNute Gunray, deûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje,kriichsfinzen, wêrmei't de oarloch einiget.

Neitiid nimt kaptein Tarpals diel oan inoerwinningsparade troch de strjitten fan Theed, dêr't hy, Jar Jar, baas Nass en de Gungaanskesoldaten lûd tajûchheid wurde troch de Nabooaanskebefolking.

YnThe Clone Wars

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Under deKloane-oarloggen jout Tarpals, dy't tsjin dy tiid opklommen is ta de rang fan generaal, gehoar oan 'e oprop fan 'eJedi-masterYoda, dy't freget om Gungaanskefrijwilligers foar de striid op 'e planeetMon Cala. Om't de Gunganenamfibyen binne, kinne se op 'e oseaanwrâld Mon Cala nammentlik better út 'e fuotten asminsken of in hiel soad oarsoartigebûtenierdske wêzens. Tarpals jout him by in detasjemint Gunganen, dat ûnder de nominale lieding fan ôffurdige Jar Jar Binks op Mon Cala meifjochtet mei dekloansoldatedûkers út it Grutte Leger fan 'e Republyk en de lânseigenMon Calamari en Quarren tsjin 'e androïdelegers fan 'eseparatistyskeKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels.

Letter yn 'e oarloch fiert de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels in nije ynvaazje fan Naboo út, wêrby't besocht wurdt om op snoade wize de Gunganen tsjin 'e minsklike Nabooanen op te setten. Tarpals en Jar Jar Binks binne nau belutsen by it foarkommen fan dat plan. Yn 'e striid slute Tarpals en ferskate oare Gunganengeneraal Grievous yn, de fijannige befelhawwer. Dyselde weeft handich ôf mei de oaren en nimt it dan yn inman-tsjin-mangefjocht op tsjin Tarpals. Hoewol't de Gungaanske generaaldeadlikferwûne rekket, wit er Grievous langernôch út te skeakeljen dat erkriichsfinzen nommen wurde kin. Letter moat Grievous lykwols wer frijlitten wurde asgreve Dooku it libben fanAnakin Skywalkerbedriget.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

 
personaazjes útStar Wars
 yntrodusearre ynA New HopeRaymus Antilles •Wedge Antilles •C-3PO •Chewbacca •Biggs Darklighter •Jan Dodonna •Obi-Wan Kenobi •Beru Lars •Owen Lars •prinsesse Leia Organa •R2-D2 •Luke Skywalker •Han Solo •Wilhuff Tarkin •Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian •Boba Fett •keizer Palpatine •Firmus Piett •Yoda
 yntrodusearre ynReturn of the JediGial Ackbar •Bib Fortuna •Jabba de Hutt •Mon Mothma •Anakin Skywalker •Wicket
 yntrodusearre ynThe Phantom MenaceSaché Adova •Mas Amedda •Eirtaé Ballory •Sio Bibble •Depa Billaba •Jar Jar Binks •Adi Gallia •Nute Gunray •Qui-Gon Jinn •Ki-Adi-Mundi •Eeth Koth •Plo Koon •Darth Maul •Rugor Nass •Padmé Amidala •Quarsh Panaka •Even Piell •Yarael Poof •Oppo Rancisis •Sabé •Sebulba •Shmi Skywalker •Darth Sidious •Aurra Sing •Roos Tarpals •Saesee Tiin •Rabé Tonsort •Finis Valorum •Watto •Mace Windu •Yaddle
 yntrodusearre ynAttack of the Clonesgreve Dooku •Jango Fett •Kit Fisto •Agen Kolar •Cliegg Lars •Bail Organa •Poggle de Mindere •Aayla Secura •Shaak Ti •Darth Tyranus •Luminara Unduli
 yntrodusearre ynRevenge of the SithStass Allie •generaal Grievous
 yntrodusearre ynThe Force AwakensBB-8 •Kaydel Ko Connix •Poe Dameron •Finn •Armitage Hux •Maz Kanata •kaptein Phasma •Kylo Ren •Rey •Snoke
 yntrodusearre ynThe Last Jedi Larma D'Acy •DJ •Amilyn Holdo •Rose Tico
 yntrodusearre ynThe Rise of SkywalkerZorii Bliss •D-O •Jannah •Enric Pryde •Ben Solo
 yntrodusearre ynThe Clone Wars(film)Ahsoka Tano •Asajj Ventress •Ziro de Hutt
 yntrodusearre ynRogue OneCassian Andor •Galen Erso •Jyn Erso •Saw Gerrera •Chirrut Îmwe •K-2SO •Orson Krennic •Baze Malbus •Raddus •Bodhi Rook
 yntrodusearre ynSoloTobias Beckett •L3-37 •Enfys Nest •Qi'ra •Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger •Din Djarin •Grogu •Kanan Jarrus •Bo-Katan Kryze •Satine Kryze •de Mandaloriaan •Savage Opress •Fennec Shand •Sifo-Dyas •Hera Syndulla •Sabine Wren •Kazuda Xiono
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Roos_Tarpals&oldid=1080989"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp