Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Romeinske Ryk

Ut Wikipedy
De Romeinen op harren pyk

ItRomeinske Ryk (Latynsk:Imperium Romanum) wie in histoaryskryk dat it gebiet om deMidlânske See omfieme. It ûntstean wurdt meastentiids datearre mei it oantrêden fanAugustus oan it begjin fan de jiertelling en einiget mei it opdielen fan it ryk yn in westlik en eastlik part (395). It hiele gebiet om de Midlânske See hinne hearde by it ryk en it omfieme ek West-Jeropa bûtenIerlân. It wie de opfolger fan deRomeinske Republyk en hieRome as sintrum fan de macht.

Oarsprong en útwreidzjen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
KeizerAugustus

It ferskil mei de Republyk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út depolis fanRome yn it gea fanLatium ynItaalje, neffens de leginde stifte yn753 f.Kr. trochRomulus en Remus.Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f.Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f.Kr. waard keningTarquinius Superbus de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (itRomeinske leger) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear iuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastereRome it hieleMiddellânske See gebiet. Earst wieKartago oan bar, dêrnei waarden dehellenistyske steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.

De oergong nei it keizerryk wie in tiid mei in protte argewaasje.Caesar enAugustus stiften in ryk dat ûnder keizerTrajanus syn grutste omfang krije soe. It rikte fanSkotlân oantMauritaanje, fan dêr oantSûdan en deIraanske heechlannen,Georgje, deKrim, bylâns deDonau en deRyn oan de Nederlânske kust ta.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Oerbliuwels fan in Romeinskefort yn Hardknott,Cumbria,Ingelân.

Yn dat mânske ryk waard in protte talen sprutsen, mar twa talen wiene fan algemien belang: itLatyn yn it westen en itGryksk yn het Hellenistyske easten. De bestjoerders en de yntellektuele elite sprutsen beide talen aslingua franca.

De Romeinen koenen dat grutte gebiet behearskje troch in "ferdiel en hearsk" polityk. Guon boargers dy't loyaal meiwurken krigen it fûl begeardeRomeinsk boargerrjocht. Opmerklik yn dat ferbân is de wize wêrop't de Romeinen mei harren kultuer en godstsjinst omgongen: de Romeinen namen "nije" goaden fan ynlive folken maklik op yn harren "Pantheon" en salang't de keizer (Rome) mar erkend wurde (en de dêrby hearrende plichten neikommen waarden) koe fierder elkenien neffens de eigen kultuer en godstsjinst libje neist oaren. Bûten in superieur leger wie dat in grûnslach foar de "Pax Romana" dy't iuwenlang in wisse rêst brocht en de hannel en wittenskip befoardere.

Opdieling fan it ryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De splitsing fan it Romeinske Ryk

Troch it ôfgryslik grutte gebiet dat it Ryk besloech, waard it hieltyd slimmer it hiele ryk as ienheidsteat ta bestjoeren. Foaral om't de ferskate provinsjes útienrinnende behoefte en problemen hienen dy't in ferskillende oanpak frege. Om300 hinne waard dêrom it Ryk bestjoerlik ferdield yn inGryksktalich eastlik part enLatynsk westlik part. It doel wie dat it ryk nei bûten ta as in ienheid funksjonearje bliuwe soe ûnder ien inkel regear. Mar yntern en dan foaral op militêr-definsyf, ekonomysk en belestinggebiet, soenen de twa dielen safolle mooglik foar harren sels soargje. Nei ferrin fan tiid evoluearre dat systeem nei inde facto ferdieling. Yn330 waard troch keizerKonstantyn de Grutte ek de haadstêd ferpleatst fan Rome neiByzantium yn it ekonomysk en militêr wichtige eastlik part. Byzantium waard omdoopt taNova Roma mar wie al gau better bekend asKonstantinopel (=De stêd fan Konstantyn). Yn395 wie it ryk foargoed ferdield yn in westlik en eastlik part. Konstantinopel bleau de algemien erkende haadstêd fan it eastlike part mar yn it westen wiksele de haadstêd inkele kearen. Dat joech ek de ûnwisse tastân yn it West-Romeinske Ryk oan. Nei Rome waarden efterinoarMilaan,Trier enRavenna haadstêd fan itWest-Romeinske ryk.

De komst fan itkristendom betsjutte in grutte omkear foar it Ryk. Mei ynearsten swiere ferfolgings fan de kristenen omdat dizzen gjin godlike eare oan de keizers en de Romeinske goaden bewize woenen, waard it kristendom yn313 troch Konstantyn erkend en yn392 troch keizerTeodosius I sels oantsteatsgodstjinst ferheft. Doe waarden de rollen omkeard en brutsen der foar net-kristenen swiere tiden oan.

De ein klassikerfan it West-Romeinske Ryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de earste iuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fanfoederaty. Fan de4e iuw ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. Asfoederaty krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykasArminius,Julius Civilis enAlarik – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn395 soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.

Troch opstannen en rebûlje yn de5e iuw sette de Romeinske hearskippij harren fierder del en waarden de foederaty yn it westlik ryk hieltyd ûnôfhinkliker. Sy kamen wol gauris yn opstân en likernôch455 ûntstie der yn sitewaasje dat it sintraal gesach gjin belestingsinten mear binnen krige. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen de leie sels yn hannen, hja stiften eigen keninkriken.

Yn it leger wie in parallelle ûntwikkeling geande. Sûnt de twadde helte fan de 5e iuw waard de militêre krêft fan it leger sawat alhiel basearre op foederaty ienheden. Yn451 koeAttila deHun allinnich ferslein wurde mei help fan de foederaty (Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen). Op it lêst wie ien fan dizze foederaty, de Germaanske stam fan deHerulen, ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. Harren lêste keizerRomulus Augustulus waard yn476 ôfset troch de oerbefelhawwer fan it leger, de GermaanOdoaker.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons Commons: Ancient Rome – foto, fideo en harktriemmen
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Romeinske_Ryk&oldid=1000319"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp