Dizze side giet oerde Romantykstreaming yn 'e keunst. Foar it gefoel, sjoch:romantyk (leafde).
DeRomantyk wie in rjochting yn 'eEuropeeskekeunst,muzyk enliteratuer mei gefoel en ferbylding op 'e foargrûn (einachttjinde-, begjinnjoggentjinde iuw). Dêrneist gong it benammen om de leafde en it langstme nei it ferline; neimearkes,sêgen en âlde folksferhalen.
It wie diels in reäksje op deYndustriële Revolúsje,[1] en ek rebûlje tsjin de aristokratyske sosjale en politike noarms fan deFerljochting en in reäksje op de wittenskiplike rasjonalisaasje fan de natuer.[2]
De Romatyk hie teffens in grutte ynfloed op de skiedskriuwing,[3] it ûnderwiis[4] en de natuerwittenskippen.[5] Ek op de polityk hie it frijwat effekt; op it hichtepunt fan de Romantyk waard dy faak assosjearre meiliberalisme enradikalisme. Op de lange doer hat it effekt op de groei fan itnasjonalisme faaks it meast wichtich west.
De Romantyk yn de muzyk oppenearret him ûnder oare yn it wurk fan de operaskriuwerRichard Wagner. Oare ferneamde romantisy binne ûnder oarenJohann Wolfgang von Goethe,Johann Gottlieb Fichte,Caspar David Friedrich,John Keats,Johann Gottfried von Herder,Arthur Schopenhauer,Samuel Taylor Coleridge,Jean-Jacques Rousseau,William Wordsworth,William Turner,Friedrich Wilhelm Schelling,Guido Gezelle enPercy Bysshe Shelley. Yn Nederlân wurde letterkundigen asRhijnvis Feith,Willem Bilderdijk,Multatuli en ek in politikus asJohan Rudolph Thorbecke ta de romantisy rekkene.
De meast ferneamde skriuwers út de Fryske Romantyk binne debruorren Halbertsma, bakkerssoannen útGrou.